Lytse dingen

Door: webmaster

Blijf op de hoogte en volg Familie

11 Maart 2010 | Hongarije, Kisléta

Hjoed hawwe we in pear bern hiel bliid makke. Juster haw ik oan de direktrise frege oft we sa no en dan in pear bern meinimme meie. Der binne hjir sa'n protte dy't noait immen op besite krije. It mocht!
Hjoed haw ik it mei twa kollega's bepraten en binne we nei de susters west om it melden. Fantefoaren hienen we al wat bern útsocht. Dat heart hiel raar dat je bern útsykje mar it is no ienkear net mooglik om alle bern mei te nimmen. De bern dy't we meikrije binne de 'maklike bern'. Dat wol sizze dat we kontakt meitsje kinne mei dizze bern en dat se net agressyf binne of oare grutte problemen hawwe. Se wolle ús gjin drege bern meijaan en dat is ek wol te begripen. Sels wolle we dat leaver ek net omdat we net witte hoe't de 'agressive bern' harren gedrage by ús.
Doe't it regele wie, koenen we it de bern fertelle. It hat in djippe yndruk op my makke. Se wienen sa bliid!! Sneon komme der twa jonges en in famke. De jonges seinen dat ik harren hiele dei goed makke. It famke har eagen waarden sa grut as teepantsjes en dêrnei begong se te springen en te dûnsjen. Se hat it al oan in hiele protte minsken ferteld. Prachtich om te sjen mar it makket my ek stil. Want wat is it no hielendal wat we dogge? Se komme twa oeren by ús. En dat dat al sa'n feest is! Doe't it har ferteld waard, stie der in jonge by dy't ek hiel graach komme woe. En ik wit dat we him net meinimme meie. Sa no en dan is hy agrressyf, lêsten hat er in rút kapotslein. Dat begruttet my ferskriklik. We hawwe betocht dat we him mar ris yn it tehûs in besite bringe en wat foar him meinimme.
Moandei is it hjir in feestdei en hoege de bern net nei skoalle. Dêrom sille we moandei trije oaren ophelje. We binne hiel benijd hoe't it gean sil, binne ek wol in bytsje senuwachtich. We moatte yn elts gefal soargje foar lekkere dingen. Want se binne gek op lekker iten. Fierder sille se harren fêst wol fermeitsje mei it boartersguod fan ús bern. Mei de jonges kinne we in aardich petear hâlde. Sy binne al wat âlder en harren geestlike handicap is net sa grut.


  • 11 Maart 2010 - 21:32

    Anna Karin:

    Grut respect ha ik foar jimme en foar wat jimme doche foar dizze bern. Ik leau net dat ik sa'n aventoer oan doarre soe mei de mantsjes en jimme dóche it mar "gewoan". Geweldich. En tagelyk snap ik hiel bêst wasto bedoelst, mei dat it eins mar in lyts dinkje is om die bern even mei te nimmen.

    Soesto myn mailadres trochjaan wolle oan guon die't nei jim ta gean yn de maaityd? Dan bring ik dêr even wat lêsfoer foar de fammen en miskien kinst oanjaan of der noch oare dingen binne die't jimme of de bern yn it tehûs noch brûke kinne?

    Groetnis, Anna Karin

  • 11 Maart 2010 - 21:39

    Hennie Fan De Afûk:

    Wat moai dat jimme dy bern sa bliid meitsje kinne mei sokke lytse dinkjes. Mar eins ek wol hiel slim dat it sa is.
    Is it ek aardich foar dy bern om post te krijen. In moaie kaart of sa? Ik soe dat wol leuk fine om te dwaan. No ja, as dat wat is hear ik it wol.
    groetenis
    Hennie


  • 12 Maart 2010 - 06:29

    Hennie Ut Boksum:

    Geweldich Jelle, renske en bern.
    Dat je bern mei sokke lytse dinkjes sa gelokkich meitsje kinne,
    it is hast net te liuwen.
    Jimme binne kanjers.
    Wat in waardefolle tiid is dit foar eltsenien.
    Ik sil it folgje op de foet en it is krekt sa't Hennie fan de Afuk seit, kinne we wat dwaan foar de bern?
    In kaatsje, of wat oars??
    in protte wille mei elkoar dit wykein

  • 13 Maart 2010 - 15:09

    Tryn:

    Hoi, schitterend en tagelik hiel erg dat je bern allinne al mei en bezoekje van 2 uurtjes al sa bliid meitsje. Dan kun je je een beetje indenken dat die kids weinig anders hebben. Misschien kun je later in de tijd ook eens kinderen meenemen met een wat grotere handicap, als je daar een beetje meer/ beter op ingespeeld bent. Succes dit weekend en maak er wat moois van met z'n allen. Dikke tut

  • 13 Maart 2010 - 15:36

    Heit:

    Wat moai dat jimme de bern dêr mei lytse dingen safolle wille jaan kinne. Hjoed lies ik yn de krante boppe in advertinsje in sitaat fan Dag Hammerskjöld, de earste siktaris-generaal fan de Feriene Naasjes. Oerset wie dat sitaat: "Asto foar ien minske yn dyn libben wat betsjutten hast, dan hast net om 'e nocht libbe". Dêr moast ik oan tinke doe't ik dit lies. Moai sa trochgean. Faaks wolle D.P. en Brecht as se aanst komme wol wat meinimme foar Anna Karin nei jimme ta. En oars dogge Pytsje en ik it yn maaie wol. It idee fan Hennie fan de Afûk om in moaie kaart te stjoeren liket my ek wol wat.

  • 14 Maart 2010 - 07:39

    Suzan / Mantgum:

    Hallo,

    Wat mooi dat jullie zo bezig zijn en op deze manier zoveel kunnen betekenen. Onze familie in Zambia heeft nu bezoek uit Nederland. We zijn benieuwd naar de verhalen bij terugkomst. Zij zijn daar nu druk bezig om speeltoestellen te plaatsen. Leuk op op deze manier twee families met kinderen in het buitenland te volgen. Petje af voor jullie!

    Hartelijke groet,
    Suzan

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Verslag uit: Hongarije, Kisléta

Mijn eerste reis

Recente Reisverslagen:

24 Augustus 2017

Útstapkes

21 Augustus 2017

Alle doazen binne fuort.

15 Augustus 2017

Rûnbringen 2017

31 Augustus 2016

In 'ongenode gast'

21 Augustus 2016

Even byprate

14 Augustus 2016

It rûnbringen

04 Augustus 2016

Even in kuolkast keapje

12 Augustus 2015

Tokaj en ôfskied nimme

08 Augustus 2015

Klein en groot geluk

02 Augustus 2015

Jierdei fiere en de Tesco tour

02 Augustus 2015

Te veel

26 Juli 2015

Alles rûnbrocht

22 Juli 2015

Dag 2 en 3

20 Juli 2015

De eerste dozen zijn weg

16 Juli 2015

Donderdag 16 juli

16 Augustus 2014

In soad dien de lêste wike

07 Augustus 2014

Systeempje?

05 Augustus 2014

In drok wykein

02 Augustus 2014

Noch in pear ritsjes.

29 Juli 2014

Al by fiif tehuzen west

28 Juli 2014

Nije ûntwikkelingen yn de tehuzen

13 Augustus 2013

In laits en in trien

05 Augustus 2013

Spraakverwarring

05 Augustus 2013

Myn jierdei en grutte grizels

30 Juli 2013

Al weer een week voorbij

29 Juli 2013

Veranderingen

22 Juli 2013

Begraffenis

21 Juli 2013

Falunap 2013

19 Juli 2013

Gödöllö en lêste dei

17 Juli 2013

Ferslach tiisdei en woansdei

16 Juli 2013

Tsjinsthûs moandei

13 Juli 2013

De earste wike

30 Augustus 2011

Toerist yn eigen lân

21 Augustus 2011

Geld en vrouwen

18 Augustus 2011

Balaton

16 Augustus 2011

In ekstra update

15 Augustus 2011

Al weer een week om.

07 Augustus 2011

Wike 2 alwer

01 Augustus 2011

Hármincnyolc

29 Juli 2011

Mixed emotions

25 Februari 2011

Een volle week

22 Februari 2011

Thús

23 Augustus 2010

Wolkom thús

18 Augustus 2010

It ôfskied

17 Augustus 2010

De lêste dagen

05 Augustus 2010

Aardige petearen

27 Juli 2010

Welkom in Hongarije

17 Juli 2010

Feije syn ideeën

11 Juli 2010

Njoggen jier

05 Juli 2010

Liefde is ......

29 Juni 2010

Dicht bij de natuur

29 Juni 2010

En toen waren er nog maar twee

21 Juni 2010

Oer in kater en hinnepiken

18 Juni 2010

'even' wandelen

17 Juni 2010

Daar zijn we weer!

15 Juni 2010

deadsangsten

15 Juni 2010

na regen....

05 Juni 2010

Dozen, regen, een regen aan dozen

30 Mei 2010

Falunap

24 Mei 2010

Hobbel in de weg, hobbel in de weg, GAT in de weg

21 Mei 2010

Eigenaardig

18 Mei 2010

Blub, blub, blub

10 Mei 2010

FRUSTRATIES!

07 Mei 2010

De avonturen fan heit en Pytsje

04 Mei 2010

Jild útjûn en nije besite

20 April 2010

Nati

18 April 2010

Het is weer stil in huis

07 April 2010

de peaskedagen

31 Maart 2010

De natuur ontwaakt

28 Maart 2010

Feije syn fuotbaldebút

20 Maart 2010

Foarjier!!

16 Maart 2010

Hulp is welkom.

11 Maart 2010

Lytse dingen

07 Maart 2010

In optreden

04 Maart 2010

'Onze kinderen'

23 Februari 2010

Skoaltsjesiik

22 Februari 2010

Weer wat nieuws!

18 Februari 2010

In aparte wike

14 Februari 2010

Négy éves

11 Februari 2010

Het tehuis

09 Februari 2010

Geduld is een schone zaak.

08 Februari 2010

De grutte dei!

06 Februari 2010

En we soenen gjin stress hjir!

04 Februari 2010

Dom, dommer, domst!

03 Februari 2010

In wite wûnderwrâld

01 Februari 2010

Ingesneeuwd

31 Januari 2010

noch ien kear

28 Januari 2010

Kisléta

27 Januari 2010

Gödöllö 2

25 Januari 2010

Sok boldog születésnapot

24 Januari 2010

Gödöllö

22 Januari 2010

Post

20 Januari 2010

Echte Nederlanders

16 Januari 2010

Research

15 Januari 2010

Nieuwe hoop

12 Januari 2010

Wachtsje

11 Januari 2010

het weekend

08 Januari 2010

Status vrijwilligerswerk

07 Januari 2010

Werom yn de tiid

05 Januari 2010

Ynternet

03 Januari 2010

Eger

31 December 2009

Te plak

26 December 2009

Een dooie mus

29 November 2009

Eind goed, al goed

23 November 2009

Stilte

15 November 2009

Advys

12 November 2009

Ek dat noch

04 November 2009

Nijs fan Nelly

28 Oktober 2009

Als een donderslag...

24 Oktober 2009

Voorbereidingen

21 Oktober 2009

Goed nijs

12 Oktober 2009

Wer thús

09 Oktober 2009

Alles geregeld?

08 Oktober 2009

Donderdag 08 oktober

07 Oktober 2009

Woensdag 7 oktober

30 September 2009

It begjin
Familie

In december reizen wij met het hele gezin naar Hongarije. De bedoeling is dat wij hier 8 maanden vrijwilligerswerk in een kindertehuis gaan doen.

Actief sinds 29 Sept. 2009
Verslag gelezen: 274
Totaal aantal bezoekers 222878

Voorgaande reizen:

28 December 2009 - 22 Augustus 2010

Mijn eerste reis

Landen bezocht: