In 'ongenode gast'
Door: Renske
Blijf op de hoogte en volg Familie
31 Augustus 2016 | Hongarije, Kisléta
Wy hienen Feije tasein dat wy noch in kear in wetterfyts hiere soenen yn Nyíregyháza by it Sóstó (sâlte mar), allinne wie it ferhierpunt sletten doe’t we dêr kamen. Doe mar in skelter hierd. Feije hat mei de froulju troch it park skeurd en wy hawwe lekker op it terras sitten. Jûns waarden we ferwachte by minsken thús. Krekt as by de sigeuners goulash boppe it fjoer klearmakke. Fierstefolle iten en fijn de hiele jûn by it fjoer sitten. De direktrise en har man wienen der ek en omdat we no in tolk hienen, koenen we wat makliker meielkoar prate. It die bliken dat wy al in oantal jierren illegaal yn it hûs wenje. Eins mei der gjinien mear yn. Fandêr dat wy ek gjin hier betelje hoege. Lokkich kinne we dat altyd wol op in oare manier oplosse.
Woansdei stie yn it teken fan opromje, ynpakke en ôfskied nimme. Alle kearen wer dreech.
Tongersdeitemoarn hienen we noch in ‘ongenode gast’. Jelle en ik leinen krekt te oerlizzen oft we der ôf soenen doe’t we nochal in kabaal by it rút hearden. Wie der in flearmûs nei binnen flein. Wy hurd út de keamer en de doar ticht. Ja, dêr steane je dan yn je piama. Alle klean stienen ynpakt klear yn de sliepkeamer. De poartwachter soe wol even immen delstjoere. Dat hat fansels even duorre, mar nei noch in kear freegjen kaam de túnman mei ús mei. Hy hat it bist mei in fisknet fongen. Wat in leven meitsje dy bisten! Nei dizze fertraging koenen we om healwei tsienen fuort. By de grinzen gong it flot, de earste nacht tichby Passau sliept. In prachtich plakje oan de Donau! Freeds wie it wat drokker op de dyk. Uteinlik jûns om njoggen oere wer thús.
En no wer ‘back to reality’
Reageer op dit reisverslag
Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley