Jild útjûn en nije besite

Door: webmaster

Blijf op de hoogte en volg Familie

04 Mei 2010 | Hongarije, Kisléta

It is al wer sa'n 14 dagen lyn dat ik skreaun haw. Tiid foar in nij ferslach.
Fjouwerentweintich april wie it ús troudei. Dat hawwe we fierd mei in middei Debrecen. It wie prachtich waar! We hawwe lekker op in bakje sitten by in fontein, in ijsje iten, gebak hân en wat winkele. De jûns te iten west yn in echt Hongaarsk restaurant.
De sneins dêrnei hawwe der wer in pear bern delwest. Dêr genietsje sy en wy alle kearen wer fan.

De wike begong goed, moandeis gewoan oan it wurk west. Tiisdeis wie Ymkje thús fan skoalle omdat se har net lekker fielde. Doe bin ik ek thús bleaun. Dyselde jûns fûn Feije it aardich om even te gimmestykjen. It rûn net hielendal goed ôf. We hearden de famkes razen en gûlen en doe't we by him kamen siet er ûnder it bloed. In lyts gat yn de foarholle, lippe hielendal iepen. Earst nei de poart fan it tehûs riden om te freegjen oft de dokter wol tsjinst hie en dêrnei trochriden nei dokter. Dy hat fierder neat dien, allinne mar in pleister plakt. Dat hienen we fansels sels ek wol kinnen. Mar hy fûn wol dat we de oare deis wer komme moasten. We hawwe no al trije kear wer west en alle kearen allinne mar foar de pleister. We sille it hjir wol noait snappe! De man nimt syn wurk o sa serieus, meast kin der ek gjin glimke ôf. Mar juster moast er dochs wol even om ús mantsje laitsje. Moarn mei de pleister der ôf, it begjint aardich te hieljen. Panyk om 'e nocht dus mar hy mocht foarige wike net nei skoalle fan juf. Se binne sa bang dat der wat bart! Noch in pear frije dagen :) Koe ik moai even wat achterstallich húshâldlik wurk dwaan foardat de besite kaam.

Dy is ûndertusken arrivearre. Se hienen nije sokken, slabben, ûnderguod en boartersguod foar de bern yn it tehûs meikrigen en fansels hienen se foar ús nútsjesmoar, rûgeltsjes, flokken en drop meinommen. Snein hawwe we meielkoar nei Eger west. Wat in ferskil mei de winter. It wie in stik fleuriger. Mear minsken op strjitte, de terraskes sieten fol, kreamkes mei souveniers. We hawwe in leuke dei hân.

Juster koenen we dan einlings ús sinten kwyt. We hienen ûndertusken sa'n 800 euro byelkoar sparre/krigen. We hienen de direktrise frege wat se hjirfoar hawwe woe. Se hat oerlein mei de haadsusters en se woenen wol graach nije kleden foar de keamers fan de bern hawwe. De bern sitte faak op de grûn te boartsjen of se lizze dêr te sliepen en de âlde kleden waarden minder. Wy mochten mei twa susters te winkeljen. Nei lang berie hawwe we meielkoar wat útsocht. We koenen njoggen grutte kleden keapje. Se wienen der hiel bliid mei. We sille hjoed even sjen oft it al teplak leit. Foar alle minsken dy't jild jûn hawwe: tige tank!!!

Hjoed mei Feije nei skoalle west. It wie foar memmedei. De bern dienen allegearre opsisferskes en hawwe songen mar Feije woe net meidwaan. Hy stie derby mei de tomme yn de mûle. Thús praat er hieltyd mear Hongaarsk mar op skoalle fertikt er it. Juf seit dat er it wol praat mei de bern mar net mei har. Nei it optreden krigen alle memmen in moaie blom en in selsmakke kaart.

Foarige wike haw ik de learares Dútsk in hiele protte oefeningen jûn foar it praten. Dy hawwe Jelle en ik tegearre oersetten. Se wie der wol bliid mei. Miskien gean ik noch ris nei skoalle om in gastles te jaan.
Fierder bin ik drok dwaande mei it meitsjen fan twa mappen mei foarbylden fan fouwurkjes. Brecht en DP hawwe lêsten in hiele protte foubledsjes meinommen (dy hawwe se hjir hast net). Dit jouwe we oan de skoalle fan it tehûs en oan Feije syn juf.

No binne jim wer aardich op de hichte fan ús dwaan en litten. De fammen sille ynkoarten ek wol wer in stikje skriuwe mar se hawwe it drok mei skoalle en boartsjen.

  • 04 Mei 2010 - 16:42

    Hennie Annema:

    he famylje, goed op te witten dat de nije besite der is'
    Ik hoop dat se in goeie reis h^an hawwe,
    ik stean hieltyd wer fersteld wat jimme der allegear ut de wei sette.
    Myn respekt foar jimme wurdt hieltyd grutter.
    Doch de groetnis oan de fammen en oan us brokkepiloast en genietsje ek fan jimme besite
    Oant in oare kear

  • 05 Mei 2010 - 06:47

    Tryn:

    Hoi allegear, leuk om weer wat te lezen en zo op de hoogte te blijven van het wel en wee van de familie. Heerlijk dat je met geld kunt smijten en er dan ook nog zoveel tevreden mensen en kinderen voor terug krijgt. Pake Jan sjocht der mar goed ut. Gelukkig had hij nog een korte broek gekocht voor vertrek. Hier is ook alles oke, het weer is wat minder maar ja dat weet je dat hoort bij ons land. Ik zie uit naar mijn weekje Hongarije kan ik alles weer eens met eigen ogen zien. Ik ga dadelijk eens proberen wat er allemaal in dat kleine koffertje van mij past. Groetjes Grutte

  • 05 Mei 2010 - 08:14

    Jaap En Lemke:

    Van harte gelukgewenst met jullie trouwdag. Wij staan versteld van alle verslagen. Wij wensen jullie de komende ruim 100 dagen evenveel verslagen en plezier. Oant sjen.

  • 05 Mei 2010 - 09:30

    Pietrik:

    Hoi allemaal, Wat heerlijk dat jullie zoveel mooie dingen daar meemaken en de mensen zo blij kunnen maken met voor ons soms zulke simpele dingen. Ik wens jullie alle goeds en trouwens nog gefeliciteerd met jullie trouwdag.

    groetjes Pietrik

  • 08 Mei 2010 - 10:26

    Baukje Fortuin 8 Mei:

    Fam . Pasma

    Jimme dogge it geweldig!
    Leuk om de foto 's te sjen.

    Groetnis Baukje

  • 09 Mei 2010 - 18:16

    Anna Karin:

    Wat leuk om wer even in ferslach te lêzen Renske. Jim belibje dêr hiel wat!! Noch lokwinske mei jimme troudei. Leuk om it sa even te fieren :-)

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Verslag uit: Hongarije, Kisléta

Mijn eerste reis

Recente Reisverslagen:

24 Augustus 2017

Útstapkes

21 Augustus 2017

Alle doazen binne fuort.

15 Augustus 2017

Rûnbringen 2017

31 Augustus 2016

In 'ongenode gast'

21 Augustus 2016

Even byprate

14 Augustus 2016

It rûnbringen

04 Augustus 2016

Even in kuolkast keapje

12 Augustus 2015

Tokaj en ôfskied nimme

08 Augustus 2015

Klein en groot geluk

02 Augustus 2015

Jierdei fiere en de Tesco tour

02 Augustus 2015

Te veel

26 Juli 2015

Alles rûnbrocht

22 Juli 2015

Dag 2 en 3

20 Juli 2015

De eerste dozen zijn weg

16 Juli 2015

Donderdag 16 juli

16 Augustus 2014

In soad dien de lêste wike

07 Augustus 2014

Systeempje?

05 Augustus 2014

In drok wykein

02 Augustus 2014

Noch in pear ritsjes.

29 Juli 2014

Al by fiif tehuzen west

28 Juli 2014

Nije ûntwikkelingen yn de tehuzen

13 Augustus 2013

In laits en in trien

05 Augustus 2013

Spraakverwarring

05 Augustus 2013

Myn jierdei en grutte grizels

30 Juli 2013

Al weer een week voorbij

29 Juli 2013

Veranderingen

22 Juli 2013

Begraffenis

21 Juli 2013

Falunap 2013

19 Juli 2013

Gödöllö en lêste dei

17 Juli 2013

Ferslach tiisdei en woansdei

16 Juli 2013

Tsjinsthûs moandei

13 Juli 2013

De earste wike

30 Augustus 2011

Toerist yn eigen lân

21 Augustus 2011

Geld en vrouwen

18 Augustus 2011

Balaton

16 Augustus 2011

In ekstra update

15 Augustus 2011

Al weer een week om.

07 Augustus 2011

Wike 2 alwer

01 Augustus 2011

Hármincnyolc

29 Juli 2011

Mixed emotions

25 Februari 2011

Een volle week

22 Februari 2011

Thús

23 Augustus 2010

Wolkom thús

18 Augustus 2010

It ôfskied

17 Augustus 2010

De lêste dagen

05 Augustus 2010

Aardige petearen

27 Juli 2010

Welkom in Hongarije

17 Juli 2010

Feije syn ideeën

11 Juli 2010

Njoggen jier

05 Juli 2010

Liefde is ......

29 Juni 2010

Dicht bij de natuur

29 Juni 2010

En toen waren er nog maar twee

21 Juni 2010

Oer in kater en hinnepiken

18 Juni 2010

'even' wandelen

17 Juni 2010

Daar zijn we weer!

15 Juni 2010

deadsangsten

15 Juni 2010

na regen....

05 Juni 2010

Dozen, regen, een regen aan dozen

30 Mei 2010

Falunap

24 Mei 2010

Hobbel in de weg, hobbel in de weg, GAT in de weg

21 Mei 2010

Eigenaardig

18 Mei 2010

Blub, blub, blub

10 Mei 2010

FRUSTRATIES!

07 Mei 2010

De avonturen fan heit en Pytsje

04 Mei 2010

Jild útjûn en nije besite

20 April 2010

Nati

18 April 2010

Het is weer stil in huis

07 April 2010

de peaskedagen

31 Maart 2010

De natuur ontwaakt

28 Maart 2010

Feije syn fuotbaldebút

20 Maart 2010

Foarjier!!

16 Maart 2010

Hulp is welkom.

11 Maart 2010

Lytse dingen

07 Maart 2010

In optreden

04 Maart 2010

'Onze kinderen'

23 Februari 2010

Skoaltsjesiik

22 Februari 2010

Weer wat nieuws!

18 Februari 2010

In aparte wike

14 Februari 2010

Négy éves

11 Februari 2010

Het tehuis

09 Februari 2010

Geduld is een schone zaak.

08 Februari 2010

De grutte dei!

06 Februari 2010

En we soenen gjin stress hjir!

04 Februari 2010

Dom, dommer, domst!

03 Februari 2010

In wite wûnderwrâld

01 Februari 2010

Ingesneeuwd

31 Januari 2010

noch ien kear

28 Januari 2010

Kisléta

27 Januari 2010

Gödöllö 2

25 Januari 2010

Sok boldog születésnapot

24 Januari 2010

Gödöllö

22 Januari 2010

Post

20 Januari 2010

Echte Nederlanders

16 Januari 2010

Research

15 Januari 2010

Nieuwe hoop

12 Januari 2010

Wachtsje

11 Januari 2010

het weekend

08 Januari 2010

Status vrijwilligerswerk

07 Januari 2010

Werom yn de tiid

05 Januari 2010

Ynternet

03 Januari 2010

Eger

31 December 2009

Te plak

26 December 2009

Een dooie mus

29 November 2009

Eind goed, al goed

23 November 2009

Stilte

15 November 2009

Advys

12 November 2009

Ek dat noch

04 November 2009

Nijs fan Nelly

28 Oktober 2009

Als een donderslag...

24 Oktober 2009

Voorbereidingen

21 Oktober 2009

Goed nijs

12 Oktober 2009

Wer thús

09 Oktober 2009

Alles geregeld?

08 Oktober 2009

Donderdag 08 oktober

07 Oktober 2009

Woensdag 7 oktober

30 September 2009

It begjin
Familie

In december reizen wij met het hele gezin naar Hongarije. De bedoeling is dat wij hier 8 maanden vrijwilligerswerk in een kindertehuis gaan doen.

Actief sinds 29 Sept. 2009
Verslag gelezen: 318
Totaal aantal bezoekers 222878

Voorgaande reizen:

28 December 2009 - 22 Augustus 2010

Mijn eerste reis

Landen bezocht: