Wachtsje

Door: webmaster

Blijf op de hoogte en volg Familie

12 Januari 2010 | Hongarije, Szentistván

Wy hawwe wol ris it gefoel dat it libben hjir foar it grutste diel bestiet út wachtsjen.
Wy wachtsje no al fjouwer dagen op in pear tillefoannûmers. Wêrom't dat salang duorret? Gjin idee.
Hjoed dienen we boadskippen by de Liddl. No stiet dêr by ús ek wol ris in lange rij mar as der dan 10 minsken steane te wachtsjen, giet der noch wol in kassa iepen. Hjir net, hear. Der stienen 30 minsken foar ien kassa en jimme moatte net miene dat der dan noch ien iepen giet. Kofjetiid is kofjetiid.
Fuort hjirnei stienen we foar it spoar. De bomen ticht, mar gjin trein te bekennen. Soms duorret it wol 5 minuten foar't der in trein komt.
De behearder kaam even del foar in bakje kofje. Hy moat der ek noch hieltyd oan wenne. Doe't syn frou heechswanger wie, moast se foar kontrôle nei de dokter. Der sieten doe noch 20 oare froulju, allegearre mei in dikke búk, se hawwe fan 11.00 oant 17.00 oere wachte op de dokter. Sa'n man hat status en dat sil er fernimme litte ek. En ast wolst dat se dy mei de befalling goed helpe, moatst mei jild oer de brêge komme.
Lêsten hie er in stek makke foar in wenning. Hout kinst hjir net maklik oankomme. Fia fia hie er in man fûn dy't dat leverje koe. Hy hat allinne wol in wike wachte op in offerte. Want ja, earst moat sa'n man sjen hoe dik oft de beam is dy't er omseagje sil, dan wit de man dy't it yn planken seagje moat wer net hoefolle oft soks kostet. En sa geane de dagen foarby.
Wurden dy't we hjir dan ek faak hearre binne: talán (miskien) en nem tudom (ik wit it net).
As it hjir allegearre sa stadich giet wit ik net oft we wol oan it frijwilligerswurk takomme. Mar it hat ek net safolle sin om dêr oer yn te sitten.
We witte no wierskynlik ek wêr't it misgongen is yn Berettyoujfalu. Doe't we it der mei Lilla oer hienen, sei se fuort dat we begjinne moatten hienen by de heechste persoan (de boargemaster ). En as de direkteur fan it tehûs en de boargemaster net sa goed kinne, hawwe jo ek in probleem.
We sille sjen oft dat yn Kisléta better slagget.

  • 12 Januari 2010 - 20:09

    Heit:

    No, as ik dit sa hear is it mar goed dat ik net mei bin. Want dan waard ik hartstikke gek of ik hie yn de koartste kearen slaande deilis mei sa'n Hongaar. En ik begryp ek skoan dat lilk wurde neat úthellet, sa as meastal wurket it averjochts. Fierders hie ik dan wolris in sechje: "Zij die geloven haasten zich niet", mar ik wit net oft dat wol sasear op de Hongaren slacht. Jimme moatte mar wat genietsje fan it feit dat jim mei de hiele húshâlding dêr sitte. Sa'n lange fakânsje hawwe jim tink ik noch net sa faak mei syn fiven trochbrocht, en dat is ek wol wer wat wurdich, of net? Mar ja, jimme binne kommen om oan te pakken en as it dan allegearre sa lang duorret rekket it geduld wolris even op. Noch in soad geduld tawinske en oant oare kear.

  • 13 Januari 2010 - 07:04

    Tryn:

    Helpt het ook als je in de auto stapt en naar Kisleta toe gaat en daar rechtstreeks de burgemeester en de direktrice bezoekt? Wie weet zijn ze direkt verkocht en jullie weer een stap dichterbij je doel. Maar het kan voor jullie vast ook geen volslagen verrassing zijn dat een en ander daar nogal eens op zich laat wachten. Succes met het rustig zijn en het afwachten. Grutte

  • 13 Januari 2010 - 07:06

    Hennie:

    Wachtsje en wachtsje en wachtsje en dat foar ús as hastige Nederlanders,
    oan de oare kant is it ek goed om dit fan tichtby mei te meitsjen,
    jimme witte no wêr it begjin is en ki9nne stappen ûndernimme
    Genietsje ek safolle as jimme kinne en lit alles mar op jim ôfkomme

  • 13 Januari 2010 - 18:04

    Geke De Vries:

    In't tsjerke krantsje lêz ik fan jimme forbliuw,Jelle en Renny, Tsjitske,Ymkje en Feije van de Meer in Hongarije Wat in protte te lêzen. Fyn dat'sto dyn forhael oan it papier tabetrouwe kinst Renny en as útgebreide informaasje oan ús takomme litte kinst, en dan wer útsjen nei bliken wêrom fan fam. freonen en kunde.
    Interessant om sa fia de e-mail mei jimme op'e hichte te bliuwen.
    Tiid is d'r no wol om te skriuwen, dat hawwe je ek wer foar.
    Sounens en it allerbêste tawinske. Groetnis, Geke de Vries Deinum.

  • 15 Januari 2010 - 10:52

    Pietrik:

    hallo allemaal, Wat leuk om al jullie belevenissen te lezen en natuurlijk al die dingen die zo anders zijn dan bij ons. We hopen dat jullie snel wat meer duidelijkheid krijgen. Maar bovenal geniet van alles wat jullie nu meemaken, het is heel bijzonder.

    groetjes Pietrik

  • 15 Januari 2010 - 13:41

    Elly,:

    Ondanks dat alles heel langzaam gaat zijn de vehalen prachtig om te lezen.

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Verslag uit: Hongarije, Szentistván

Mijn eerste reis

Recente Reisverslagen:

24 Augustus 2017

Útstapkes

21 Augustus 2017

Alle doazen binne fuort.

15 Augustus 2017

Rûnbringen 2017

31 Augustus 2016

In 'ongenode gast'

21 Augustus 2016

Even byprate

14 Augustus 2016

It rûnbringen

04 Augustus 2016

Even in kuolkast keapje

12 Augustus 2015

Tokaj en ôfskied nimme

08 Augustus 2015

Klein en groot geluk

02 Augustus 2015

Jierdei fiere en de Tesco tour

02 Augustus 2015

Te veel

26 Juli 2015

Alles rûnbrocht

22 Juli 2015

Dag 2 en 3

20 Juli 2015

De eerste dozen zijn weg

16 Juli 2015

Donderdag 16 juli

16 Augustus 2014

In soad dien de lêste wike

07 Augustus 2014

Systeempje?

05 Augustus 2014

In drok wykein

02 Augustus 2014

Noch in pear ritsjes.

29 Juli 2014

Al by fiif tehuzen west

28 Juli 2014

Nije ûntwikkelingen yn de tehuzen

13 Augustus 2013

In laits en in trien

05 Augustus 2013

Spraakverwarring

05 Augustus 2013

Myn jierdei en grutte grizels

30 Juli 2013

Al weer een week voorbij

29 Juli 2013

Veranderingen

22 Juli 2013

Begraffenis

21 Juli 2013

Falunap 2013

19 Juli 2013

Gödöllö en lêste dei

17 Juli 2013

Ferslach tiisdei en woansdei

16 Juli 2013

Tsjinsthûs moandei

13 Juli 2013

De earste wike

30 Augustus 2011

Toerist yn eigen lân

21 Augustus 2011

Geld en vrouwen

18 Augustus 2011

Balaton

16 Augustus 2011

In ekstra update

15 Augustus 2011

Al weer een week om.

07 Augustus 2011

Wike 2 alwer

01 Augustus 2011

Hármincnyolc

29 Juli 2011

Mixed emotions

25 Februari 2011

Een volle week

22 Februari 2011

Thús

23 Augustus 2010

Wolkom thús

18 Augustus 2010

It ôfskied

17 Augustus 2010

De lêste dagen

05 Augustus 2010

Aardige petearen

27 Juli 2010

Welkom in Hongarije

17 Juli 2010

Feije syn ideeën

11 Juli 2010

Njoggen jier

05 Juli 2010

Liefde is ......

29 Juni 2010

Dicht bij de natuur

29 Juni 2010

En toen waren er nog maar twee

21 Juni 2010

Oer in kater en hinnepiken

18 Juni 2010

'even' wandelen

17 Juni 2010

Daar zijn we weer!

15 Juni 2010

deadsangsten

15 Juni 2010

na regen....

05 Juni 2010

Dozen, regen, een regen aan dozen

30 Mei 2010

Falunap

24 Mei 2010

Hobbel in de weg, hobbel in de weg, GAT in de weg

21 Mei 2010

Eigenaardig

18 Mei 2010

Blub, blub, blub

10 Mei 2010

FRUSTRATIES!

07 Mei 2010

De avonturen fan heit en Pytsje

04 Mei 2010

Jild útjûn en nije besite

20 April 2010

Nati

18 April 2010

Het is weer stil in huis

07 April 2010

de peaskedagen

31 Maart 2010

De natuur ontwaakt

28 Maart 2010

Feije syn fuotbaldebút

20 Maart 2010

Foarjier!!

16 Maart 2010

Hulp is welkom.

11 Maart 2010

Lytse dingen

07 Maart 2010

In optreden

04 Maart 2010

'Onze kinderen'

23 Februari 2010

Skoaltsjesiik

22 Februari 2010

Weer wat nieuws!

18 Februari 2010

In aparte wike

14 Februari 2010

Négy éves

11 Februari 2010

Het tehuis

09 Februari 2010

Geduld is een schone zaak.

08 Februari 2010

De grutte dei!

06 Februari 2010

En we soenen gjin stress hjir!

04 Februari 2010

Dom, dommer, domst!

03 Februari 2010

In wite wûnderwrâld

01 Februari 2010

Ingesneeuwd

31 Januari 2010

noch ien kear

28 Januari 2010

Kisléta

27 Januari 2010

Gödöllö 2

25 Januari 2010

Sok boldog születésnapot

24 Januari 2010

Gödöllö

22 Januari 2010

Post

20 Januari 2010

Echte Nederlanders

16 Januari 2010

Research

15 Januari 2010

Nieuwe hoop

12 Januari 2010

Wachtsje

11 Januari 2010

het weekend

08 Januari 2010

Status vrijwilligerswerk

07 Januari 2010

Werom yn de tiid

05 Januari 2010

Ynternet

03 Januari 2010

Eger

31 December 2009

Te plak

26 December 2009

Een dooie mus

29 November 2009

Eind goed, al goed

23 November 2009

Stilte

15 November 2009

Advys

12 November 2009

Ek dat noch

04 November 2009

Nijs fan Nelly

28 Oktober 2009

Als een donderslag...

24 Oktober 2009

Voorbereidingen

21 Oktober 2009

Goed nijs

12 Oktober 2009

Wer thús

09 Oktober 2009

Alles geregeld?

08 Oktober 2009

Donderdag 08 oktober

07 Oktober 2009

Woensdag 7 oktober

30 September 2009

It begjin
Familie

In december reizen wij met het hele gezin naar Hongarije. De bedoeling is dat wij hier 8 maanden vrijwilligerswerk in een kindertehuis gaan doen.

Actief sinds 29 Sept. 2009
Verslag gelezen: 252
Totaal aantal bezoekers 222912

Voorgaande reizen:

28 December 2009 - 22 Augustus 2010

Mijn eerste reis

Landen bezocht: