In laits en in trien - Reisverslag uit Kisléta, Hongarije van Familie Meer - WaarBenJij.nu In laits en in trien - Reisverslag uit Kisléta, Hongarije van Familie Meer - WaarBenJij.nu

In laits en in trien

Door: Renske

Blijf op de hoogte en volg Familie

13 Augustus 2013 | Hongarije, Kisléta

En dit wurdt dan it lêste stikje oer dizze fakânsje. Ofrûne wike hawwe de twa suskes en Ylse delwest. Earme Jelle en Feije, mar leafst trije froulju ekstra. Foaral Jelle (bynamme Julio) moast it sa no en dan ûntjilde. Mar it wie o sa gesellich, we hawwe in protte wille hân.
We binne begongen mei in besite oan it grottebad yn Miscolc-Tapolca. Dit woenen de famkes perfoarst sjen litte oan de oaren. En om it waar koe it wol, de hiele wike wie it sa’n 38 graden. Dan is it bêst lekker om te swimmen. Tongersdei rêstich oan dien, middeis lekker op in terras sitten. Freed hienen we ôfpraten mei Nelly yn Debrecen, koenen de fammen gelyk te shoppen! Op de weromreis hearlik iten (op syn Hongaarsk mei in houten board fol fleis). Sneon hienen Tjitske en Ymkje in feestje fan ien fan de freondinnen en hawwe wy swommen yn Nyirbátor. In besite oan Eger mocht net ûntbrekke. Op Budapest nei fyn ik dit oant no ta it moaiste plak fan Hongarije mei in âlde burcht en gesellige strjitsjes mei winkels. We hawwe de wike ôfsletten mei in boattochtsje oer de Tisza fanút Tokaj. Ek noch even de berch opriden, dit fûn Brecht hiel eng mar se hat it dochs mar even dien!
Fansels hawwe we sa no en dan ek noch even yn it tehûs west. We hawwe appeltaarten bakt foar ferskillende ôfdielingen, dit fûnen se in geweldige ferrassing! Beppe har resept giet hiel Kisléta en omkriten troch.
Ylse fûn it dochs wol in bytsje eng yn it tehûs mei al dy bern dy’t sa raze en oan je sitte. Fierder hat se wol genoaten fan alles en se wie o sa leaf! Feije moast fannemoarn gûle doe’t se wer fuortrieden (en ik ek ). Ach ja, oan alles komt wer in ein!
Feije hie Pytsje ek al oan it gûlen. We rieden by in begraafplak del en doe hie er it oer Lazi, ien fan de bewenners dy’t twa jier lyn stoarn is). Hy fertelde Pyt dat we noch nei him ta moasten omdat it wol syn allerbêste freon wie! It kaam der sa oprjocht út dat Pytsje der fan gûle moast.
Even letter frege Brecht hoe âld Lazi dan wurden wie. Achtentweintich, sei ik. Dat fûn Feije al hiel âld. O dankewol, sei Brecht, ik bin sânentweintich. Hiel ferheard sei Feije: Bisto al boppe de tweintich.?! Oft er no fûn dat se der sa jong útsjocht of dat se har sa bernich gedraacht dat litte we mar yn it midden!
Yn Eger hie er ek in prachtige útspraak. We stienen te wachtsjen foar de trein. De bomen wienen al in pear minuten ticht, it duorret hjir soms even foar’t der wat komt. Twa minsken mei in fyts rûnen oan de ferkearde kant fan de bomen del en gongen doe op ien fan de rails stean. Wy fûnen dit nochal dom en gefaarlik. No, seit Feije, dat neam ik net domme minsken, dat neam ik sukkels!
Hjoed ôfskied nommen fan eltsenien en dan moarn wer op nei hûs. It is wer omflein mar we hoopje hjir gau wer te kommen. Tige tank foar alle aardige reaksjes en oant in oare kear.

  • 15 Augustus 2013 - 08:08

    Eva:

    Hoi familie

    Jullie verhalen waren weer prachtig en geven ons een mooi kijkje in het leven daar.

    Bedankt!

  • 20 Juli 2014 - 13:25

    Tjitske Noordstra:

    sorry dat ik net belle ha in fyne fakansje de gr oan elk gr memxxx

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Verslag uit: Hongarije, Kisléta

Mijn eerste reis

Recente Reisverslagen:

24 Augustus 2017

Útstapkes

21 Augustus 2017

Alle doazen binne fuort.

15 Augustus 2017

Rûnbringen 2017

31 Augustus 2016

In 'ongenode gast'

21 Augustus 2016

Even byprate
Familie

In december reizen wij met het hele gezin naar Hongarije. De bedoeling is dat wij hier 8 maanden vrijwilligerswerk in een kindertehuis gaan doen.

Actief sinds 29 Sept. 2009
Verslag gelezen: 1650
Totaal aantal bezoekers 211363

Voorgaande reizen:

28 December 2009 - 22 Augustus 2010

Mijn eerste reis

Landen bezocht: