Ferslach tiisdei en woansdei - Reisverslag uit Kisléta, Hongarije van Familie Meer - WaarBenJij.nu Ferslach tiisdei en woansdei - Reisverslag uit Kisléta, Hongarije van Familie Meer - WaarBenJij.nu

Ferslach tiisdei en woansdei

Door: Renske

Blijf op de hoogte en volg Familie

17 Juli 2013 | Hongarije, Kisléta

Tiisdei twa tehuzen besocht. Earst Berettyóújfalu, de direkteur wie ferrast om ús te sjen. Hy hie de mail wol krigen mar hie net yn ‘e gaten dat wy it wienen. It spyt him noch altyd dat it yn 2010 net slagge is. It wie in lange reis mar we wienen krekt op ‘e tiid foar it iten werom.
Der is trouwens ûnderweis wol wer genôch te sjen. Ik fyn yn dizze tiid de fjilden prachtich mei alle sinneblommen. De famkes seagen guon dy’t oan it ferhúzjen wienen en sa op de bank achter op de karre sieten. En we kamen in auto tsjin mei in iepen karre fol mei hinnen. De fearren waaiden der hast ôf.
Middeis nei Tiborzsalas riden, hjir stiet in âldereintehûs. It tehûs sels sjocht der prachtich út mei in protte blommen yn de tún en op it terras. Mar as je wat fierder sjogge is it wol dúdlik dat de klean goed teplak komme. Minsken sliepe mei har twaen of fjouweren op ien keamer. Der binne sa’n 20 susters foar 120 minsken dy’t elkoar ek noch ôfwikselje moatte. In protte minsken sitte of lizze allinne mar wat foar harren út te stoarjen. Se libben wol hielendal op by it sjen fan de bern. Foaral Feije as lytste moat it ûntjilde. Se strike him oer it hier, wolle in hantsje of in tút. Hy fynt it mar neat! Ik begryp dat best want se sjogge der ek echt âld út hjir. In protte âlde kromme wyfkes mei in holdoekje, gjin tosken mear yn ‘e mûle en allegearre rimpels. Ek frege er him ôf oft de minsken stout west hienen omdat it stek op slot moast. Dêr moast de suster wol o sa om laitsje. It hûs stiet yn ‘e bosk en as der immen mei Alzheimer fuortrint, hawwe se wol in grut probleem. Lokkich is de tún grut genôch om te kuierjen.
Hjoed stie earst it sikehûs yn Fehérgyarmat op it programma. De spullen dy’t we dêr bringe wurde ferdield ûnder tehuzen en earme minsken. Wat se net kwyt kinne, giet nei de Oekraiëne. We wienen moai op ‘e tiid en tochten nei wat drinken wer fuort te kinnen mar dat hienen we mis. Se woenen ús beslist middeisiten oanbiede en doe hawwe we earst in koarte rûnlieding krigen en doe noch trije kertier wachte oant it iterstiid wie. Dêrtroch koenen we net yn Kisléta ite en dêr hienen se ús wol ferwachte. Hienen noch in sms stjoerd oan de portier mar dat wie net hielendal goed oankommen. It bliuwt hjir lestich om in planning te meitsjen.
Nei it iten gau werom riden en ynladen foar Mérk. Dêr stiet in âldereintehûs foar 220 minsken. Sy krije dan ek 60 doazen. Dit tehûs hawwe we ek besichtige en dit seach der in stik minder út. Hiel âld, minsken sliepe mei har achten op in keamer en der steane noch âlderwetske kachels, dy’t mei hout of koalen stookt wurde moatte.
As lêste hawwe we nei Julia west. Sy wurket yn in tehûs foar gehandicapte famkes en gie faak mei Keimpe mei as tolk. De klean dy’t sy krijt geane nei har sus. Julia praat Nederlânsk dus we hawwe hjoed alle talen wer hân: Frysk, Nederlânsk, Dútsk, Ingelsk en Hongaarsk. Soms draait it my yn ‘e holle. By Julia hawwe we bole iten en om kertier oer achten wienen we dan wer thús. Noch twa dagen te gean.

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Verslag uit: Hongarije, Kisléta

Mijn eerste reis

Recente Reisverslagen:

24 Augustus 2017

Útstapkes

21 Augustus 2017

Alle doazen binne fuort.

15 Augustus 2017

Rûnbringen 2017

31 Augustus 2016

In 'ongenode gast'

21 Augustus 2016

Even byprate
Familie

In december reizen wij met het hele gezin naar Hongarije. De bedoeling is dat wij hier 8 maanden vrijwilligerswerk in een kindertehuis gaan doen.

Actief sinds 29 Sept. 2009
Verslag gelezen: 294
Totaal aantal bezoekers 212049

Voorgaande reizen:

28 December 2009 - 22 Augustus 2010

Mijn eerste reis

Landen bezocht: