Skoaltsjesiik - Reisverslag uit Kisléta, Hongarije van Familie Meer - WaarBenJij.nu Skoaltsjesiik - Reisverslag uit Kisléta, Hongarije van Familie Meer - WaarBenJij.nu

Skoaltsjesiik

Door: webmaster

Blijf op de hoogte en volg Familie

23 Februari 2010 | Hongarije, Kisléta

Hjoed wer in nije ferrassing. Jelle brocht Feije fannemoarn nei skoalle ta en dêr sei de juf dat we mei Feije nei dokter moasten. Hy kuchelet al in hiel skoft mar hat der gjin lêst fan. Hy is net koartsich, hy sliept en yt goed, hy boartet en hat wille. Mar hjir binne se sa't it skynt spoekbenaud foar syktes want se woenen in ferklearring fan in dokter dat er net siik is.
Jelle dus mei de direktrise fan skoalle nei de húsarts fan Kisléta. Dizze man hat lústere nei de longen en sei dat er miskien wol siik wie. Der moast yn it sikehûs in foto makke wurde fan de longen. Pneumonia stie der op it briefke (longûntstekking). Jelle hat doe my belle en tegearre mei Feije binne we nei Nyirbator riden. Hjir in skoft socht om it sikehûs dat net bestiet, we moasten by in soarte fan medysk sintrum wêze. In frou is mei ús meiriden en hat ús oant de doar fan de dokter ta brocht. Der sieten in hiele soad minsken te wachtsjen. Mar wy waarden al hiel gau (foar ús beurt) holpen, dat hie wer in oare frou regele. As bûtenlanner hawwe we in streepke foar, tink ik. Earlik fûn ik it net mar meitsje dat mar ris dúdlik.
It wie ús al hiel gau dúdlik dat wy yn Nederlân echt net kleie meie oer de sûnenssoarch. Minsken moatte hjir tiden wachtsje oant se holpen wurde. It gebou en alle tafels, stuollen en oare dingen binne behoarlik ferâldere, it seach der suterich út. Oan alles kinne we merke dat der gewoan gjin jild is om sokke dingen op te knappen of nij spul oan te skaffen. Wol die letter bliken dat de consulten fergees binne. We hoegden allinne foar de medisinen te beteljen. Der waard ek hielendal net frege nei ús fersekeringspapieren of sa.
Goed, de kinderarts hat ek nei Feije syn longen lústere en hy konstatearre brongitis. Der waarden medisinen foarskreaun en in briefke foar de skoalle. Hy mei oant en mei freed net nei skoalle ta hoewol't er echt nearne lêst fan hat. Feije fynt it gjin straf fansels :)
By de apoteek de medisinen ophelle en doe koenen we wer nei hûs. Fansels hawwe we earst noch wol even nei ús eigen dokter belle om te hearren oft der net al te raar spul foarskreaun is. It is in antibioticumkuer en in slymoplosser. No sille we mar braaf begjinne mei it tatsjinjen fan de medisinen en sjen oft it kucheljen oergiet.
We hoopje mar dat dit de earste en de lêste besite oan dokter wie.
Feije fynt it neat net slim. Hy krijt no noch mear oandacht as earst fan eltsenien. Se fine him hjir sa moai en leaf en grappich. Mar ús lytse man makket al aardich misbrûk fan de sitewaasje. Moandei ek mar gau wer nei skoalle ta!

  • 24 Februari 2010 - 14:58

    Elly,:

    die feye toch, het is ook wel lekker om even niet naar school te hoeven.groet

  • 24 Februari 2010 - 18:52

    Hennie:

    Sa is der elke dei wol wat nijs,
    Ik tink dat it Feije wol goed útkomt.
    Hy sil wol wenne moatte, elke dei nei skoalle
    Fierder meitsje jimme wol alle aspekten mei fan it libben yn Hongarije
    groetnis en oant in oare kear

  • 26 Februari 2010 - 18:55

    Jasper En Anneke:

    hallo fijn dat jullie nu in een eigen huis zitten,dat is voor de kinderen ook wat rustiger leuk he zon;n grote stad bij nacht jammer dat feije een beetje ziek is maar gelukkig zijn daar ook dokters en komt het wel weer goed.groetjes en succes verder

  • 26 Februari 2010 - 20:08

    Tryn:

    Hoi jongens, jammer dat er iemand ziek moet zijn , maar aan de andere kant bied je dat wel de mogelijkheid om ook dat aspect van Hongarije mee te maken. Ik ben echt al een dikke week verkouden maar heb nog geen medicijnen voor bronchitis of wat dan ook gekregen. Ik doe het met wat strepsils en fischerman friends. Maar hoop wel dat het straks weer over is. Ik schrijf het maar doe aan het weer. Het is momenteel niet koud maar vies en druilerig. Ik had nu ook wel genoeg van de winter na 2 maanden, maar van deze regen heb ik al na een dag genoeg. In Boksum is alles okido. groetjes

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Verslag uit: Hongarije, Kisléta

Mijn eerste reis

Recente Reisverslagen:

24 Augustus 2017

Útstapkes

21 Augustus 2017

Alle doazen binne fuort.

15 Augustus 2017

Rûnbringen 2017

31 Augustus 2016

In 'ongenode gast'

21 Augustus 2016

Even byprate
Familie

In december reizen wij met het hele gezin naar Hongarije. De bedoeling is dat wij hier 8 maanden vrijwilligerswerk in een kindertehuis gaan doen.

Actief sinds 29 Sept. 2009
Verslag gelezen: 249
Totaal aantal bezoekers 212026

Voorgaande reizen:

28 December 2009 - 22 Augustus 2010

Mijn eerste reis

Landen bezocht: