Systeempje? - Reisverslag uit Kisléta, Hongarije van Familie Meer - WaarBenJij.nu Systeempje? - Reisverslag uit Kisléta, Hongarije van Familie Meer - WaarBenJij.nu

Systeempje?

Door: Renske

Blijf op de hoogte en volg Familie

07 Augustus 2014 | Hongarije, Kisléta

Foarige wike waarden we in pear kear wekker fan de manlju dy’t foar ús hûs oan it wurk wienen. Der rinne troch it doarp allegearre djippe greppels/iepen rioel en dy wurde (op en nij) betegele. It is in projekt foar de wurkleazen. Doe’t we oankamen leinen de tegels al klear, in wike letter binne se hjir en dêr begûn. En no leit it wurk al wer in wike stil. Foarearst sil it ek wol neat mear wurde want by ús foar stiet der al wer fyftich sm wetter yn de greppel. We kinne der dus gjin systeem yn ûntdekke en sy sels wierskynlik ek net, as we delkamen stienen der altyd twa manlju yn de greppel en sa’n seis minsken deromhinne te debatearjen. Noch wat dêr’t we neat fan begripe: de kaartsjes. It tehûs hat wat nijs ynfierd. Alle kearen as der gasten komme, krije se in kaartsje. Der binne twa ferskillende: in gewoane en ien foar ast komst te iten. Dy kaartsjes dogge we yn de bûse en der wurdt nea nei frege. By it fuortgean moatte se wer ynlevere. It frjemde is dat we se wol altyd krije fan de froulike portier mar noait fan de manlike portier. Eins is it ek hiel raar omdat we op it terrein sels wenje. As we troch it park nei it tehûs rinne, komme we net iens by de poarte del.
No’t alle doazen rûnbrocht binne, dogge we it wat rêstiger oan. Dat betsjut sa no en dan mei wat bern te kuierjen of hjir thús wat boartsje. Wat yn de húshâlding dwaan en lekker lêze of spultsje dwaan. Tiisdei moasten we mei de froulju fan Nábrád der op út. We hawwe in âlde wettermûne besocht, in lyts sjemmuseum en in palinkastokerij. Fansels mocht der ek preaun wurde. Dat spul is wol ferskriklik sterk! Jelle fynt it wol lekker, mar dy fielt him ek al in heale Hongaar. Dêrom hat er ek besletten om mei de lotto mei te dwaan. Hast alle Hongaren dogge dêr alle wiken oan mei. Wy hawwe juster by de ‘de winkel fan Sinkel’ trije briefkes ynfold. Ien foar juster, ien foar sneon en ien foar snein. Dy briefkes hawwe we by ien fan it tehûs ynlevere mei it fersyk om de útslach te besjen. Wy kamen der net hielendal út. De winnende nûmers wurde op tv bekend makke mar wol alle trije op ferskillende netten. As we de 200 miljoen winne (yn forinten dan), krijt it tehûs de helte. En wy dreame noch fan alle oare dingen dy’t we mei dat jild dwaan sille 

  • 08 Augustus 2014 - 07:32

    Grutte:

    Dreame my altiit.

    It bliuwt hjir mar moai waar, dizze wike wol us in wolk en in lytse drip mar foar de rest tige by tige.

    As je soms Nederlanske systemen al net snappe, nije dyk oanlizze en dan direct der wer troch hinne grave foar de wetterleiding, ja hoe sille wy dan Hongaarske systemen snappen.

    oant sjen Tryn

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Verslag uit: Hongarije, Kisléta

Mijn eerste reis

Recente Reisverslagen:

24 Augustus 2017

Útstapkes

21 Augustus 2017

Alle doazen binne fuort.

15 Augustus 2017

Rûnbringen 2017

31 Augustus 2016

In 'ongenode gast'

21 Augustus 2016

Even byprate
Familie

In december reizen wij met het hele gezin naar Hongarije. De bedoeling is dat wij hier 8 maanden vrijwilligerswerk in een kindertehuis gaan doen.

Actief sinds 29 Sept. 2009
Verslag gelezen: 393
Totaal aantal bezoekers 211603

Voorgaande reizen:

28 December 2009 - 22 Augustus 2010

Mijn eerste reis

Landen bezocht: