Al by fiif tehuzen west

Door: Renske

Blijf op de hoogte en volg Familie

29 Juli 2014 | Hongarije, Kisléta

Juster dan begûn mei it rûnbringen. Omdat de karre wat lytser is as foarige kear kinne we net twa tehuzen yn ien kear dwaan. Bobbi, ien fan de bewenners, helpt ús alle kearen mei ynladen. Dat fynt er prachtich wurk. Zsolti, in oare bewenner, mei him der ek graach yn minge. It moat sus en it moat sa, och wat helpe de famkes goed mei. Foarige wike woe er ús wiismeitsje dat er in jier nei Frankryk sil. We litte him mar wat prate, want oars is er ‘not amused’ en wurde we in skoft negeard.
Yn Nyírbátor brochten we klean en fuotballen by in opfangtehûs. It wie in grutte ‘meglepetés’ (ferrassing) dat we kamen. Der waard gau mei de direktrise belle om te freegjen wêr’t de doazen stean moasten. Nei it útladen en in bakje kofje hawwe we ynladen foar it ‘Blijf van mijn lijf huis’ yn Nyíregháza. Hjir wienen we gau klear sadat we yn ús eigen tehûs ite koenen. Doe de middeis noch in ritsje makke nei Tiborszálas, in âldereintehûs. Moai op ’e tiid wer thús. Wol lekker om even neat te dwaan mei dat waarme waar. Jûns noch wat yn de húshâlding dien, dan is it noch wat út te hâlden.
De famkes geane no jûns faak nei it fuotbalfjild. Soms om sels te fuotbaljen en soms om te sjen nei de jonges. Oft it dan giet om it spul of om de jonges litte we mar yn it midden. Feit is wol dat de jonges hieltyd mear belangstelling foar ús froulju krije. Doe’t we de karre hellen, sei de ferhierder al tsjin ús direktrise: Dêr meie se wol om tinke by jim yn it doarp, mei al dy sigeuners. Ik fyn it lestich om mei dy diskriminaasje om te gean. As de sigeuners gjin kânsen krije, wurdt it ek hieltyd lestiger.
Fan’e moarn binne we earst nei Berettyoufalu riden. De direkteur wie der diskear net en we fûnen it wol aardich om te sjen dat de wurknimmers dan folle frijer binne en ek folle mear fertelle en sjen litte. We hawwe it hjir ek hân oer de oansteande feroarings. De bern ûnder de 12 moatte nei pleechgesinnen. Dêr binne der fansels net genôch fan. Wurkleaze minsken kinne harren no foar dit wurk oanmelde. It wurdt dan dus dien foar it jild en net út leafde foar de bern en dat liket ús en in protte minsken hjir net in goede ûntwikkeling. Yn it tehûs wienen se o sa wiis mei de (sport) klean en de ballen. We krigen ek noch in rûnlieding yn de lytse wenningen dêr’t in tal jonges ûnder begelieding wenje.
Underweis hawwe we hearlik iten, we wienen earst om healwei trijen wer yn Kisléta. Gau ynladen foar it tehûs yn Nyírbéltek. Dêr is in nije direktrise kaam, sy wurke earst yn Kisléta. De bewenners holpen mei it útladen. It binne âldere minsken mei psychyske problemen en geastlik handikapten. Mei ien fan harren in praatsje makke, in bytsje oandacht fine se sa fijn. Noch in rûnlieding hân. As ik sjoch hoe’t minsken hjir libje moatte dan meie wy yn Nederlân noait wer seure. Ik tink dat it ien fan tehuzen is dý’t der it minste oan ta is. Alles âld en fersliten en fansels gjin jild foar renovaasje.
Krekt noch op besite west by Ivan, in âld kollega. We moasten even ynformearje hoe't it mei de dowen giet dy't er fan Oebele út Nederlân krigen hat. Leuk dat we al in hiel skoft prate kinne yn it Hongaarsk!

  • 30 Juli 2014 - 07:20

    Grutte:

    Hi jongens en famkes, moai om te lezen hoe it giet. Yn Nederlan falt op sommige plakken in soad weter mar by us tot no ta net, it is noch hieltyd moai waar.

    Er stoort mij hier een kat tijdens het tikken van dit bericht hij denkt dat het toetsenbord zijn mand is ???

    Ja ergens anders zijn maakt je weer tevreden met de situatie in Nederland, het heeft dus zo zijn voordelen om op vakantie te gaan. En ik weet wel waar het om gaat bij het voetballen.

    Groetjes en lekker genieten.

  • 30 Juli 2014 - 11:45

    Jan Pasma:

    Hoi Fryske Hongaren! Juster sei ik dat der gjin nijs wie, mar doe wist ik noch net dat der in grutte brân wie yn de suvelfabryk fan Gerkeskleaster. De tsiisopslach is yn flammen opgien mei 45.000 tsizen en al. Net mear te rêden, mar de fabryk wol, al sil it noch wol even duorje ear't de produksje wer opstarten wurde kin. Dit is nijs dat foaral Jelle wol ynteressearje sil, al hat er dan no ek fakânsje, want as ik it goed haw hat "De Klokslag" de tsiislijn makke. No, dit wie it foarearst.

    Groetnis, heit

  • 31 Juli 2014 - 07:21

    Grutte:

    Happy birthday to you
    Happy birthday to you
    Happy birthday dear Rennie
    Happy birthday to you

    Lokwinkse mei dyn jierdie en meitsje der in moaie dei fan.

    groetjes Tryn

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Verslag uit: Hongarije, Kisléta

Mijn eerste reis

Recente Reisverslagen:

24 Augustus 2017

Útstapkes

21 Augustus 2017

Alle doazen binne fuort.

15 Augustus 2017

Rûnbringen 2017

31 Augustus 2016

In 'ongenode gast'

21 Augustus 2016

Even byprate

14 Augustus 2016

It rûnbringen

04 Augustus 2016

Even in kuolkast keapje

12 Augustus 2015

Tokaj en ôfskied nimme

08 Augustus 2015

Klein en groot geluk

02 Augustus 2015

Jierdei fiere en de Tesco tour

02 Augustus 2015

Te veel

26 Juli 2015

Alles rûnbrocht

22 Juli 2015

Dag 2 en 3

20 Juli 2015

De eerste dozen zijn weg

16 Juli 2015

Donderdag 16 juli

16 Augustus 2014

In soad dien de lêste wike

07 Augustus 2014

Systeempje?

05 Augustus 2014

In drok wykein

02 Augustus 2014

Noch in pear ritsjes.

29 Juli 2014

Al by fiif tehuzen west

28 Juli 2014

Nije ûntwikkelingen yn de tehuzen

13 Augustus 2013

In laits en in trien

05 Augustus 2013

Spraakverwarring

05 Augustus 2013

Myn jierdei en grutte grizels

30 Juli 2013

Al weer een week voorbij

29 Juli 2013

Veranderingen

22 Juli 2013

Begraffenis

21 Juli 2013

Falunap 2013

19 Juli 2013

Gödöllö en lêste dei

17 Juli 2013

Ferslach tiisdei en woansdei

16 Juli 2013

Tsjinsthûs moandei

13 Juli 2013

De earste wike

30 Augustus 2011

Toerist yn eigen lân

21 Augustus 2011

Geld en vrouwen

18 Augustus 2011

Balaton

16 Augustus 2011

In ekstra update

15 Augustus 2011

Al weer een week om.

07 Augustus 2011

Wike 2 alwer

01 Augustus 2011

Hármincnyolc

29 Juli 2011

Mixed emotions

25 Februari 2011

Een volle week

22 Februari 2011

Thús

23 Augustus 2010

Wolkom thús

18 Augustus 2010

It ôfskied

17 Augustus 2010

De lêste dagen

05 Augustus 2010

Aardige petearen

27 Juli 2010

Welkom in Hongarije

17 Juli 2010

Feije syn ideeën

11 Juli 2010

Njoggen jier

05 Juli 2010

Liefde is ......

29 Juni 2010

Dicht bij de natuur

29 Juni 2010

En toen waren er nog maar twee

21 Juni 2010

Oer in kater en hinnepiken

18 Juni 2010

'even' wandelen

17 Juni 2010

Daar zijn we weer!

15 Juni 2010

deadsangsten

15 Juni 2010

na regen....

05 Juni 2010

Dozen, regen, een regen aan dozen

30 Mei 2010

Falunap

24 Mei 2010

Hobbel in de weg, hobbel in de weg, GAT in de weg

21 Mei 2010

Eigenaardig

18 Mei 2010

Blub, blub, blub

10 Mei 2010

FRUSTRATIES!

07 Mei 2010

De avonturen fan heit en Pytsje

04 Mei 2010

Jild útjûn en nije besite

20 April 2010

Nati

18 April 2010

Het is weer stil in huis

07 April 2010

de peaskedagen

31 Maart 2010

De natuur ontwaakt

28 Maart 2010

Feije syn fuotbaldebút

20 Maart 2010

Foarjier!!

16 Maart 2010

Hulp is welkom.

11 Maart 2010

Lytse dingen

07 Maart 2010

In optreden

04 Maart 2010

'Onze kinderen'

23 Februari 2010

Skoaltsjesiik

22 Februari 2010

Weer wat nieuws!

18 Februari 2010

In aparte wike

14 Februari 2010

Négy éves

11 Februari 2010

Het tehuis

09 Februari 2010

Geduld is een schone zaak.

08 Februari 2010

De grutte dei!

06 Februari 2010

En we soenen gjin stress hjir!

04 Februari 2010

Dom, dommer, domst!

03 Februari 2010

In wite wûnderwrâld

01 Februari 2010

Ingesneeuwd

31 Januari 2010

noch ien kear

28 Januari 2010

Kisléta

27 Januari 2010

Gödöllö 2

25 Januari 2010

Sok boldog születésnapot

24 Januari 2010

Gödöllö

22 Januari 2010

Post

20 Januari 2010

Echte Nederlanders

16 Januari 2010

Research

15 Januari 2010

Nieuwe hoop

12 Januari 2010

Wachtsje

11 Januari 2010

het weekend

08 Januari 2010

Status vrijwilligerswerk

07 Januari 2010

Werom yn de tiid

05 Januari 2010

Ynternet

03 Januari 2010

Eger

31 December 2009

Te plak

26 December 2009

Een dooie mus

29 November 2009

Eind goed, al goed

23 November 2009

Stilte

15 November 2009

Advys

12 November 2009

Ek dat noch

04 November 2009

Nijs fan Nelly

28 Oktober 2009

Als een donderslag...

24 Oktober 2009

Voorbereidingen

21 Oktober 2009

Goed nijs

12 Oktober 2009

Wer thús

09 Oktober 2009

Alles geregeld?

08 Oktober 2009

Donderdag 08 oktober

07 Oktober 2009

Woensdag 7 oktober

30 September 2009

It begjin
Familie

In december reizen wij met het hele gezin naar Hongarije. De bedoeling is dat wij hier 8 maanden vrijwilligerswerk in een kindertehuis gaan doen.

Actief sinds 29 Sept. 2009
Verslag gelezen: 349
Totaal aantal bezoekers 222912

Voorgaande reizen:

28 December 2009 - 22 Augustus 2010

Mijn eerste reis

Landen bezocht: