In drok wykein - Reisverslag uit Kisléta, Hongarije van Familie Meer - WaarBenJij.nu In drok wykein - Reisverslag uit Kisléta, Hongarije van Familie Meer - WaarBenJij.nu

In drok wykein

Door: Renske

Blijf op de hoogte en volg Familie

05 Augustus 2014 | Hongarije, Kisléta

De ôfrûne dagen hiel wat belibbe. Freed nei it Reade Krús yn Nyíregyháza west. Earst mei in pear doazen en oare spullen sa as: in sentrifúzje, naaimasine, tafelstoel en buggy. De twadde rit nochris 50 doazen brocht. Se wienen der o sa wiis mei, bliid dat se net fergetten wurde. Der komt hieltyd minder jild binnen en se moatte dus op dizze manier rûnkomme. It Reade Krús helpt hjir foaral yn sosjale ynstellingen. Fansels moasten we wat drinke en gebak ite.
Doe gau nei Kisléta riden foar it middeisiten want we wienen útnoege om mei te gean mei it personielsreiske. Middeis om twa oere moasten we by it tehûs wêze en soenen dan mei de bus nei Nagykáló. We wienen hiel nijsgjirrich wat ús te wachtsjen stie want fierder waard der neat ferteld. It buske brocht ús nei in plak yn de bosk, lekker yn it skaad. Der stienen ferskillende aktiviteiten op it programma. It wichtichste wie it itensieden. Der stienen gasflessen en grutte tsjettels klear en alle groepen moasten wat klearmeitsje. In sjuery soe beoardiele hokker groep it bêste wie, mar ik bin der noch net achter hokker groep wûn hat. We hawwe wol hearlik iten! Der koe toulutsen wurde, der wie in hoelahoepwedstryd en hiel ynteressant: in wedstryd foar de mannen: wa hat de moaiste búk? Jûns wie der noch muzyk en koe der dûnse wurde. Fansels waard der ek genôch alkohol nuttige. De froulju hawwe by fersin palinka preaun: dat siet yn in flesse dêr’t normaal drinkwetter yn sit en it liket op wetter. It wie ien kear en noait wer! Ien fan de meiwurkers hie wat tefolle dronken en foel op de grûn. Feije wie dêr bot fan ûnder de yndruk. Hy hat letter wol tsien kear frege oft it wol wer goed kaam.
De oare moarns al wer betiid der ôf, want we hienen ôfpraten mei Pisti en Kati yn Nagykörös. Trije oeren yn auto sitten en in part dêr fan oer in ferskriklik minne dyk. Se wienen der no wol oan it wurk, oare kear moat it better wêze. It iten stie al klear doe’t we oankamen! Ik bin bang dat we hiir hielendal tichtgroeie. Lekker gebak nei  It wie fijn om by te praten, de hiele middei yn it Hongaarsk. De mem fan Kati, nagymama, wie der ek. It âld minske hat mar raak tsjin my eamele. Earst koe ik it noch wol folgje, letter op de middei wie ik sa wurch dat dat net mear sa goed slagge. Se hat wol tsien kear sein hoe moai as se it fûn om ús wer te sjen. We moasten ek perfoarst ôfprate mei George en Maria, se hat it fuort regele doe’t Maria belle.
Omdat we jûns net hielendal mear nei Kisléta ride woenen, binne we nei Szeged gongen. Dêr woenen we ek graach noch in kear hinne en we wienen no wat tichterby. Pisti en Kati hawwe in hotel foar ús socht op ynternet. It wie echt in Easteuropeesk hotel út de âlde tiid. Lange tsjustere gongen, âld meubilêr, de bêden achter elkoar en alles like gammel. Ik hie my net safolle foarsteld by it ‘ontbijt’ mar dat wie wol aardich lúks. Allinne wie der gjin plak om te sitten doe’t wy ite soenen. De seal siet fol mei sa’n fyftich minsken, bûten siet it selde oantal. Wy koenen noch frij flot sitte om’t guon klear wienen, oaren hawwe wol in kertier wachte. We fregen ús wol ôf hoe’t it moatten hie as it reinde.
Snein Szeged besjoen. It is in prachtige stêd dy’t yn twaën dield wurdt troch de Tisza. Wy hoegden allinne de brêge oer en dan wienen we al yn it sintrum. Fan bankje nei terras rûn, it wie ferskriklik waarm 35 graden.
Ik hie noch sjans mei in âldere hear, hy fûn my sa seksy sei er. Altyd leuk om dat te hearren! Yn ien fan de parken wie in merk. We hawwe dêr beskildere buordsjes kocht by in man út Mezökövesd. In hiel skoft mei him praten, hy wie in pear kear yn Nederlân west. Letter iten yn de Ierske pub ta eare fan (skoan)heit syn jierdei. Moandei hienen we in rit fan fjouwer oeren foar de boech. Foar njoggenen al wer yn auto. Thús gau de wask oansetten , wat oare dingen regele en Ricsi ophelle foar in besite by ús thús.

  • 06 Augustus 2014 - 07:38

    Grutte:

    Fakansje ??? Mar wol in protte gebak foar sommigen is dat ek fakansje.
    Klinkt goed en maoi dat se allegearch noch sa bliid mei it spul binnen, dan snap ik ek werom ot Zalando sa vaak by my fora de doar stiet.

    groetjes ut Boksum

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Verslag uit: Hongarije, Kisléta

Mijn eerste reis

Recente Reisverslagen:

24 Augustus 2017

Útstapkes

21 Augustus 2017

Alle doazen binne fuort.

15 Augustus 2017

Rûnbringen 2017

31 Augustus 2016

In 'ongenode gast'

21 Augustus 2016

Even byprate
Familie

In december reizen wij met het hele gezin naar Hongarije. De bedoeling is dat wij hier 8 maanden vrijwilligerswerk in een kindertehuis gaan doen.

Actief sinds 29 Sept. 2009
Verslag gelezen: 330
Totaal aantal bezoekers 211446

Voorgaande reizen:

28 December 2009 - 22 Augustus 2010

Mijn eerste reis

Landen bezocht: