Falunap 2013 - Reisverslag uit Kisléta, Hongarije van Familie Meer - WaarBenJij.nu Falunap 2013 - Reisverslag uit Kisléta, Hongarije van Familie Meer - WaarBenJij.nu

Falunap 2013

Door: Renske

Blijf op de hoogte en volg Familie

21 Juli 2013 | Hongarije, Kisléta

Sneon wie dan de dei dêr’t alle bern fan it tehûs al hiel lang nei útseagen: falunap (doarpsdei), in soarte fan doarpsfeest. Om njoggen oere moasten we ús al melde op it sportfjild. De famkes waarden gelyk frege om mei te dwaan mei de sportkompetysje. Nei wat oandringen woenen se dat wol dwaan. Mar earst waarden we nei de tinte fan it tehûs stjoerd, hjir koenen we spek, komkommers, tomaten en bakte courgette ite. De famkes dienen dus mei oan de kompetysje ûnder lieding fan in soarte fan militêre groep. Se binne tredde wurden! Der wienen allegearre optredens fan de skoallen, Hongaarske folksmuzyk en ús eigen tehûs. Jelle hat meidien oan it fuotbaljen en ik moast sjurearje foar de itensiederswedstriid. Heb ik dat  Lokkich wie Nelly der ek en we mochten it tegearre ynfolje. Dêrneist wienen der noch twa sjuryleden. We moasten by njoggen kreamkes del om te priuwen en de opmaak te beoardieljen. Oeral lytse bytsjes nommen want oars sitte je samar fol. Us tehûs is earste wurden! We stienen der fersteld fan dat de direktrise holp mei it itensieden. Dat is hjir oars net sa gewoan.
De bern fan it tehûs wienen der fansels ek en hawwe o sa genoaten. Wy hawwe mei Ricsi even nei it fuotbaljen west, se krigen in ijsje en se mochten op de karre mei hynders derfoar. Dani hie ús wer moai te pakken. Hy draafde fuort, Feije achternei. Dy siet by Jelle yn de tinte. Hy gong sitten, pakte in bekerke en set it oan de mûle foar’t ik it yn ‘e gaten hie. Wat siet der eins yn, frege ik. Palinka, wie it antwurd. Lekker wie it, sei de lytse aap. Hy hat fêst lekker koest!
Jûns wie der disko, dêr hawwe we ek noch even hinne west. It sportfjild is oan de oare kant fan de dyk. Om njoggen oere leinen de bern op bêd en koenen wy noch even hinne. Om tsien oere soenen we nei hûs doe’t we guon fan it tehûs tsjin kamen. Doe moast der wer wat dronken wurde fansels. It wie o sa gesellich, in ynternasjonaal selsskip: Hongaren, Nederlanners, Oekraieners en Wytrussen. Dochs noch let op bêd kommen.
Snein lekker te swimmen west yn Nyirbátor. Feije wie sa wurch dat er ûnder iten hast yn ‘e sliep foel.

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Verslag uit: Hongarije, Kisléta

Mijn eerste reis

Recente Reisverslagen:

24 Augustus 2017

Útstapkes

21 Augustus 2017

Alle doazen binne fuort.

15 Augustus 2017

Rûnbringen 2017

31 Augustus 2016

In 'ongenode gast'

21 Augustus 2016

Even byprate
Familie

In december reizen wij met het hele gezin naar Hongarije. De bedoeling is dat wij hier 8 maanden vrijwilligerswerk in een kindertehuis gaan doen.

Actief sinds 29 Sept. 2009
Verslag gelezen: 265
Totaal aantal bezoekers 212043

Voorgaande reizen:

28 December 2009 - 22 Augustus 2010

Mijn eerste reis

Landen bezocht: