Even byprate
Door: Renske
Blijf op de hoogte en volg Familie
21 Augustus 2016 | Hongarije, Kisléta
Earst in dei shoppe (dat kin net oars mei puberdochters ) yn Debrecen. Foarige wike snein bekommen fan alle drokte en mei wat bern út it tehûs te rinnen west. In soad lol hân, ien fan de jonges bliuwt werklik oeral stean en hâldt hiele ferhalen.
Moandei hawwe de famkes in dei nei Tiborszálas west. Se hawwe in pear beppes holpen mei it opromjen fan de boekekast. Ek hjir in soad wille, want ien fan de beppes hie de gek mei in sjagrijnige suster. Us froulju kinne fansels in soad folgje fan it Hongaarsk en hienen hjir ek de grutste lol om. Middeis hienen se mei in bewenner te kuierjen west. Jelle, Feije en ik hienen besite fan in Hongaarske freon dy’t út Kisléta komt, en yn Nederlân wurket. Hy wol altyd graach even byprate. Dêrnei hawwe wy yn Nyíregyháza 10 sets bêdeguod útsocht foar it tehûs. Leuk wurk om dat út te sykjen. Op spesjaal fersyk fan ien fan de froulju út it tehûs moast der ek rôze komme fansels. Doe’t wy it woansdei brochten, hat se my hast fynknypt fan bliidskip.
In dei derop út nei Lillafüred wie ek wol in súkses. Dit plak leit oan de râne fan it Bükkgeberchte. Hjir wat kuiere en de Annagrot besichtige ûnder lieding fan in gids. Troch de bergen nei Eger riden en dêr noch lekker iten. Woansdei mei Julia in ein rûn yn it Sóstópark en har meinommen út te iten as tank foar it tolken dat se altyd foar ús docht.
Dêrnei in dei om de wask fuort te wurkjen en te himmeljen. Moat sa no en dan ek gebeure.
De bern tasein om noch in kear te swimmen. De freeds wie it moai waar, wy leinen om 9.15 te plak. Moai op ‘e tiid want we woenen ek noch rjochting Budapest. In ekskollega út Kisléta wurket en wennet no yn Tatabánya en hie frege oft wy delkamen. Dizze besite hawwe wy mar kombinearre mei twa nachten yn Budapest omdat it sa fier is. In apartemintsje yn it sintrum fan de stêd. Lekker iten, op in terras sitten en moaie winkels besjoen. Sneons de besite oan Laci en Erika. Sy wenje flakby in moai park mei in mar. Fierder binne se der kwa wenromte net op foarútgongen. In lyts flatsje op 9 heech. Erika hie wer fierstefolle iten klearmakke, dus ek noch in soad meikrigen. Omdat wy it ek net allegearre opkoenen, haw ik letter noch wat oan in pear swervers yn de stêd jûn.
It wie sneon 20 augustus in nasjonale feestdei ta eare fan Szent István dy’t Hongarije oprjochte hat. Jûns om 21.00 oere in prachtich fjoerwurk boppe de Donau. Hiel yndrukwekkend, en wat in minsken wienen der!
Hjoed noch even toeristysk dien. In ein rûn nei de oare kant fan it wetter en de heuvel op. Tichtby de Mattiastsjerke is in sikehûs ûnder de grûn boud. Dit is yn WO2 en letter by de opstân fan 1956 brûkt om de ferwûnen te operearjen en te ferplegen. It hat noch in skoft in bunker west yn de tiid fan de Kâlde Oarloch en no sit der in museum yn. Nijsgjirrich om te sjen en de gids fertelde moaie ferhalen derby.
Sa as altyd as wy hjir binne, ferbaze wy ús wer faak oer de Hongaarske wurkwizen. Hjir wer in pear fan dy dingen:
- In lyts winkeltsje mei fjouwer man/frou personiel. Ien ropt de priis en set de oare dingen wer rjocht. Nûmer twa docht it kochte yn in tas en nûmer 3 docht de kassa. En de oare hat dan even skoft fansels.
- In Agip tankstasjon (dêr’t Jelle in paske fan hat) mei buorden fan Agip, de wurknimmers yn Agipklean en dan blykt it stikem dochs in MOL te wêzen. En dêr wienen wy no spesjaal foar omriden, haha.
- Sitte wy om 10.40 op in terras en wolle wy kofje mei gebak bestelle. Dan kinne wy wol kofje en tee krije, mar gebak mei earst om 11.00.
- Fiif gb oan mobyl ynternet kocht. Dat wie al in hiele striid. Is it op, moatte we nij. Meie we net mear as 1 gb. Wêrom? Ja, wisten wy it mar.
Yn it tehûs gebeure der ek wol wat dingen dêr’t ik my oer ferbaas en dêr’t ik wol wat muoite mei haw. Der wurde in soad bern nei in oare ôfdieling of nei in oar tehûs stjoerd. Foar guon is dat o sa dreech en sy hawwe der in soad fertriet fan. Sa is der in steltsje dat ferlyfd op elkoar is en no is de jonge nei in oar tehûs brocht.
Lokkich is der soms ek in posityf ferhaal. Ien fan de famkes is doe’t se in lytse poppe wie achterlitten troch har âlders. No hawwe har broers en sussen kontakt opnommen. Harren heit wie no ferstoarn en se kamen der no achter dat der noch in suske wie. Dit wykein soenen se op besite komme. Se koe hast net wachtsje!
No noch in pear dagen en dan sit it der al wer op....
-
22 Augustus 2016 - 11:13
Jan Pasma:
Ja Renske, der soe eins in miks komme moatte tusken de Hongaarske en de Nederlânske wurkwize. Hjir by ús draait it hjoed de dei allinne om effisjensy en jild en yn Hongarije soe it wol wat effisjenter kinne. Ien ding is wol wis, se hâlde dêr lang wurk as elk wat docht. Fierders: "''s Lands wijs 's lands eer" moatst mar rekkenje. Alles goed hjirre. Juster en hjoed reinwetter mar it moaie waar komt der oan neffens de waarmannen. Drok yn Reduzum oan it wurk, der komt mear wurk achterwei as tocht. Noch in bulte wille en in goede thúsreis.
Heit -
22 Augustus 2016 - 19:10
Grutte:
wer mooi om de verhalen te lêzen. Beppe belle sa krekt de groeten en in goeie weerom reis alfest. Inderdaad elk lan had sa sien eigen werkwijze en se wurde meestal ek net bliid mei us manier fan werkje, dat sit him yn de kultuer. Mar gelokkich ek noch wat fakansje halden dat moat ek oars moatte jimme wer oan it wurk en is dêr fan uitrusten niks kommen, dat kin de baas ek net ha natuurlijk dan tinke se dat jimme Hongaren wurden binnen ;).
groetjes Tryn
Reageer op dit reisverslag
Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley