Aardige petearen

Door: webmaster

Blijf op de hoogte en volg Familie

05 Augustus 2010 | Hongarije, Kisléta

Sa no en dan hawwe we hjir hiele leuke petearen.
Foarige wike stie ik te wachtsjen op Jelle. In âldere man begong in praatsje oer it minne waar. Ik hie al it ien en oar werom sein en doe sei ik: "Dit is no echt Nederlânsk waar." Hjirnei rûn er fierder. Nei in skoftke kaam er werom. "Hee, do komst út Nederlân!" "Ja, dat kloppet." "Dan praatst do wol goed Hongaarsk." Dat fûn ik wol in grut kompliment. Mar de beste man koe it mar net leauwe. "Dus do bist gjin Hongaarske. En dyn man, komt dy hjir dan wei?" Doe moast er witte wêr't ik it dan leard hie. En hoefolle Hongaren der yn Nederlân wenje. Op dat lêste moast ik it antwurd skuldich bliuwe. Immen in idee?
Dyselde jûn stie Jelle bûten by de oprit. In frou stoppe om it paad te freegjen. Jelle sei doe yn it Hongaarsk: "In bytsje stadiger, aub, ik bin gjin Hongaar." De frou skrok hjir sa fan dat se hielendal begong te hyperfentilearjen. Se koe noch krekt it wurd 'street' útbringe. Fansels hat Jelle doe yn syn beste Hongaarsk har ferteld wêr't se delmoast.
It kontakt mei bûtenlanners is foar in protte Hongaren in hiele erfaring. Se prate hast gjin oare talen en hawwe soms gjin idee hoe't it der earne oars hinne leit. Sa frege der lêsten immen oft wy yn Nederlân ek forinten hienen. "Nee, wy hawwe euro's." Hy wie o sa ferheard, hat it wol twa kear frege.

Fan in protte minsken dy't hjir op besite wienen, krigen we de fraach wêrom hjir safolle minsken yn in Suzuki Swift ride. We witte no it antwurd. Yn Esztergom stiet in fabryk fan Suzuki. Foar in part is it sjauvinisme en foar in part is it omdat dizze auto's hjir goedkeap binne.

We binne jimme ek noch antwurden skuldich fan de kwis.
opstekfinger : dat wie de middelfinger
nakel: hjir bedoelt Feije de earmsholte mei, gjin idee hoe't er der opkomt
soldanen: dit is in moai foarbyld fan husseljen, it binne sandalen

Foarige wike noch in lêste dei mei Eelke en Margaret op stap west. Earst kofjedronken yn Szentistván. Doe fia in prachtige route nei Lillafüred. Hjir is in wetterfal en we hawwe mei in treintsje west. De dei ôfsletten mei in itentsje yn Eger. We hawwe al wer wat ûnwennich west.
Sneon hawwe we myn jierdei fierd. Omdat it moai waar wie, noch in kear nei Eger riden. Dit is oant no ta ús favorite stêd. Hjir ek noch ris yn in treintsje west en sa wer nije dingen ûntdutsen. Doe't we in lekker taartsje/ijsje sieten te iten, begong it te tongerjen. En it wie wer in flinkenien. Ynslagen hiel tichtby en it reinde dat it eaze. It duorre lang. Doe't it wer wat ôfsakke, binne we earst mar wer fierder gongen. Tuskentroch hieltyd even skûlje. We waarden dochs noch dweiltrochwiet. Letter begong it noch ris te tongerjen, ik haw Jelle syn hân hast fynknypt. En no koenen we allegearre hiel hurd drave. Thús mar gau wer sporte want de kondysje is net mear sa geweldich :)

Dizze wike binne we wer oan it wurk gongen. 'De laatste loodjes.' We binne al hjir en dêr oan it ôfskied nimmen. Sa as bygelyks fan ús 'troetelkippen'. Se sprongen hieltyd oer it stek en sieten dan ferstoppe achter de fytsen op it terras en yn de blombak.
Ek wurde we der hieltyd oan herinnere omdat eltsenien freget wannear't we fuortgeane.
Oan de iene kant hawwe we it gefoel dat it sa wol goed is. Oan de oare kant bin ik hiel bliid dat we takom jier werom geane. Want ik sil alles ferskriklik misse.

Jelle hat hjoed noch even oan it klussen west. De stroom foel hjoed wer ris út. Fannemiddei kamen we derachter dat it diskear net lei oan it netwurk mar dat ús stoppen derútflein wienen. Nei ûndersyk die bliken dat it stopkontakt by de waskmasine finaal trochbrând wie. De stekker siet hielendal fêstraand. We hienen lêsten al ris tocht dat it sa stonk yn de badkeamer :(
Nei wat gepiel hie Jelle alles wer klear, alteast dat tocht er. De lampen dienen it wol mar de apparaten net. It hat even duorre mar doe hat er sa ferstannich west om help te freegjen. De kleuren fan de triedden binne hjir oars en it bliuwt elektrysk. De monteur hat it probleem ferholpen en de waskmasine draait wer.
We hawwe de man fersjoen fan kola, kofje en koekjes. Hy fûn it wol gesellich.

It waar is noch altyd wat wikselfallich. Soms 30+ en soms dagen mei reinwetter en 20 graden. It is seker wol in goed klimaat foar slangen. Jelle en Tjitske hawwe beide al ien sjoen. Ien yn de tún en ien yn it hok by it tehûs. Ik wurd der net bliid fan mar se skine net gefaarlik te wêzen.

  • 06 Augustus 2010 - 11:04

    Heit:

    Hoi allegearre. Jim wurde al echte Hongaren, begryp ik. Wat dyn fraach oangiet Renske, hoefolle Hongaren as der yn Nederlân wenje: Op dit stuit libje der sa'n 8000 oant 10.000 minsken fan Hongaarske komôf yn Nederlân neffens de site Hongarije Vakantieland. Neffens dizze site binne hjir nei 1914 - 1918 in soad bern út Hongarije kommen om op te wouterjen by pleechgesinnen. In part dêrfan is hjir bleaun. Der gongen yn dy jierren nei de earste wrâldoarloch in soad Hongaren nei Nederlânsk Ynje, foaral dokters en yngenieurs en in part dêrfan bedarre letter yn Nederlân. Yn dyselde tiid kamen der in protte Hongaren nei Limburch om yn de minen te wurkjen. En yn 1956 nei de opstân binne hjir in soad Hongaren hinne flechte.
    No Renske, ast dy man wer trefst kinst him dat mar fertelle.
    It is hjir hjoed wer kreas waar, de sinne skynt, wat wolle je noch mear.
    It giet no hurd mei jim tiid dêre, wy kinne no ôftelle.
    Groetnis en in dikke tút út Boksum.

  • 06 Augustus 2010 - 12:19

    Eelke:

    A goeie, moaie foto's hjer enneh... 30+ went wol .. Kin myn broer san goedkeap autotootsje meinimme?? der wie noch romte yn de karre ha ik begrepen.. ;)
    Groetnis en in dikke tút út Wurdum. we telle of!

  • 06 Augustus 2010 - 18:33

    Brecht:

    Hello,

    noch 16 daagjes en jim komme alwer thus!! Good luck met de laatste loodjes!

    Leafs ut Berltsum

  • 07 Augustus 2010 - 22:49

    Syds:

    Ha goeie,

    nei de kultureel ferantwurde en geef-Fryske reaksje fan ús heit fiel ik my ek ferplichte om in reaksje te pleatsen yn ús memmetaal.
    Helaas wit ik no krekt neat intellektueels te fersinnen, dat it bleaut hjir by.

    Gr. Syds.

  • 15 Augustus 2010 - 17:22

    Tryn:

    Hoi allegeare, jongens nog efkes en dan binne jimme alwer yn Mantgum. En Rens dan zul je je ogen niet geloven zo glimt je huis. Je zussen en heit en zwager en schoonzus zijn toch aan het poetsen geweest. Ik moest eerst even kijken of ik wel in het goede huis was. Nu wil ik een smiley plaatsen maar helaas lukt mij dat niet. Groetjes aan iedereen in Kisleta en een hele goede en veilige reis naar huis ergens in de loop van deze week. Dikke tut uit Boksum waar het weer momenteel ook erg wisselvalig is.

  • 16 Augustus 2010 - 21:00

    Dora:

    Hoi allegear,

    Wat binne dy moannen omflein. Dat gefoel sille jim sels ek wol haw.
    Yn alle gefallen noch mar in pear moaie dagen tawinske en in goede reis op wei nei hûs ta.
    groetnis, Dora

  • 17 Augustus 2010 - 10:14

    Lyste Tryn:

    Wauw, komen jullie echt deze week alweer terug? Dat zal vast heel erg wennen zijn, met de nodige heimwee naar het Hongaarse leven, maar waarschijnlijk ook wel weer fijn! Geniet nog even van de laatste momenten, sterkte met het afscheid, succes met de terugrit, en tot snel in Fryslân!
    groetjes lyste Tryn

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Verslag uit: Hongarije, Kisléta

Mijn eerste reis

Recente Reisverslagen:

24 Augustus 2017

Útstapkes

21 Augustus 2017

Alle doazen binne fuort.

15 Augustus 2017

Rûnbringen 2017

31 Augustus 2016

In 'ongenode gast'

21 Augustus 2016

Even byprate

14 Augustus 2016

It rûnbringen

04 Augustus 2016

Even in kuolkast keapje

12 Augustus 2015

Tokaj en ôfskied nimme

08 Augustus 2015

Klein en groot geluk

02 Augustus 2015

Jierdei fiere en de Tesco tour

02 Augustus 2015

Te veel

26 Juli 2015

Alles rûnbrocht

22 Juli 2015

Dag 2 en 3

20 Juli 2015

De eerste dozen zijn weg

16 Juli 2015

Donderdag 16 juli

16 Augustus 2014

In soad dien de lêste wike

07 Augustus 2014

Systeempje?

05 Augustus 2014

In drok wykein

02 Augustus 2014

Noch in pear ritsjes.

29 Juli 2014

Al by fiif tehuzen west

28 Juli 2014

Nije ûntwikkelingen yn de tehuzen

13 Augustus 2013

In laits en in trien

05 Augustus 2013

Spraakverwarring

05 Augustus 2013

Myn jierdei en grutte grizels

30 Juli 2013

Al weer een week voorbij

29 Juli 2013

Veranderingen

22 Juli 2013

Begraffenis

21 Juli 2013

Falunap 2013

19 Juli 2013

Gödöllö en lêste dei

17 Juli 2013

Ferslach tiisdei en woansdei

16 Juli 2013

Tsjinsthûs moandei

13 Juli 2013

De earste wike

30 Augustus 2011

Toerist yn eigen lân

21 Augustus 2011

Geld en vrouwen

18 Augustus 2011

Balaton

16 Augustus 2011

In ekstra update

15 Augustus 2011

Al weer een week om.

07 Augustus 2011

Wike 2 alwer

01 Augustus 2011

Hármincnyolc

29 Juli 2011

Mixed emotions

25 Februari 2011

Een volle week

22 Februari 2011

Thús

23 Augustus 2010

Wolkom thús

18 Augustus 2010

It ôfskied

17 Augustus 2010

De lêste dagen

05 Augustus 2010

Aardige petearen

27 Juli 2010

Welkom in Hongarije

17 Juli 2010

Feije syn ideeën

11 Juli 2010

Njoggen jier

05 Juli 2010

Liefde is ......

29 Juni 2010

Dicht bij de natuur

29 Juni 2010

En toen waren er nog maar twee

21 Juni 2010

Oer in kater en hinnepiken

18 Juni 2010

'even' wandelen

17 Juni 2010

Daar zijn we weer!

15 Juni 2010

deadsangsten

15 Juni 2010

na regen....

05 Juni 2010

Dozen, regen, een regen aan dozen

30 Mei 2010

Falunap

24 Mei 2010

Hobbel in de weg, hobbel in de weg, GAT in de weg

21 Mei 2010

Eigenaardig

18 Mei 2010

Blub, blub, blub

10 Mei 2010

FRUSTRATIES!

07 Mei 2010

De avonturen fan heit en Pytsje

04 Mei 2010

Jild útjûn en nije besite

20 April 2010

Nati

18 April 2010

Het is weer stil in huis

07 April 2010

de peaskedagen

31 Maart 2010

De natuur ontwaakt

28 Maart 2010

Feije syn fuotbaldebút

20 Maart 2010

Foarjier!!

16 Maart 2010

Hulp is welkom.

11 Maart 2010

Lytse dingen

07 Maart 2010

In optreden

04 Maart 2010

'Onze kinderen'

23 Februari 2010

Skoaltsjesiik

22 Februari 2010

Weer wat nieuws!

18 Februari 2010

In aparte wike

14 Februari 2010

Négy éves

11 Februari 2010

Het tehuis

09 Februari 2010

Geduld is een schone zaak.

08 Februari 2010

De grutte dei!

06 Februari 2010

En we soenen gjin stress hjir!

04 Februari 2010

Dom, dommer, domst!

03 Februari 2010

In wite wûnderwrâld

01 Februari 2010

Ingesneeuwd

31 Januari 2010

noch ien kear

28 Januari 2010

Kisléta

27 Januari 2010

Gödöllö 2

25 Januari 2010

Sok boldog születésnapot

24 Januari 2010

Gödöllö

22 Januari 2010

Post

20 Januari 2010

Echte Nederlanders

16 Januari 2010

Research

15 Januari 2010

Nieuwe hoop

12 Januari 2010

Wachtsje

11 Januari 2010

het weekend

08 Januari 2010

Status vrijwilligerswerk

07 Januari 2010

Werom yn de tiid

05 Januari 2010

Ynternet

03 Januari 2010

Eger

31 December 2009

Te plak

26 December 2009

Een dooie mus

29 November 2009

Eind goed, al goed

23 November 2009

Stilte

15 November 2009

Advys

12 November 2009

Ek dat noch

04 November 2009

Nijs fan Nelly

28 Oktober 2009

Als een donderslag...

24 Oktober 2009

Voorbereidingen

21 Oktober 2009

Goed nijs

12 Oktober 2009

Wer thús

09 Oktober 2009

Alles geregeld?

08 Oktober 2009

Donderdag 08 oktober

07 Oktober 2009

Woensdag 7 oktober

30 September 2009

It begjin
Familie

In december reizen wij met het hele gezin naar Hongarije. De bedoeling is dat wij hier 8 maanden vrijwilligerswerk in een kindertehuis gaan doen.

Actief sinds 29 Sept. 2009
Verslag gelezen: 544
Totaal aantal bezoekers 222878

Voorgaande reizen:

28 December 2009 - 22 Augustus 2010

Mijn eerste reis

Landen bezocht: