Noch in pear ritsjes. - Reisverslag uit Kisléta, Hongarije van Familie Meer - WaarBenJij.nu Noch in pear ritsjes. - Reisverslag uit Kisléta, Hongarije van Familie Meer - WaarBenJij.nu

Noch in pear ritsjes.

Door: Resnke

Blijf op de hoogte en volg Familie

02 Augustus 2014 | Hongarije, Kisléta

Sechstich doazen yn Mérk brocht. We waarden earst yn de wachtkeamer delsetten want der moast noch in tolk optrommele wurde. Se hienen noch net troch dat we ek wol aardich Hongaarsk prate kinne. Mar ik moat tajaan dat in tolk soms wol handich is, de details wurde sa wol dúdliker. Yn dit (âlderein)tehûs binne se drok dwaande mei nije dingen. Yn it doarp wurde ien of meardere lytse huzen boud dêr’t de psychiatryske pasjinten komme te wenjen, ûnder begelieding fansels. De âlderein bliuwt yn it grutte tehûs. We hawwe noch even troch it tehûs west en mei wat minsken praten. In frou fan fiifennjoggentich hat even foar ús songen, prachtich!
Om alve oere sieten we al te iten, want we moasten perfoarst bliuwe foar it middeisiten.
Foar Nabrád hienen we doazen mei klean foar alle leeftiden. De mailtsjes dy’t we stjoerd hienen, krigen we werom. It wie dêrom in grutte ferrassing dat we kamen. De direktrise hie krekt fakânsje, mar waard fuort opbelle. Ien fan de memmen, dy’t goed Dútsk praat, kaam ek del. In skoftke lyn hawwe se meidien oan in aksje fan de Ikea op facebook. De twa ynstituten mei de measte likes krigen 7000 euro. Sy wienen by de earste twa en koenen no allegearre nije kasten en oare meubels útsykje. In pear mannen fan de Ikea hawwe fiif dagen west om alles yn elkoar te setten. Wat in geweldige aksje, it seach der echt prachtich út!
It siet de twa froulju dwers dat se fantefoaren net wisten dat we kamen. Dêrom binne we foar tiisdei útnoege. Ik bin benijd wat ús te wachtsjen stiet.
Tongersdeitemoarn mocht ik earst kadootsjes útpakke omdat it myn jierdei wie. Feije hie wat knutsele, tante Tryn hie in boek meijûn en fan Tjitske krige ik: to do listjes (omdat mem altyd listjes skriuwt), twa stabilopinnen yn in etui (omdat mem altyd dy fan my jat) en in neilboarsteltsje (dy fûn ik sa grappich).
Nei it iten fluch ynladen en nei Gönc riden. In lange rit, twa oeren en fjirtich minuten. Wol in hiel moai part fan Hongarije, mei bergen en in soad wynranken. Net in soad grutte plakken yn de buert, Miskolc is it tichtsteby. De direktrise fan dit opfangtehûs wie o sa bliid dat we Hongaarsk sprutsen, want sy koe mar in hiel lyts bytsje Dútsk. In rûnlieding krigen, fan bûten seach alles der hiel ferfallen út mar binnen wie it hiel kreas. Se hawwe wol harren bêst dien om der wat fan te meitsjen foar de bern. De direktrise fertelde dat se miskien takom jier ferhúzje soenen nei in lytser mar nijer gebou.
Op de weromreis soenen we ite yn in restaurant. Dêr sit wer in hiel ferhaal oan fêst. We hienen frege oft it mooglik wie om dêr te iten. Dat koe, we krigen de kaart en de ober begûn in hiel ferhaal oer it deimenu. Wat drinken besteld en dêrnei kaam er om de bestelling op te nimmen. Wy bestelden spagetty (stie op de kaart). Nee, it wie allinne mooglik om it deimenu te bestellen. Ok, tochten wy, dan hat er miskien krekt wol útlein dat de grutte kaart allinne foar jûns is en dat we no of it deimenu of in broadsje bestelle kinne. Dan mar in broadsje, mar ek dat koe net. Wy begripe noch net wêrom’t we dan wol in kaart yn ’e hannen drukt krigen. Dus allinne wat dronken en letter yn de supermerk in broadsje kocht. Let thús mar fuort mar ynladen foar freed. Om seis oere de rekken foar de karre betelle en doe nei de pizzeria gongen om myn jierdei echt te fieren. It wie lekker, fansels noch in ijsje nei hân 

  • 02 Augustus 2014 - 17:11

    Grutte:

    it is hjier ek noch echt ijs waar. Tige warm mar meestal wol mei in suchje wyn. Moai om te hearen dat sa allegear noch bliid binne mei us spullen. Ha jimme no alles run of ???
    Leuk he sa'n kaart wert je niks fan bestelle kinne, liket krekt echt.
    Omke Hindrik is drok mei syn hus bezig ot jimme werom binne sit it wer hielendal yn de ferve.
    Fierders niks bysunders ut de grutte sted Boksum. Groetje en oant sjen. Tryn

  • 04 Augustus 2014 - 10:17

    Beppe:

    hoi allegearre hjir in berichtsje ut frentsjer wat moai dat it slagge is mei it runbringen. wy binne freed wer werom kommen wy hawwe in hiel moaie wike hawn mei sinne en rein .ik haw fan pytsje begrepen dat jimme no echt oan it fakansje fieren binne genietsje erfan .groetjes en in tut mem

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Verslag uit: Hongarije, Kisléta

Mijn eerste reis

Recente Reisverslagen:

24 Augustus 2017

Útstapkes

21 Augustus 2017

Alle doazen binne fuort.

15 Augustus 2017

Rûnbringen 2017

31 Augustus 2016

In 'ongenode gast'

21 Augustus 2016

Even byprate
Familie

In december reizen wij met het hele gezin naar Hongarije. De bedoeling is dat wij hier 8 maanden vrijwilligerswerk in een kindertehuis gaan doen.

Actief sinds 29 Sept. 2009
Verslag gelezen: 330
Totaal aantal bezoekers 211293

Voorgaande reizen:

28 December 2009 - 22 Augustus 2010

Mijn eerste reis

Landen bezocht: