Rûnbringen 2017 - Reisverslag uit Kisléta, Hongarije van Familie Meer - WaarBenJij.nu Rûnbringen 2017 - Reisverslag uit Kisléta, Hongarije van Familie Meer - WaarBenJij.nu

Rûnbringen 2017

Blijf op de hoogte en volg Familie

15 Augustus 2017 | Hongarije, Kisléta

Wat is in wike gau om! Foarige wike moandei binne wy yn Kisléta arrivearre. De reis gong ditkear lekker flot. Fantefoaren hie ik der wol wat tsjinoan sjoen omdat de beide famkes earst net mei binne, mar ik moat tajaan: it wie wol hearlik rêstich op de achterbank.
Omdat we de moandeis frij betiid oan wienen, koenen we de jûns al begjinne mei it sortearen fan de 570 doazen. In pear bern fan it tehûs hawwe flink meiholpen, dus wie it samar klear.
De dei dêrop hawwe wy earst om in karre út west. Jelle hie op it ynternet socht nei in gruttere karre as foarige jierren omdat der no sa'n soad doazen binne. Yn ús bêste Hongaarsk dat ding reservearre en sawier stie er juster foar ús klear!
De rest fan de wike hawwe wy in yndieling makke, mailtsjes skreaun nei de tehuzen en wat leuke dingen dien mei Feije. Op de minst waarme dei de bistetún yn Nyíregyháza besocht, op de waarmste dei te shoppen west yn Debrecen (oerdekt mei airco) en in middei by it swimbad lein. Foarige wike hienen we sa'n 35 graden, in bytsje te waarm.
Fansels hawwe wy ek bypraten mei it persoaniel hjir. Ta ús grutte ferrassing wie Erszi (de direktrise) der net mear. Se is no manager yn in sikehûs. De foarige direktrise dy't hjir noch altyd wurke is no wer yn har âlde funksje werom. It tehûs fan Kisléta is fuseard mei trije oare tehuzen. Dus hawwe se no allegearre in algemiene direkteur en ien oerkoepeljende direkteur. Fierder liket der net in soad feroare.
Omdat wy noait hier betelje meie, hienen we wer bêdeguod meinommen. 10 dekbêdoertrekken foar de famkes en 10 dekbêdoertrekken foar de jonges + 20 hoeslekkens. Dêr wienen se tige wiis mei. Jelle syn âlders hienen jild meijûn en dêr hawwe wy noch 10 piama's foar kocht.
Juster koenen we dan los mei it rûnbringen. Om acht oere wienen we by de ferhierder yn Nyíregyháza. It wie foar ús in hiele opluchting dat de karre der wie, foar de ferhierder wie it in hiele opluchting doe't er hearde dat wy mei it ding yn Hongarije bliuwe ynstee fan der mei nei Nederlân te riden Hy fertroude it earst neat net. Nei alle formaliteiten nei Kisléta riden foar it ynladen fan de earste lading foar Nyírbéltek (tehûs foar âlderen). Wy waarden ûntfongen mei in hiele tafel fol mei iten fansels. Sy wienen hjir drok dwaande mei nijbou. It is de bedoeling dat de minsken ferdield wurde oer lytsere huzen yn it doarp.
Thús even wat iten en doe ynladen foar Matészalka en Nabrád. Mei in grutte karre kin dat moai yn ien kear. Yn Matészalka stiet in nij gebou en takom jier wurdt der noch ien boud. Der wenje sa'n 100 bern dy't om wat foar reden dan ek net thús wenje kinne. De assistint-direkteur hat ús in rûnlieding jûn. Hy fûn it wol hiel aardich omdat er sels in skoft yn Fryslân wenne en wurke hat. Dus miskien komt er noch in kear by ús del.
Doe troch nei Nábrád. Se binne hjir hiel wiis mei de klean yn allerhanne maten. Dy klean wurde útdield oan de húshâldingen dêr't de bern dy't sy yn de opfang hawwe wenje. In spesjaal wurd fan tank oan de froulju fan de breiklup yn Hurdegaryp. Foarich jier hienen se dêr truien, sjaals en mûtsen fan krigen. Dat fûnen se hiel moai, wat ek wol te sjen wie op de foto's dy't wy letter krigen. Nei it útladen fan de doazen waarden we meinommen nei Vasárosnamény. Kata, de mem fan ien fan de bern dêr, nimt ús alle kearen mei út te iten. Ditkear hat se Jelle in spannend momint besoarge. Wy moasten mei in pont oer it wetter. Dat wie wol even spannend mei de karre derachter en dan letter wer steil omheech. Mar it is slagge! It jûnsiten stie klear yn in sjyk restaurant en dêr hie se noch in ekstra ferrassing foar ús. It restaurant is fan in Hongaarske miljonêr dy't as hobby jeien hat. Boppe hat er in priveemuseum ynrjochte mei alles wat er sketten hat. It is ferskriklik dat er op wylde bisten jage wurdt, mar it wie wol hiel yndrukwekkend. In oaljefant, sjiraffe, alle bisten út de Lion King, buffel, tiger. Alles stie dêr opsetten. Lestich te omskriuwen, mar hiel moai om te sjen. Wurch fan alle yndrukken en it reizgjen binne wy betiid ús bêd ynrôle.
Hjoed betiid wer fan 't bêd. Tiborszálas en Mérk stienen op it programma. Hjir wie net in hiel soad nijs te fertellen. Yn Mérk moatte wy altyd ite, dus wienen we hjoed betiid klear. Koenen we moai thús noch even wat dwaan en lekker bûten sitte. Dat kin no't it wer wat koeler is.

  • 17 Augustus 2017 - 07:14

    Grutte:

    Hi jongens wat moai om wer te lezen hoe oft jimme dêr bezig binnen. Gelokkich wat minder waarm en de froulju binnen op komst.
    Groetjes ut Boksum

  • 17 Augustus 2017 - 10:57

    Jan Pasma:

    Hoi Jelle, Renske en Feije. As ik dit sa lês Renske, giet it dat it slydjaget. Der binne al moai wat doazen teplak en jimme sjogge ek noch wer in hiel soad. Der is noch altyd ferlet fan klean ensfh. begryp ik út jim ferhalen. Sukses mei it fierdere rûnbringen en noch in moaie tiid dêre, want, sa't Tryn ek al skriuwt, de fammen binne ûnderweis nei jim ta.
    Groetnis út Boksum fan heit.

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Verslag uit: Hongarije, Kisléta

Mijn eerste reis

Recente Reisverslagen:

24 Augustus 2017

Útstapkes

21 Augustus 2017

Alle doazen binne fuort.

15 Augustus 2017

Rûnbringen 2017

31 Augustus 2016

In 'ongenode gast'

21 Augustus 2016

Even byprate
Familie

In december reizen wij met het hele gezin naar Hongarije. De bedoeling is dat wij hier 8 maanden vrijwilligerswerk in een kindertehuis gaan doen.

Actief sinds 29 Sept. 2009
Verslag gelezen: 290
Totaal aantal bezoekers 211325

Voorgaande reizen:

28 December 2009 - 22 Augustus 2010

Mijn eerste reis

Landen bezocht: