Nije ûntwikkelingen yn de tehuzen - Reisverslag uit Kisléta, Hongarije van Familie Meer - WaarBenJij.nu Nije ûntwikkelingen yn de tehuzen - Reisverslag uit Kisléta, Hongarije van Familie Meer - WaarBenJij.nu

Nije ûntwikkelingen yn de tehuzen

Door: Renske

Blijf op de hoogte en volg Familie

28 Juli 2014 | Hongarije, Kisléta

Sneintemoarn om kertier oer achten út Mantgum weigongen. Earst gong it frij flot, letter wienen der in soad snelheidsbeperkingen fanwegen it waarme waar (yn it asfalt sieten allegearre bobbels). Healwei de earste dei kamen we der achter dat de flesse wetter troch Feije lekprikt wie. Alles wie út de tas lekt en de lêste wask dy’t ik meinommen hie, wie dweiltrochwiet wurden. De rest fan de reis hat dat lekker broeid en hienen we in switsokkelucht yn auto hingjen.
Moandei wienen we al frij betiid yn Bruck an der Leita, dêr woenen de bern graach oernachtsje omdat der in swimbad by it hotel is. Lekker swommen en hearlik iten op it terras fan de pizzeria. De lêste dei fan de reis hienen we in soad reinwetter. Om healwei trijen wienen we dan yn Kisléta, it hiele tehûs stie wer op syn kop. Ik foel hast om, safolle bern sprongen op my ôf.
Yn ’ekunde kommen mei alwer in nije direktrise. De foarige wurket hjir noch wol mar hat in oare funksje krigen. It leit nochal gefoelich. Sil wol wer in polityk dinkje wêze.
Fan in Nederlanner dy’t we yn Nyírbátor troffen en dy’t in soad kontakt hat mei minsken dy’t sok wurk dogge, hawwe we it ien en oar heard. It skynt sa te wêzen dat ynkoarten alle tehuzen in stik skriuwe moatte dêr’t harren besteansrjocht út bliken docht. Yn Kisléta is it wol dúdlik dat de bern dy’t der binne net thús wenje kinne. Foar de opfangtehuzen jildt dat net hielendal. De Kinderbescherming hjir hat bepaald dat bern safolle mooglik yn pleechgesinnen ûnderbrocht wurde moatte. De tehuzen bliuwe wol mar moatte oantoane dat se nedich binne, bygelyks as se spesjalisjearre binne yn autistyske bern. It tehûs hjir en de skoalle + deibesteding wurde no ek loskeppele fanelkoar as ik it goed begrepen haw. Yn elts gefal jout it in soad stress en witte de minsken net goed wêr’t se oan ta binne.
Woansdei soe de frachtauto mei de doazen komme. De hiele dei hawwe we wachte, wienen suver al wat ûngerêst. Nei seizen krigen we in sms dat er jûns oankomme soe, hy hie fertraging fanwegen it minne waar. Tongersdeitemoarn om acht oere wienen we presint om út te laden. Der binne 462 doazen en noch wat losse spullen om út te dielen. Alles sortearre op kleur (dit wurket perfekt) en de middeis in list makke wêr’t alles hinne moat.
Dêrnei om in waskmasine út west, want de oare hat it bejûn en dêr kin ik echt net sûnder. Middeis mei wat bern te kuierjen west. Freed koenen we om ynternet út. Dat hie nochal wat fuotten yn de ierde. Earst wie it kaartsje ferrûn. Hienen we dat regele, noch gjin kontakt. Werom nei de winkel, fan alles besocht. Die bliken dat ek de usb stick kapot of te âld wie. Nei in healoere hienen se it klear!
De foarige direktrise soe foar ús belje nei de man dêr’t we foarige kear de karrre hierd hawwe. Bale: alle tichte karren binne nije wike yn Dútslân. Lokkich hienen se noch in oar adres. Sneintemoarn om acht oere soenen we ophelle wurde troch de nije direktrise om dêr te sjen. Dit is ûndertusken bard en we hawwe ien. Wat lytser as de foarige kear mar it past.
Dit wykein hawwe we in bytsje fakânsje holden. Te winkeljen west yn Debrecen en hjoed te swimmen. Moarn sille we los mei it rûnbringen!


  • 29 Juli 2014 - 07:59

    Hennie Annema :

    Goeiemoarn allegear, ik lêz wol, it wie allegear in hiel O heden mar it is slagge gelokkich. Jimme dogge wer in protte goed wurk, genietsje wiens ek in bytsje fansels en dogeniet Feije moat se allegear mar efkes om syn tomme wike dan komt it ek wol goed. Groeten fan my

  • 29 Juli 2014 - 12:37

    Jan Pasma:

    Goeiemiddei dêre, moai dat jimme wer te stoel en te bank binne en ek noch in knappe karre op de kop tikke hawwe. En hoe sit dat, binne waskmasines yn Hongarije ek goedkeaper? Oars is it wol wer in rib út it liif en dat oan it begjin fan de fakânsje. Wat ik my ek ôffreegje is hoe't Feije in wetterflesse lek prikke kin. Dy jonge hat wol talint foar healwize dingen moat ik sizze. Haw juster skille mei Jelle syn âlden nei ús telefoanpetear en sein dat jimme it goed meitsje, mei no moai waar nei it reinwetter fan de reis.
    Hjir fierders gjin nijs, dat ik hâld der earst wer mei op.

    Groetnis en in dikke tút, heit

  • 29 Juli 2014 - 22:09

    Familie Van Der Meer:

    Ha heit,
    Spitich mar dat spul is hjir net echt goedkeaper. We hawwe fansels wol ien fan de goedkeapsten útsocht, en net in hiel grutten. De foarige wie doe fuort al net hielendal goed, it betonblok wie der doe al hiel gau ûnderwei fallen. Dat hat der wierskynlik foar soarge dat de masine no ek earder stikken gong.
    En oer de flesse: dy lei der al in skoftke en Feije hie him dus in kear brûkt om mei te eksperimentearjen. Wy hawwe de gatsjes noait sjoen en dy hampelman hat fansels ek neat sein. De flesse rûn hiel stadich leech, der siet twa liter yn en dat is nochal wat!

  • 30 Juli 2014 - 07:28

    Grutte:

    Yn goeie reis han begryp ik, buten it gestjonk fan de sokken. Restich oan alles op syn tijd.
    groetjes ut Boksum

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Verslag uit: Hongarije, Kisléta

Mijn eerste reis

Recente Reisverslagen:

24 Augustus 2017

Útstapkes

21 Augustus 2017

Alle doazen binne fuort.

15 Augustus 2017

Rûnbringen 2017

31 Augustus 2016

In 'ongenode gast'

21 Augustus 2016

Even byprate
Familie

In december reizen wij met het hele gezin naar Hongarije. De bedoeling is dat wij hier 8 maanden vrijwilligerswerk in een kindertehuis gaan doen.

Actief sinds 29 Sept. 2009
Verslag gelezen: 222
Totaal aantal bezoekers 211473

Voorgaande reizen:

28 December 2009 - 22 Augustus 2010

Mijn eerste reis

Landen bezocht: