De earste wike - Reisverslag uit Kisléta, Hongarije van Familie Meer - WaarBenJij.nu De earste wike - Reisverslag uit Kisléta, Hongarije van Familie Meer - WaarBenJij.nu

De earste wike

Door: Renske

Blijf op de hoogte en volg Familie

13 Juli 2013 | Hongarije, Kisléta

It is al in hiel skoft lyn dat we wat skreaun hawwe op dizze side. Mar no’t we hjir wer wat langer sitte, is it miskien wol aardich om te fertellen wat we hjir meimeitsje.
Tiisdei binne we oankaam nei in reis fan trije dagen. Wer even wenne oan de hege temperatuer en de swiere buien dy’t samar opsetten komme. De túnstuollen en skommelbank fleagen al wer troch de loft.
Dizze wike hawwe we brûkt om wat dingen te regeljen. As earste in ynternetferbining. Altyd wer in ferrassing oft dat slagget mar it wie diskear sawier binnen in healoere regele. Kin Jelle teminsten oan it wurk  Fierder hawwe we nije wike in karre nedich om de doazen mei klean en boartersguod út te suteljen. De sjauffeur fan it tehûs wie mei nei Nyirbátor om dit te regeljen mar it slagge net. De iene ferhierder wie net thús de oare hie allinne iepen karren. Doe hat de bêste man yn Nyiregyháza wat foar ús regele. Hy sil moandei mei ús mei om it op te heljen. It is dus noch in ferrassing yn hokker staat de karre ferkeart mar it sil wol goed komme.
Freed binne der 533 doazen ôflevere troch de Stichting Help Oost Europa. Der stienen wol tweintich bern en manlju klear om mei út te laden. We hawwe besocht fuort alles te sortearjen mar ik koe it sa hurd net byhâlde. De sjauffeurs hawwe mei ús iten en moasten dêrnei troch nei Roemenië. De oanhinger hawwe se hjir litten, dy giet nije wike wer mei werom. Wy hawwe op papier alle doazen ferdield en in skema makke. As it goed is, rêde we it krekt op om alles yn 5 dagen derby del te bringen. Dat wurde aardich wat kilometers yn auto, earme berntsjes 
Fansels ek al wer te kuierjen west mei bern fan it tehûs. Dat fine se altyd geweldich. Nije wike hawwe se hjir doarpsfeest, dêr sjogge de bern ek o sa nei út.
Nije wike mear nijs.

  • 17 Juli 2013 - 07:35

    Grutte :

    succes mei it ut suteljen Tryn

    yn Boksum alles goed en it is hjer no ek moai waar

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Verslag uit: Hongarije, Kisléta

Mijn eerste reis

Recente Reisverslagen:

24 Augustus 2017

Útstapkes

21 Augustus 2017

Alle doazen binne fuort.

15 Augustus 2017

Rûnbringen 2017

31 Augustus 2016

In 'ongenode gast'

21 Augustus 2016

Even byprate
Familie

In december reizen wij met het hele gezin naar Hongarije. De bedoeling is dat wij hier 8 maanden vrijwilligerswerk in een kindertehuis gaan doen.

Actief sinds 29 Sept. 2009
Verslag gelezen: 249
Totaal aantal bezoekers 211959

Voorgaande reizen:

28 December 2009 - 22 Augustus 2010

Mijn eerste reis

Landen bezocht: