It rûnbringen - Reisverslag uit Kisléta, Hongarije van Familie Meer - WaarBenJij.nu It rûnbringen - Reisverslag uit Kisléta, Hongarije van Familie Meer - WaarBenJij.nu

It rûnbringen

Door: Renske

Blijf op de hoogte en volg Familie

14 Augustus 2016 | Hongarije, Kisléta

Dizze wike fuort mei in lange dei begûn. Ien fan de tehuzen soenen we op freed dwaan, mar sy koenen dy dei net. De earste rit gong nei it grutte bernetehûs yn Nyírbátor. Omdat in soad bern yn de fakânsje op kamp binne, wie it hjir frij rêstich. Nei in bakje kofje werom nei Kisléta en ynpakke foar Mérk (âlderen en psychiatryske pasjinten). Dit naam wat mear tiid yn beslach. Se hienen ús mail net krigen fanwegen in stoaring en wisten net fan ús kommen. Mar fansels waarden der gau wat minsken optrommele en in tolk brocht. De lytsere huzen dy’t we foarich jier besjoen hawwe, binne no foar in grut part klear. Yn in âld buske oer in hobbeldyk derhinne. De huzen sjogge der prachtich út. It mienskiplik sintrum is noch net hielendal klear. De fysiokeamer, snoezelkeamer en keuken moatte dêr noch ynrjochte wurde. Oan de snoezelkeamer wurdt wurke troch in oantal technyklearlingen yn Nederlân. Wy hawwe in pear kear op skoalle west om dêr oer te praten en de learlingen binne no dwaande mei it meitsjen fan ûntwerpen en neitinken oer it ynsammeljen fan jild. Fia de tolk hawwe wy regelmjittich kontakt oer dit projekt, en no kinne wy noch wat fragen stelle en foto’s meitsje.
Nei de rûnlieding dy’t fansels wer folle langer duorre as soe, krigen we waarm iten. Doe gau werom nei Kisléta om yn te pakken foar Nábrad. Dizze opfang foar handikapte bern helpt 60 húshâldingen, de klean binne hjir dan ek mear dan wolkom. Sy hawwe ús tasein wat foto’s te stjoeren fan it útdielen. Hjir binne nammentlik ek in pear doazen brocht mei klean dy’t breide binne troch de froulju fan de breiklup. Ek hjir moasten we mei te iten. Om jûns acht oere wienen we wer thús.
Tiisdei gong de earste rit nei Nyírbéltek. Yn dit opfangtehûs wenje in soad schizofrene en autistyske minsken. It is dreech om de minsken in bytsje rêstich te hâlden. De froulju dy’t hjir wurkje prate altyd begryplik Hongaarsk en it wie leuk om wer even by te praten. De tehuzen binne op dit stuit allegearre drok dwaande om de fúzjes ta te rieden. Der binne wol soargen oer hoe’t dat rinne sil yn de takomst.
Tuskentroch even thús oan west om te iten en wat te waskjen. Foar de middei stie Berettyoújfalu op it programma. De direkteur wol graach ús miening oer de flechtlingen. Wy binne it net hielendal mei him iens en dat soarget derfoar dat de tolk dy’t it oersette moat har net hielendal op har gemak fielt. In soad minsken hjir fine it mar raar dat wy gjin problemen hawwe mei de flechtlingen. Hjir wolle se foaral de grinzen tichthâlde.
Wy litte hjir doazen mei klean foar (âldere) bern dy’t hjir opfongen wurde. De tolk fertelt dat it wurk hieltyd dreger wurdt fanwegen ferskillende problemen.
Op de weromreis moatte wy yn Debrecen by it fleanfjild oan want.... wy kinne Tjitske ophelje. Sy hat noch oardelwike thús oan it wurk west en komt no nei ús ta. O sa bliid dat wy har wer by ús hawwe en sels hat se ek sin oan de fakânsje!
Woansdei earst nei it Blijf van mijn lijf huis yn Nyíregyháza. De klean foar alle leeftiden binne wol nedich. Der wurde in soad minsken opfongen foar langere tiid. Sy binne dwaande om ek minsken te pleatsen yn ‘gewoane’ huzen en dan te begelieden mei it selsstannich wenjen. Nei it boadskipjen (moat ek dien wurde) en it iten nei it âldereintehûs yn Tiborszálas. Wy krije in rûnlieding en it sjen fan de âlde minsken dy’t hielendal oplibje omdat wy even delrinne makket djippe yndruk op ús bern. De famkes beslute dat se noch in dei hjirhinne wolle om wat mei de minsken te praten en spultsje te dwaan. Moandei sille se dus noch in kear hjirhinne.
Tongersdei mar ien rit omdat it nochal fier fuort is: Gönc. It opfangtehûs foar bern is ferhuze nei in nij lokaasje. Wy krije in rûnlieding fan de learares dy’t goed Ingelsk praat. De bern binne no yn groepen fan 20 ferdield oer fjouwer huzen. Sy binne der in stik op foarút gien. Mar ek hjir in soad problemen mei jongeren sadat it wurk der net makliker op wurdt. De lieding stiet mei de rêch tsjin de muorre want de bern meie net binnenholden wurde.
Nei in bakje kofje en tee ride we werom. Underweis in prachtich útsicht oer de bergen. In plak om ek in kear as toerist hinne te gean.
Freed hoegden we allinne noch mar nei it Reade Krús. Wol twa kear riden omdat der ek wat oare dingen mei moasten. In pear ledikantsjes, matrassen, buggy en maxi cosi. En wat hiel bysûnders: trije troujurken. Miskien dat se de jurken útliene kinne oan minsken dy’t dat oars net betelje kinne. Ek hjir frege om foto’s fan it útdielen.
It Reade Krús hat it hjir ek drok hân mei de flechtlingen. Sy hawwe frijwilligers nei de grins stjoerd en in pear groepen nei Grikelân. Frijwilligers fine giet hjir in stik dreger as by ús. It Reade Krús is wol hiel bekend, mar de hâlding tsjinoer flechtlingen is net altyd even posityf. Foaral minsken dy’t net safolle te besteden hawwe, kinne allinne mar de staatstelefyzje en –radio ûntfange. Dei yn, dei út krije se de propaganda fan de hearskjende partij te hearren. Wat dat oangiet is it wol wat te fergelykjen mei Ruslân.
Nei de lunch geane wy noch mei Julia, ús tolk, nei it tehûs dêr’t sy wurket. Wy sjogge dêr in snoezelromte en de materialen dy’t sy brûkt foar basale stimulaasje. Foto’s makke foar de learlingen dy’t mei dit projekt dwaande binne.
En dan om fjouwer oere kinne wy de karre wer ynleverjen. Wurch mar foldien fan dizze bysûndere wike. It is yninsyf, mar wy krije der ek in soad foar werom. Sa as byg.: twa grutte doazen mei appels!? (mar oan de keuken hjir donearre), sûkelade foar de bern en palinka foar Jelle. Mar ek bysûndere moetings en moaie ferhalen.
Jimme tige tank foar alle donaasjes. It ynsammeljen giet gewoan troch, jimme witte ús te finen!

  • 15 Augustus 2016 - 11:09

    Jan Pasma:

    Hoi dêre. Moai dat it rûnbringen der op sit. Dan no mar leker fakânsje fiere, dat ha jim wol fertsjinne. Hjir alles goed. Soad drokte mei it hûs fan Jelmer en Pytsje yn Reduzum. Der moat hiel wat dien wurde om der in noflik en smûk hûs fan te meitsjen.

    Groetnis út Boksum fan heit

  • 21 Augustus 2016 - 13:07

    Grutte:

    bysûnder Rens, wer hiel folle wurk mar jim ha ek moetings wêrfan je in protte opstekke.
    Gelokkich is Tjits ek goed oan kommen. Geniet der noch fan en oant sjen.

    Dizze woke wie it hjir mooi waar mar no in protte rein.

    Groet út Boksum fan Tryn

  • 21 Augustus 2016 - 13:08

    Grutte:

    wike

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Verslag uit: Hongarije, Kisléta

Mijn eerste reis

Recente Reisverslagen:

24 Augustus 2017

Útstapkes

21 Augustus 2017

Alle doazen binne fuort.

15 Augustus 2017

Rûnbringen 2017

31 Augustus 2016

In 'ongenode gast'

21 Augustus 2016

Even byprate
Familie

In december reizen wij met het hele gezin naar Hongarije. De bedoeling is dat wij hier 8 maanden vrijwilligerswerk in een kindertehuis gaan doen.

Actief sinds 29 Sept. 2009
Verslag gelezen: 285
Totaal aantal bezoekers 211351

Voorgaande reizen:

28 December 2009 - 22 Augustus 2010

Mijn eerste reis

Landen bezocht: