Njoggen jier

Door: webmaster

Blijf op de hoogte en volg Familie

11 Juli 2010 | Hongarije, Kisléta

Us lytse faam is al wer in pear dagen njoggen jier. De tiid giet hurd! Se hat in moaie jierdei hân mar spitich dat it de hiele dei reinde. Laci en Rici soenen op besite komme mar omdat der op de dyk wer in plasse stie sa grut as in fiver binne wy mar mei kola en taart nei it tehûs west.
It jierdeifeestje gong wer op syn Hongaarsk. In dikke wike fantefoaren al de kaartsjes brocht. Ien melde har keurich ôf. De rest soe komme. Ien dei fantefoaren krige ik op it wurk te hearren dat twa oaren ek net koenen want se gongen nei Nyiregyhaza (soarte fan spulwike). Ik haw doe earst even in pear kear oant tsien teld want ik baalde ferskriklik. Dêrnei dochs mar wer besocht om ta in oplossing te kommen. De deis dernei koe wol eltsenien mar dan op in oar tiidstip. In ôfspraak fersetten en doe hawwe de fammen der noch in kear by del west.
It feestje sels is goed slagge al duorre it even foar't de bern loskamen. Se binne hjir o sa ferlegen en doarre hast neat. We hawwe spultsjes dien: sekrinne, snoephappe, koekhappe en spikerpoepe. Foaral it lêste wie in grut sukses. Dêrnei noch wat nifele en doe pizza en pankoeken iten.
Doe't we mei Ymkje har jierdei dwaande wienen, kamen we ta de ûtdekking dat wy in tal jierdeis fergetten hawwe. Ik bin oars ek al net sa goed yn it ûnthâlden fan ditsoarte fan dingen mar sûnder jierdeikalinder is it wer ekstra lestich :) Foar elts dy't oangiet: Sorry dat we it fergetten hawwe mar noch fan herte lokwinske!

Ymkje is dan al wol njoggen mar sa no en dan lizze we noch wol dûbel om har útspraken. Sa hie se it juster oer in sierkanne. En dat is net in kanne foar de sier mar dêr bedoelde se de wettersierder mei. Fierder frege se har lêsten ôf oft de minsken yn Hongarije wol narcose krigen foar in operaasje. En de leukste wie lêsten yn Tokaj. We soenen by de berch sjen, oan de foet fan de berch leit in hiel grut tsjerkhôf. Se frege my doe: 'Binne al dy minsken dy't hjir lizze fan de berch ôffallen mem?'
En Feije hat in nije koes: De bikinikoes. Ik hie twa lekkens foar him meinommen omdat er dy brûkt as koesdoek. Dy dingen hawwe hiel wat út te stean. Der wurdt de hiele dei mei omsleept. Yn ien sit al in hiel grut gat. Juster seach er myn bh lizzen. 'O, ik kin mem har bikinikoes ek wol brûke'. It giet nammentlik om it kant, dat fynt er sa lekker.

Freed hawwe we wer even nei it sikehûs west. We hienen ballonnen meinommen. In hiel feest wie it! Allinne de suster skrok har it apesoer omdat ik by fersin ien knappe liet :)
Nati siet net mear yn der rolstoel, se kin wer rinne. It liket wol better mar har skonk is noch wol stiif. Ik wit eins net oft se noch in operaasje dogge of dat it sa bliuwt.

Mei ús piken giet it goed mar we hawwe der in soad wurk fan. Oant no ta ferhuzen se alle jûnen nei de doaze mar dat wie in hiel gedoch. Se wurde grutter en binne net sa maklik te pakken en te ferfieren. We tochten dat se no wol grut genôch wienen om yn de tún te bliuwen. Mar op de iene of oare manier fleane de bisten jûns oer it stek hinne. Jelle seach nei in skoftke hoe't se dat dogge. Se fladderje in eintsje omheech, dan heakje se de poaten yn it gaas en dan fladderje se wer in eintsje omheech oant se oer it stek binne. Jelle hat no karton om it stek hinne. Klear soenen je sizze. Mar nee, de earste jûn dat we sitte lieten, hienen se in kabaal! Se pipen en rûnen by it stek del. Krekt as woenen se sizze: 'Wêrom helje jim ús net op?' We hawwe doe de doaze deryn setten en dêr sprongen se sa yn. Eltsenien wer tefreden.

Ik skreau sakrekt al dat de tiid hurd giet. Noch mar 6 wiken en dan binne we al wer thús. It liket Jelle wol wat om hjir te bliuwen. Hy hat no sjoen hoe't de Hongaarske mannen behannele wurde en dat liket him ek wol wat. Hy sil dan wol in Hongaarske frou sykje moatte want sa sil ik him net bedjerre. It is hjir by guon ferskriklik. We wienen lêsten by guon te iten. De frou wie mei Feije oan it boartsjen. Har soan fan 30 jier siet oan tafel. Hy rôp de hiele tiid om syn mem. 'Mem, ik haw gjin board. Hast ek in beker? In bûsdoek asjeblyft.' En mem mar drave en as mem net kaam dan die syn sus it wol.
Ik haw in kollega dy't har alle kearen wer ferbaast oer wat Jelle yn 'e hûs docht. Jelle hat lêsten dêr west. De hearen sitte foar it fuotbaljen, myn kollega is oan it wurk yn 'e hûs en yn de tún en tuskentroch betsjinnet se de mannen noch. Ik snap it net!

  • 11 Juli 2010 - 14:13

    Hennie Annema:

    heerlik om te lêzen dat de kytse faam ek yn Hangarioje grut wurdt.
    Noch lokwinske want ja ik bin ek net sa goed yn it ûnthâlden fan jierdeis, sels mei kalinder net.
    De tiid giet hurd en ja jimme komme mei 6 wike al wer thus.
    Trouwens Renny, ik bin it mei dy iens dat as Jelle krekt sa ferwend wurde wol as in hongaarske man hy dan ek mar in frou moat dy't it útfiere wol.
    fierder hoopje ik dat jimme noch genietsje sille de kommende wiken.

  • 11 Juli 2010 - 18:59

    Christian:

    Efkes de groetnis ût Witmarsum.

  • 12 Juli 2010 - 18:25

    Tryn:

    De tiid haldt gjin skoft. Dat is maar goed ook maar soms zou het ook wel eens handig zijn en vooral als je zelf zou kunnen kiezen wanneer de pauze in moet gaan. Gister bij het voetbal wilden we even een time-out maar helaas dat hoort daar weer niet bij. Jelle heb je ook zitten balen dat ze verloren ?? Of valt het mee. Hier is het de afgelopen periode heet geweest . Vandaag is de temperatuur wat gezakt en we hebben zo nu en dan een dikke regenbui gehad. Gister even met Beppe bij Haye Syds en Ymie geweest. Hun huis is nu eindelijk klaar en het ziet er prachtig uit. Zaterdagavond een BBQ gehad en het weekend is weer voorbij gevlogen. Groetjes en oant sjen.

  • 17 Juli 2010 - 14:09

    De Buurtjes Van E+M:

    Hallo Jelle, Renske en kids,

    Even een berichtje van de buurtjes van Eelke en Margaret. Ze zijn vanochtend 9.00 uur uit Wirdum vertrokken richting Hongarije. Zag net dat het vliegtuig goed geland is in Boedapest. Wij wensen jullie nog een heel plezierige tijd ook de week samen met onze buurtjes en succes met jullie werkzaamheden. RESPECT!

    Groet, Jappie, Jantina, Sander en Gitte (buurtjes van de fam. van der Meer uit Wirdum).

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Verslag uit: Hongarije, Kisléta

Mijn eerste reis

Recente Reisverslagen:

24 Augustus 2017

Útstapkes

21 Augustus 2017

Alle doazen binne fuort.

15 Augustus 2017

Rûnbringen 2017

31 Augustus 2016

In 'ongenode gast'

21 Augustus 2016

Even byprate

14 Augustus 2016

It rûnbringen

04 Augustus 2016

Even in kuolkast keapje

12 Augustus 2015

Tokaj en ôfskied nimme

08 Augustus 2015

Klein en groot geluk

02 Augustus 2015

Jierdei fiere en de Tesco tour

02 Augustus 2015

Te veel

26 Juli 2015

Alles rûnbrocht

22 Juli 2015

Dag 2 en 3

20 Juli 2015

De eerste dozen zijn weg

16 Juli 2015

Donderdag 16 juli

16 Augustus 2014

In soad dien de lêste wike

07 Augustus 2014

Systeempje?

05 Augustus 2014

In drok wykein

02 Augustus 2014

Noch in pear ritsjes.

29 Juli 2014

Al by fiif tehuzen west

28 Juli 2014

Nije ûntwikkelingen yn de tehuzen

13 Augustus 2013

In laits en in trien

05 Augustus 2013

Spraakverwarring

05 Augustus 2013

Myn jierdei en grutte grizels

30 Juli 2013

Al weer een week voorbij

29 Juli 2013

Veranderingen

22 Juli 2013

Begraffenis

21 Juli 2013

Falunap 2013

19 Juli 2013

Gödöllö en lêste dei

17 Juli 2013

Ferslach tiisdei en woansdei

16 Juli 2013

Tsjinsthûs moandei

13 Juli 2013

De earste wike

30 Augustus 2011

Toerist yn eigen lân

21 Augustus 2011

Geld en vrouwen

18 Augustus 2011

Balaton

16 Augustus 2011

In ekstra update

15 Augustus 2011

Al weer een week om.

07 Augustus 2011

Wike 2 alwer

01 Augustus 2011

Hármincnyolc

29 Juli 2011

Mixed emotions

25 Februari 2011

Een volle week

22 Februari 2011

Thús

23 Augustus 2010

Wolkom thús

18 Augustus 2010

It ôfskied

17 Augustus 2010

De lêste dagen

05 Augustus 2010

Aardige petearen

27 Juli 2010

Welkom in Hongarije

17 Juli 2010

Feije syn ideeën

11 Juli 2010

Njoggen jier

05 Juli 2010

Liefde is ......

29 Juni 2010

Dicht bij de natuur

29 Juni 2010

En toen waren er nog maar twee

21 Juni 2010

Oer in kater en hinnepiken

18 Juni 2010

'even' wandelen

17 Juni 2010

Daar zijn we weer!

15 Juni 2010

deadsangsten

15 Juni 2010

na regen....

05 Juni 2010

Dozen, regen, een regen aan dozen

30 Mei 2010

Falunap

24 Mei 2010

Hobbel in de weg, hobbel in de weg, GAT in de weg

21 Mei 2010

Eigenaardig

18 Mei 2010

Blub, blub, blub

10 Mei 2010

FRUSTRATIES!

07 Mei 2010

De avonturen fan heit en Pytsje

04 Mei 2010

Jild útjûn en nije besite

20 April 2010

Nati

18 April 2010

Het is weer stil in huis

07 April 2010

de peaskedagen

31 Maart 2010

De natuur ontwaakt

28 Maart 2010

Feije syn fuotbaldebút

20 Maart 2010

Foarjier!!

16 Maart 2010

Hulp is welkom.

11 Maart 2010

Lytse dingen

07 Maart 2010

In optreden

04 Maart 2010

'Onze kinderen'

23 Februari 2010

Skoaltsjesiik

22 Februari 2010

Weer wat nieuws!

18 Februari 2010

In aparte wike

14 Februari 2010

Négy éves

11 Februari 2010

Het tehuis

09 Februari 2010

Geduld is een schone zaak.

08 Februari 2010

De grutte dei!

06 Februari 2010

En we soenen gjin stress hjir!

04 Februari 2010

Dom, dommer, domst!

03 Februari 2010

In wite wûnderwrâld

01 Februari 2010

Ingesneeuwd

31 Januari 2010

noch ien kear

28 Januari 2010

Kisléta

27 Januari 2010

Gödöllö 2

25 Januari 2010

Sok boldog születésnapot

24 Januari 2010

Gödöllö

22 Januari 2010

Post

20 Januari 2010

Echte Nederlanders

16 Januari 2010

Research

15 Januari 2010

Nieuwe hoop

12 Januari 2010

Wachtsje

11 Januari 2010

het weekend

08 Januari 2010

Status vrijwilligerswerk

07 Januari 2010

Werom yn de tiid

05 Januari 2010

Ynternet

03 Januari 2010

Eger

31 December 2009

Te plak

26 December 2009

Een dooie mus

29 November 2009

Eind goed, al goed

23 November 2009

Stilte

15 November 2009

Advys

12 November 2009

Ek dat noch

04 November 2009

Nijs fan Nelly

28 Oktober 2009

Als een donderslag...

24 Oktober 2009

Voorbereidingen

21 Oktober 2009

Goed nijs

12 Oktober 2009

Wer thús

09 Oktober 2009

Alles geregeld?

08 Oktober 2009

Donderdag 08 oktober

07 Oktober 2009

Woensdag 7 oktober

30 September 2009

It begjin
Familie

In december reizen wij met het hele gezin naar Hongarije. De bedoeling is dat wij hier 8 maanden vrijwilligerswerk in een kindertehuis gaan doen.

Actief sinds 29 Sept. 2009
Verslag gelezen: 562
Totaal aantal bezoekers 222878

Voorgaande reizen:

28 December 2009 - 22 Augustus 2010

Mijn eerste reis

Landen bezocht: