It begjin - Reisverslag uit Amsterdam, Nederland van Familie Meer - WaarBenJij.nu It begjin - Reisverslag uit Amsterdam, Nederland van Familie Meer - WaarBenJij.nu

It begjin

Door: webmaster

Blijf op de hoogte en volg Familie

30 September 2009 | Nederland, Amsterdam

Wat begongen is as in wyld plan wurdt oer sa'n twa moanne werklikheid.
It is al hast twa jier lyn dat ik tsjin Jelle sei: 'Wêrom geane we net foar in jier nei Hongarije om dêr frijwilligerswurk te dwaan?' Jelle fûn it plan wol aardich mar woe syn wurk net opsizze. We wienen dêrom ek hiel bliid dat syn baas it goed fûn dat er aansen in hiel skoft fuort giet.
Doe koenen we útein sette mei de tariedingen. Foarich jier yn de simmer hawwe we yn Berettyouifalu in bernetehûs besocht. De direkteur wie hiel entûsjast doe't wy oanjoegen dat wy by harren frijwilligerswurk dwaan woenen. Fansels moast dêr ek it ien en oar regele wurde.
Yn desimber krigen we it berjocht dat we wolkom wienen en dat se in hûs foar ús fûn hienen yn Furta, in lyts doarpke tichtby Berettyouifalu.
Nije wike sille Jelle en ik nochris nei Hongarije om te sjen hoe't it der foar stiet. We binne hiel benijd wat we dêr oantreffe want we hawwe al hiel lang neat mear heard fan de direkteur. Dit betsjut dat se der miskien dochs noch fan ôfsjogge of dat se tinke 'we hawwe skreaun dat jim wolkom binne, dan is no alles wol regele'.
Wy hawwe al faak yn Hongarije west en alle kearen wer moatte we hiel bot wenne oan de mentaliteit dêr. Se binne noait net sa hastich, dingen regelje is o sa dreech en ôfspraken kommme net sa krekt. Foar Nederlanners mei al harren regeltsjes hiel ferfelend. Mar it hat ek syn foardielen. It libbet o sa relaxed.
Wy sille jimme witte litte wat we dêr nije wike oantreffe.

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Verslag uit: Nederland, Amsterdam

Mijn eerste reis

Recente Reisverslagen:

24 Augustus 2017

Útstapkes

21 Augustus 2017

Alle doazen binne fuort.

15 Augustus 2017

Rûnbringen 2017

31 Augustus 2016

In 'ongenode gast'

21 Augustus 2016

Even byprate
Familie

In december reizen wij met het hele gezin naar Hongarije. De bedoeling is dat wij hier 8 maanden vrijwilligerswerk in een kindertehuis gaan doen.

Actief sinds 29 Sept. 2009
Verslag gelezen: 230
Totaal aantal bezoekers 212007

Voorgaande reizen:

28 December 2009 - 22 Augustus 2010

Mijn eerste reis

Landen bezocht: