Útstapkes
Blijf op de hoogte en volg Familie
24 Augustus 2017 | Hongarije, Kisléta
Moandei in dei om wer wat te bekommen fan al dy lange ritten yn auto. Moarns wat waskje en skjinmeitsje. Middeis de lêste dingen regele yn it tehûs. Sa hawwe wy de bern dy't holpen hawwe mei it sjouwen in t-shirt jûn fan Praat mar Frysk. Se fûnen it prachtich! Tiisdeitemoarn binne wy nei Bodrogkisfalud riden. Dêr hienen wy nammentlik al ris boatsjes lizzen sjoen. Fan tichtby wienen se wol wer wat grutter as wy earst tochten, mar dochs mar ien hierd. Mei Jelle en Feije as skippers lekker in oerke te farren west. Weromriden nei Tokaj om dêr te iten. Middeis woenen we nei Regéc foar in kuiertocht nei in âlde burcht. No dat hawwe wy witten. It paad gong aardich rjocht omheech, foaral it lêste stik binnentroch. Al glydzjend oer beamwoartels en stiennen hawwe wy de tocht folbrocht. En de beleaning wie grut! Wat in prachtich útsjoch oer de bergen. Doe't wy dêr dochs wienen ek noch mar in kaartsje kocht om yn de burcht omheech.
De oare deis ta grut fertriet fan de froulju noch betider fan 't bêd. Der stie nammentlik in dei nei Oradea, Roemenië op it programma. By de grins namen se har wurk o sa searieus. Paspoarten mei nei binnen, rydbewiis, autopapieren en doe waarden we talitten. De diken binne al in stik better as 7 jier lyn. It bewiis dat der wol wat dien wurdt mei it Europeeske jild. Oradea sels is in prachtige stêd mei moaie parken en ryk fersierde gebouwen. Wol noch in soad earmoede. Yn it healoere dat wy sieten te iten hawwe der wol fjouwer bidlers delwest. Nei in lange dei (in soad rûn) moasten wy noch werom en dan stjoert de tomtom ús soms oer lytse binnendykjes. Wy hawwe yn de skimering in hiel ein riden oer in grutte flakte. Gjin huzen, gjin ljocht. Oant wy ynienen foar in lytse grinsoergong stienen. De bomen del, wy wienen al bang dat it ticht wie. Lokkich gongen nei in skoftke dochs de bomen omheech en kamen der twa mannen foar it ljocht. De kontrôle wie suver noch stranger as de hinnereis, Jelle moast ek noch in alkoholkontrôle ûndergean. Nei de grins moasten wy in hiel stik troch it bosk. Net te hurd riden, want wy hawwe wol fjouwer kear in groepke herten op 'e dyk sjoen. Wat is dat moai om fan tichtby te sjen!
Hjoed noch besite hân. Fierder fansels drok west mei ynpakken. De bern hawwe noch te swimmen west, koenen wy dat yn alle rêst dwaan. Krekt noch nei it tehûs west om ôfskied te nimmen. Ik bin benijd hoe't it der takom jier foarstiet. Hjir binne se ek drok dwaande mei lytsskalich wenjen. Dat soe ynhâlde dat der dan gjin bern yn it tehûs sels mear wenje sille en allinne oerdei komme foar de dagbesteding. Foar harren better, mear romte en selsstannigens. Foar ús en it persoaniel sil dat bot wennen wêze.
Wy sille se wer misse: Laci dy't ufo's sjocht, István dy't altyd mei muzyk op syn mobyl omrint, Bobbi dy't hjir yn de ferfallen garaazjes oan it 'klussen' is, Edina mei har poppen, Ricsi dy't graach even mei ús praat oer it iten en films en al dy oaren.
Takom jier komme wy wer!
-
26 Augustus 2017 - 07:56
Grutte:
Och wat jammer dat it no alwer foarby is. Time fly's when you are having fun. Goeie rit nei hus en oant sjen. -
13 Mei 2019 - 17:59
Karin Hesen:
Wat leuk om jullie verhaal te lezen, dankjewel.
In welke taal is dit, heel gezellig.
Reageer op dit reisverslag
Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley