Wike 2 alwer

Door: webmaster

Blijf op de hoogte en volg Familie

07 Augustus 2011 | Hongarije, Kisléta

Der binne fan dy dingen dêr’t we mar net oan wenne kinne yn it tehûs. Sa as bygelyks de geur: faak hinget der in geur fan poep en pis en tosken dy’t bedoarn binne. It gegil en geraas went al wat. En fierder fine we it sa deprimearjend dat as we de bern letter werom bringe en it al skimerich is, alle ljochten út binne. Dat alles makket it sa deprimearjend.
Dêrom is it ek sa fijn dat we sa no en dan de bern even meinimme kinne. De ôfrûne wike hawwe der al wer in protte west. Ricsi hat al twa kear west en we geane ek regelmjittich mei him te kuierjen. Tongersdei hawwe we mei him nei it grêf fan Laci west om blommen te bringen en kearskes oan te stekken. We prate in soad mei him oer Laci en dat docht him wol goed. Op de ien of oare manier is hy ek in stik folwoeksener wurden. Neffens ien fan de oaren wurdt ek hy al in stik swakker en we witte net hoe’t it der de folgjende kear útsjocht.
Ek hawwe we Marko op besite hân. Ik tink dat de susters hielendal gek fan him wurden binne. Hy freget alle dagen wol tsien kear yn it oere wannear’t hy nei ús ta mei. Lêsten ûntsnapte er sels en stie al by de ytseal dêr’t de bern út noch yn net komme meie. Doe’t er ien kear hjir wie, die er oars net as hinne en wer drave en alles útprobearje. Dêr krijt er yn it tehûs gjin kans foar. Der wienen twa dingen dêr’t er him langer as fiif minuten mei fermakke hat: in belleblaas en in stik linetou. De fjouwer kaugomballen dy’t er krige wienen binnen in heal oere achter de knopen.
Op spesjaal fersyk fan de bern kaam lytse Marko ek mei twa oare jonges mei. Dit is echt in skatsje. In hiel lyts mantsje mei donkere eachjes en in heech stimke. Fan dy trije jonges hawwe we gjin wurk hân. Zsanett en Anniko wienen der en dy fine it geweldich om de spjeldsjes, earbellen en make-up fan de froulju te besjen.
Nati en Edina soenen tegearre mar doe’t we bûten kamen stie Edina har freon ek al op ús te wachtsjen. Hy pakte har by de hân en rûn mei ús mei. Syn namme is Bandi mar sy neamt him brún sûkelaadsje. As hy har ropt dan is it: Ik kom myn jonge. En sa no en dan jouwe se elkoar in dikke tút.
Tongersdeitemiddei kaam Zsolti op besite, hy hie him sels útnoege mar Jelle moast him ophelje omdat er it fergetten hie. Doe’t we letter te kuierjen wienen, hellen we de famkes op en omdat we hingjen bleaunen by dy minsken thús wie Zsolti te let. Ien fan syn meibewenners yn panyk mar hy koe der wol om laitsje. Gau nei de ‘strenge’ haadsuster om de medisinen te heljen en sorry te sizzen. Lokkich wurdt ús in soad ferjûn :)
Freed wienen we sels te let foar it middeisiten. De famkes soenen te boartsjen en wy hienen betocht dat we moai even nei Nyiregyhaza koenen foar boadskippen. We moasten ûnder oare nij gb’s helje foar it mobile ynternet. Dit koe moai noch even foar it iten tochten we. Dom, dom, we hienen fergetten dat we yn Hongarije binne. Earst wie fansels de winkel wer ris fuort. Alle kearen as we hjir komme, sitte se wer op in oar plak. Lokkich hienen we gau de nije fûn mar doe begûn it gesodemiter. We hienen betelle foar 5 gb mar se koenen it der net op sette. Se siet al sa lang mei de kompjûter te pielen, doe wat gesmoes mei de kollega. Dy prate Ingelsk en wist te fertellen dat we yn de min stienen. Dit snapten we net want it is in prepaidpakket. Mar neffens de dames wie dit echt mooglik oant sa’n 80 euro ta. Wy wienen wol wis dat we net sa folle ferbrûkt hienen. Se hawwe sa’n tweintich minuten oan it sykjen en beljen west en doe wie it dochs noch klear. It bliek in technyske stoaring te wêzen. Mar goed hy docht it wer sa’t jim sjogge. Al mei al wol in soad tiid fergriemd en te let foar it iten. Mar fansels hawwe we noch wol wat krigen.
Dizze Hiele wike is it al moai waar, ien middei te swimmen west. De famkes hienen twa freondintsjes mei. Ek wer in Hiele belevenis. Allebeide tsien jier mar net swimme kinne. Se hawwe harren wol o sa fermakke.
De earste oanfraach foar byles is ek al wer binnen. De dochter fan in kollega moat eksamen dwaan yn Ingelsk. Op skoalle wurdt der noait oefene mei it praten mar se moatte der wol eksamen yn dwaan. No hawwe de âlders ús frege om te helpen. De studinte sels stiet noch net echt te springen, se binne hjir allegearre bang om in oare taal te praten. De earste twa lessen binne al wer ôfsein dat it begjint goed.
Juster wienen we yn Debrecen, in moaie stêd om te winkeljen. Hjoed wie it lekker rêstich, even in besite brocht oan de tsjerke om kearskes oan te stekken en fierder wat oan it wurk en omhingje.
Feije is dizze fakânsje ús pechfûgel. Hy hat al trije kear medyske fersoarging nedich hân. Foarige wike wie er biten troch in tyk en dat is yn dit lân noch krekt wat slimmer as by ús. Sa’t it no stiet falt it wat ta, hy is noch net siik wurden. Dêrnei foel syn nagel hast fan de middelfinger, dy hat lêsten tusken de doar sitten. It sit mei noch in lyts stikje fêst. En hjoed gong er yn in spiker stean. Hy hie allegearre hout fan it stikkene stek fersammele om mei te klussen mar ja dêr sit noch wol ris wat yn. Hy hat him de hiele middei lekker fertroetelje litten troch syn beide sussen.
Nije wike mear nijs.

  • 08 Augustus 2011 - 16:15

    Hennie Fan De Afûk:

    wat aardich dat jim dêr al wer binne. Ik fyn it altyd leuk om jim ferlaggen te lêzen. Wat in aventoeren! Hoe lang bliuwe jim dizze kear?
    groetenis,

    Hennie

  • 08 Augustus 2011 - 16:25

    Eelke En Su:

    no je, heerlijk om wer efkes te lezen wat jimme mei meitsje (let mar net mear op myn brieke frysk). hjir reint it as de see en hawwe lokkich nog gjin fakansje.... it wur defnitief gjin hongarije foar us dit jier. lekker yn nederlan. jimme binne wer echt t eplak sat we leze kinne. genietsje en groetn oan de gruttte fammen en betterskip aode bou-fakker! x x x !

  • 09 Augustus 2011 - 19:44

    Herman Lubberts:

    Hoi fakânsjegangers, hjoed foar it earst efkes wat lêzen op jim webside. Jim ha al wer hiel wat belibbe, lês ik wol!
    Ik winskje jim noch in goede tiid ta dêr! Prebearje it nuttige mei it oangename te ferienigjen!
    Sels sit ik no yn Edewecht. It allerbêste!

    Herman

  • 10 Augustus 2011 - 11:03

    Tryn:

    hoi allegear, foaral oan de pechfugel. Wie gaat er nu in een spijkerstaan, dat is toch megadom !!. Maar oke soms kan het gebeuren. Leuk om te lezen hoe het daar weer gaat en ook hoe snel je sommige dingen vergeet (hoe traag alles gaat) maar ook hoe snel je er weer thuis bent en alles weer z'n gangetje gaat. Je hoeft geen spijt te hebben dat je Fryslan hebt verruild voor Hongarije hoor, want het is hier niks bij niks. Regen wind en kou. Maandag zijn Beppe en jimme heit en ikke naar heiloo geweest, was heel gezellig en er zijn weer veel herrinneringen opgehaald. dikke tut Grutte

  • 11 Augustus 2011 - 07:50

    Brecht:

    Hoi hoi,

    prima naar jullie zin lees ik wel weer!! Jullie zitten alweer bijna op de helft, geniet er nog maar van! Tot over drie weekjes!

    Liefs B & DP

  • 11 Augustus 2011 - 07:51

    Brecht:

    Dikke kus voor de pechvogel!!

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Verslag uit: Hongarije, Kisléta

Mijn eerste reis

Recente Reisverslagen:

24 Augustus 2017

Útstapkes

21 Augustus 2017

Alle doazen binne fuort.

15 Augustus 2017

Rûnbringen 2017

31 Augustus 2016

In 'ongenode gast'

21 Augustus 2016

Even byprate

14 Augustus 2016

It rûnbringen

04 Augustus 2016

Even in kuolkast keapje

12 Augustus 2015

Tokaj en ôfskied nimme

08 Augustus 2015

Klein en groot geluk

02 Augustus 2015

Jierdei fiere en de Tesco tour

02 Augustus 2015

Te veel

26 Juli 2015

Alles rûnbrocht

22 Juli 2015

Dag 2 en 3

20 Juli 2015

De eerste dozen zijn weg

16 Juli 2015

Donderdag 16 juli

16 Augustus 2014

In soad dien de lêste wike

07 Augustus 2014

Systeempje?

05 Augustus 2014

In drok wykein

02 Augustus 2014

Noch in pear ritsjes.

29 Juli 2014

Al by fiif tehuzen west

28 Juli 2014

Nije ûntwikkelingen yn de tehuzen

13 Augustus 2013

In laits en in trien

05 Augustus 2013

Spraakverwarring

05 Augustus 2013

Myn jierdei en grutte grizels

30 Juli 2013

Al weer een week voorbij

29 Juli 2013

Veranderingen

22 Juli 2013

Begraffenis

21 Juli 2013

Falunap 2013

19 Juli 2013

Gödöllö en lêste dei

17 Juli 2013

Ferslach tiisdei en woansdei

16 Juli 2013

Tsjinsthûs moandei

13 Juli 2013

De earste wike

30 Augustus 2011

Toerist yn eigen lân

21 Augustus 2011

Geld en vrouwen

18 Augustus 2011

Balaton

16 Augustus 2011

In ekstra update

15 Augustus 2011

Al weer een week om.

07 Augustus 2011

Wike 2 alwer

01 Augustus 2011

Hármincnyolc

29 Juli 2011

Mixed emotions

25 Februari 2011

Een volle week

22 Februari 2011

Thús

23 Augustus 2010

Wolkom thús

18 Augustus 2010

It ôfskied

17 Augustus 2010

De lêste dagen

05 Augustus 2010

Aardige petearen

27 Juli 2010

Welkom in Hongarije

17 Juli 2010

Feije syn ideeën

11 Juli 2010

Njoggen jier

05 Juli 2010

Liefde is ......

29 Juni 2010

Dicht bij de natuur

29 Juni 2010

En toen waren er nog maar twee

21 Juni 2010

Oer in kater en hinnepiken

18 Juni 2010

'even' wandelen

17 Juni 2010

Daar zijn we weer!

15 Juni 2010

deadsangsten

15 Juni 2010

na regen....

05 Juni 2010

Dozen, regen, een regen aan dozen

30 Mei 2010

Falunap

24 Mei 2010

Hobbel in de weg, hobbel in de weg, GAT in de weg

21 Mei 2010

Eigenaardig

18 Mei 2010

Blub, blub, blub

10 Mei 2010

FRUSTRATIES!

07 Mei 2010

De avonturen fan heit en Pytsje

04 Mei 2010

Jild útjûn en nije besite

20 April 2010

Nati

18 April 2010

Het is weer stil in huis

07 April 2010

de peaskedagen

31 Maart 2010

De natuur ontwaakt

28 Maart 2010

Feije syn fuotbaldebút

20 Maart 2010

Foarjier!!

16 Maart 2010

Hulp is welkom.

11 Maart 2010

Lytse dingen

07 Maart 2010

In optreden

04 Maart 2010

'Onze kinderen'

23 Februari 2010

Skoaltsjesiik

22 Februari 2010

Weer wat nieuws!

18 Februari 2010

In aparte wike

14 Februari 2010

Négy éves

11 Februari 2010

Het tehuis

09 Februari 2010

Geduld is een schone zaak.

08 Februari 2010

De grutte dei!

06 Februari 2010

En we soenen gjin stress hjir!

04 Februari 2010

Dom, dommer, domst!

03 Februari 2010

In wite wûnderwrâld

01 Februari 2010

Ingesneeuwd

31 Januari 2010

noch ien kear

28 Januari 2010

Kisléta

27 Januari 2010

Gödöllö 2

25 Januari 2010

Sok boldog születésnapot

24 Januari 2010

Gödöllö

22 Januari 2010

Post

20 Januari 2010

Echte Nederlanders

16 Januari 2010

Research

15 Januari 2010

Nieuwe hoop

12 Januari 2010

Wachtsje

11 Januari 2010

het weekend

08 Januari 2010

Status vrijwilligerswerk

07 Januari 2010

Werom yn de tiid

05 Januari 2010

Ynternet

03 Januari 2010

Eger

31 December 2009

Te plak

26 December 2009

Een dooie mus

29 November 2009

Eind goed, al goed

23 November 2009

Stilte

15 November 2009

Advys

12 November 2009

Ek dat noch

04 November 2009

Nijs fan Nelly

28 Oktober 2009

Als een donderslag...

24 Oktober 2009

Voorbereidingen

21 Oktober 2009

Goed nijs

12 Oktober 2009

Wer thús

09 Oktober 2009

Alles geregeld?

08 Oktober 2009

Donderdag 08 oktober

07 Oktober 2009

Woensdag 7 oktober

30 September 2009

It begjin
Familie

In december reizen wij met het hele gezin naar Hongarije. De bedoeling is dat wij hier 8 maanden vrijwilligerswerk in een kindertehuis gaan doen.

Actief sinds 29 Sept. 2009
Verslag gelezen: 409
Totaal aantal bezoekers 222912

Voorgaande reizen:

28 December 2009 - 22 Augustus 2010

Mijn eerste reis

Landen bezocht: