Oer in kater en hinnepiken

Door: webmaster

Blijf op de hoogte en volg Familie

21 Juni 2010 | Hongarije, Kisléta

Dat we noch altyd net echte Hongaren binne docht wol bliken út it folgjende ferhaal.
Freedtemiddei hellen we mei de bern it middeisiten op. Ien fan de froulju yn de keuken (se is troud mei de baas fan de wasserette) frege doe oft de bern ris by har delkamen. Se hie thús hintsjes en dat is foar de bern hartstikke leuk. We koenen allegearre wol komme, se soenen ús wol ophelje. Sneintemiddei om ien oere. Wy hienen tocht dat it in koarte besite wurde soe, ferkeard tocht!
Nei it bôle iten makken wy ús ree om fuort. Krekt foar ienen stienen der twa auto's foar de doar want se wenje hielendal oan de oare kant fan it doarp. Krekt as alle minsken hjirre ried se nochal hurd, by it remjen wie ik bliid dat we de riem omhienen. Doe't we de tún ynkamen, seagen we it al: De tafel wie dekt. Probleemke. De bern hawwe dus net safolle iten mar wy hawwe ús manmoedich dertroch hinne iten. Lokkich begongen we mei sop, dat glidet oeral tuskentroch. In hinnepoatsje paste ek noch wol. In donut waard al wat dreger. Omdat it oare fleis noch bakt wurde moast, koenen we even bekomme. Dat wie mar goed ek. Der kaam noch mear fleis op tafel mei salade en ierappeltsjes. We hawwe thús gjin jûnsiten mear hân want we wienen mear as takocht. Foaral Jelle, dy't krekt wat tefolle drank hân hie. De kombinaasje fan palinka, bier en wyn foel net sa goed. Doe't we thús wienen, is er gelyk op bêd gongen en fannemoarn is er thús bleaun, in kater fan jewelste! Ik hie him noch warskôge, mar ja, eigenwiis hè.
Undertusken fermakken de bern harren geweldich mei de hinnepiken. Dy waarden oeral mei hinnetôge en ferpopke. Wat in feest! De gastfrou fûn it sa moai, se hie betocht dat de bern wol ien mei hawwe koenen. Ik haw noch besocht om it te kearen. Wêr moatte we sa'n bist yn hawwe? Gjin probleem, se hienen wol in doaze. We hawwe gjin foer! Gjin probleem, skaaltsjes mei en foer. We kinne se net meinimme nei Nederlân! Gjin probleem, dan meie se dan werom komme. De bern wienen fansels al dwers troch alles hinne. Ein fan it ferhaal wie dat we weromkamen mei trije hinnepiken achter yn auto. Se steane no bûten op it terras. Jelle mei in hokje ynelkoar timmerje want justerjûn is der al ien ûntkommen. Dy sprong samar út de doaze. Ik koe him noch krekt de keamer yn triuwe. Doe Tjits en Ym derby roppen om it bist te fangen. Want dêr begjin ik net oan. Witte jimme wol hoe hurd as sa'n bist drave kin? Undertusken hawwe we noch in oar probleem. It kommende wykein binne we fuort. Wa moat der op de bisten passe? Mar ek no binne de bern net foar ien gat te fangen. Se hawwe al heal en heal wat regele mei Ymkje har staazjejuf.

Hjoed hie Ymkje noch in kear in optreden op skoalle. Freeslik yn de stress want fannemiddei om healwei trijen betocht se wer dat juf de moarns sein hie dat se in wyt bloeske oan hawwe moast. Moai op 'e tiid. Wy wurde der al net mear oars fan. Ik sei: "Do fregest mar oan de staazjejuf oft in gewoan bloeske net kin." En dat wie gjin probleem. Se die it hiel goed, knap dat se dit al doart yn it Hongaarsk.
Tjitske en ik wienen mei. Ik wit no dat je je somtiden hiel ûngelokkich fiele kinne yn it bûtenlân. Alle âlders wienen strak yn de klean. Lokkich hie ik my ek noch ferklaaid fantefoaren. De measten hienen blommen mei foar de juffen. It die bliken dat de rapporten útrikt waarden en it in soarte fan ôfskied wie. Us wie hjir neat fan ferteld. Ik wist net better dan dat Ymkje in soarte fan opsiswedstryd hie.
It folksliet waard ek noch spile, it giet hjir allegearre o sa offisjeel. Guon bern krigen in diploma en in boek útrikt. Dat krije se as se in fiif helje, dat is hjir it heechste datst helje kinst. Dêrnei krigen de bern yn de klasse harren rapport.
Ymkje wie sakrekt hielendal yn triennen omdat alle bern har in dikke krûp joegen. Se sil se sa misse! It is dreech om ôfskied te nimmen mar we geane derfan út dat se in protte moaie herinneringen mei werom nimme.

Dan no noch even in kwis. Feije hat twa nije wurden betocht. Wa wit wat se betsjutte?
1. opstekfinger
2. nakel
3. soldanen
Súkses

  • 22 Juni 2010 - 11:56

    Elly:

    Ik zou zeggen jelle, maar regelmatig met de kippen op stok,voel je je vast beter wanneer het verhaal zich herhaalt.Het verhaal is weer prachtig geschreven Renske.

    Groet de platenkampjes

  • 22 Juni 2010 - 19:33

    Heit:

    Ja Jelle jonge, as je net oer drank kinne moatte je it net nimme. As dit no ris wer bart, dan moatst de oare moarns in palinka nimme. De hûn dy't je byt, moat je ek wer better meitsje is it sechje dan. Wy dronken ûnder tsjinst altiten de oare deis tomatesop mei sâlt en piper, in probaat middel om de kater te ferdriuwen.
    Dus no binne jimme ek al hinneboer, wat in feest foar de bern. Miskien straks ek noch eigen aaikes, of binne se noch hiel jong? No de groetnis út Boksum, dêr't sa njonkelytsen de simmer ek trochbrekt.

  • 22 Juni 2010 - 20:29

    Jacco:

    Als je drie keer leest, dan snap je het verhaal ook als Hollander. Ik blijf het lastig vinden.
    Jelle sterkte!

  • 23 Juni 2010 - 05:57

    Tryn:

    Ik begin maar even met het slot, want jelle heeft al genoeg commentaar gekregen op zijn ....probleem. 2 Nieuwe woorden toch ?? Maar ik zie er echt 3 staan ben jij nu ook al onderinvloed Rennie ?
    Groetjes uit een zonnige Boksum waar dan nu echt de zomer is begonnen

  • 23 Juni 2010 - 08:14

    Eelke:

    a goeie,

    ik sjoch der 4....

    hik!
    1. opstekfinger = is middelvinger yn'e loft.

    2. nakel = navel (fan sinasappel fansels)
    3. soldanen ( soldaten, in de kroech natuurlijk)
    Súkses ( suc6!)

  • 24 Juni 2010 - 16:26

    Robert:

    Hoi reislustige familie !

    zouden jullie ons eens kunnen mailen ? We hebben wat vragen mbt tot de kindertehuizen in Hongarije. Groetjes uit NL ! email : argeentm@hot-mail.com

    om spam te voorkomen heb ik een streepje geplaatst in het emailadres, deze weer weghalen svp !

  • 01 Juli 2010 - 06:04

    Tryn:

    1. dat zal wel een vrolijke groet zijn
    2.naakt
    3. soldaten

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Verslag uit: Hongarije, Kisléta

Mijn eerste reis

Recente Reisverslagen:

24 Augustus 2017

Útstapkes

21 Augustus 2017

Alle doazen binne fuort.

15 Augustus 2017

Rûnbringen 2017

31 Augustus 2016

In 'ongenode gast'

21 Augustus 2016

Even byprate

14 Augustus 2016

It rûnbringen

04 Augustus 2016

Even in kuolkast keapje

12 Augustus 2015

Tokaj en ôfskied nimme

08 Augustus 2015

Klein en groot geluk

02 Augustus 2015

Jierdei fiere en de Tesco tour

02 Augustus 2015

Te veel

26 Juli 2015

Alles rûnbrocht

22 Juli 2015

Dag 2 en 3

20 Juli 2015

De eerste dozen zijn weg

16 Juli 2015

Donderdag 16 juli

16 Augustus 2014

In soad dien de lêste wike

07 Augustus 2014

Systeempje?

05 Augustus 2014

In drok wykein

02 Augustus 2014

Noch in pear ritsjes.

29 Juli 2014

Al by fiif tehuzen west

28 Juli 2014

Nije ûntwikkelingen yn de tehuzen

13 Augustus 2013

In laits en in trien

05 Augustus 2013

Spraakverwarring

05 Augustus 2013

Myn jierdei en grutte grizels

30 Juli 2013

Al weer een week voorbij

29 Juli 2013

Veranderingen

22 Juli 2013

Begraffenis

21 Juli 2013

Falunap 2013

19 Juli 2013

Gödöllö en lêste dei

17 Juli 2013

Ferslach tiisdei en woansdei

16 Juli 2013

Tsjinsthûs moandei

13 Juli 2013

De earste wike

30 Augustus 2011

Toerist yn eigen lân

21 Augustus 2011

Geld en vrouwen

18 Augustus 2011

Balaton

16 Augustus 2011

In ekstra update

15 Augustus 2011

Al weer een week om.

07 Augustus 2011

Wike 2 alwer

01 Augustus 2011

Hármincnyolc

29 Juli 2011

Mixed emotions

25 Februari 2011

Een volle week

22 Februari 2011

Thús

23 Augustus 2010

Wolkom thús

18 Augustus 2010

It ôfskied

17 Augustus 2010

De lêste dagen

05 Augustus 2010

Aardige petearen

27 Juli 2010

Welkom in Hongarije

17 Juli 2010

Feije syn ideeën

11 Juli 2010

Njoggen jier

05 Juli 2010

Liefde is ......

29 Juni 2010

Dicht bij de natuur

29 Juni 2010

En toen waren er nog maar twee

21 Juni 2010

Oer in kater en hinnepiken

18 Juni 2010

'even' wandelen

17 Juni 2010

Daar zijn we weer!

15 Juni 2010

deadsangsten

15 Juni 2010

na regen....

05 Juni 2010

Dozen, regen, een regen aan dozen

30 Mei 2010

Falunap

24 Mei 2010

Hobbel in de weg, hobbel in de weg, GAT in de weg

21 Mei 2010

Eigenaardig

18 Mei 2010

Blub, blub, blub

10 Mei 2010

FRUSTRATIES!

07 Mei 2010

De avonturen fan heit en Pytsje

04 Mei 2010

Jild útjûn en nije besite

20 April 2010

Nati

18 April 2010

Het is weer stil in huis

07 April 2010

de peaskedagen

31 Maart 2010

De natuur ontwaakt

28 Maart 2010

Feije syn fuotbaldebút

20 Maart 2010

Foarjier!!

16 Maart 2010

Hulp is welkom.

11 Maart 2010

Lytse dingen

07 Maart 2010

In optreden

04 Maart 2010

'Onze kinderen'

23 Februari 2010

Skoaltsjesiik

22 Februari 2010

Weer wat nieuws!

18 Februari 2010

In aparte wike

14 Februari 2010

Négy éves

11 Februari 2010

Het tehuis

09 Februari 2010

Geduld is een schone zaak.

08 Februari 2010

De grutte dei!

06 Februari 2010

En we soenen gjin stress hjir!

04 Februari 2010

Dom, dommer, domst!

03 Februari 2010

In wite wûnderwrâld

01 Februari 2010

Ingesneeuwd

31 Januari 2010

noch ien kear

28 Januari 2010

Kisléta

27 Januari 2010

Gödöllö 2

25 Januari 2010

Sok boldog születésnapot

24 Januari 2010

Gödöllö

22 Januari 2010

Post

20 Januari 2010

Echte Nederlanders

16 Januari 2010

Research

15 Januari 2010

Nieuwe hoop

12 Januari 2010

Wachtsje

11 Januari 2010

het weekend

08 Januari 2010

Status vrijwilligerswerk

07 Januari 2010

Werom yn de tiid

05 Januari 2010

Ynternet

03 Januari 2010

Eger

31 December 2009

Te plak

26 December 2009

Een dooie mus

29 November 2009

Eind goed, al goed

23 November 2009

Stilte

15 November 2009

Advys

12 November 2009

Ek dat noch

04 November 2009

Nijs fan Nelly

28 Oktober 2009

Als een donderslag...

24 Oktober 2009

Voorbereidingen

21 Oktober 2009

Goed nijs

12 Oktober 2009

Wer thús

09 Oktober 2009

Alles geregeld?

08 Oktober 2009

Donderdag 08 oktober

07 Oktober 2009

Woensdag 7 oktober

30 September 2009

It begjin
Familie

In december reizen wij met het hele gezin naar Hongarije. De bedoeling is dat wij hier 8 maanden vrijwilligerswerk in een kindertehuis gaan doen.

Actief sinds 29 Sept. 2009
Verslag gelezen: 310
Totaal aantal bezoekers 223018

Voorgaande reizen:

28 December 2009 - 22 Augustus 2010

Mijn eerste reis

Landen bezocht: