Systeempje?
Door: Renske
Blijf op de hoogte en volg Familie
07 Augustus 2014 | Hongarije, Kisléta
No’t alle doazen rûnbrocht binne, dogge we it wat rêstiger oan. Dat betsjut sa no en dan mei wat bern te kuierjen of hjir thús wat boartsje. Wat yn de húshâlding dwaan en lekker lêze of spultsje dwaan. Tiisdei moasten we mei de froulju fan Nábrád der op út. We hawwe in âlde wettermûne besocht, in lyts sjemmuseum en in palinkastokerij. Fansels mocht der ek preaun wurde. Dat spul is wol ferskriklik sterk! Jelle fynt it wol lekker, mar dy fielt him ek al in heale Hongaar. Dêrom hat er ek besletten om mei de lotto mei te dwaan. Hast alle Hongaren dogge dêr alle wiken oan mei. Wy hawwe juster by de ‘de winkel fan Sinkel’ trije briefkes ynfold. Ien foar juster, ien foar sneon en ien foar snein. Dy briefkes hawwe we by ien fan it tehûs ynlevere mei it fersyk om de útslach te besjen. Wy kamen der net hielendal út. De winnende nûmers wurde op tv bekend makke mar wol alle trije op ferskillende netten. As we de 200 miljoen winne (yn forinten dan), krijt it tehûs de helte. En wy dreame noch fan alle oare dingen dy’t we mei dat jild dwaan sille
-
08 Augustus 2014 - 07:32
Grutte:
Dreame my altiit.
It bliuwt hjir mar moai waar, dizze wike wol us in wolk en in lytse drip mar foar de rest tige by tige.
As je soms Nederlanske systemen al net snappe, nije dyk oanlizze en dan direct der wer troch hinne grave foar de wetterleiding, ja hoe sille wy dan Hongaarske systemen snappen.
oant sjen Tryn
Reageer op dit reisverslag
Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley