Daar zijn we weer!

Door: webmaster

Blijf op de hoogte en volg Familie

17 Juni 2010 | Hongarije, Kisléta

De stroom is der fannejûn krekt wer op kommen, dêrom no mar even it ferslach fan de lêste dagen.
woansdei 16 06
De famkes hawwe al fakânsje, dy hawwe juster thús húswurk makke. Feije is thúsbleaun fan skoalle, der wienen gjin juffen.
De brânwacht hat juster de hiele dei dwaande west om beammen op te romjen. It wurdt hieltyd leger yn it park. As ik der nei sjoch krij ik gewoan pine yn 'e búk. It is in tryste oanblik. We sjogge dernei mar begripe it noch altyd net. Dat de wyn dit oanrjochtsje kin. Wat we hiel frjemd fine: dat we net mear heard hawwe. Fansels hearden we wol de rein mar it knappen fan de beammen moat ferskriklik lûd west hawwe. Dat hawwe we hielendal net heard. Neffens Jelle komt dat omdat de wyn de oare kant op stie end e ruten ticht wienen.
Juster hiel even mei de direktrise praten. It tehûs hat in generator krigen. Dat jout oan dat it noch wol even duorret foar't we wer stroom hawwe. Wetter is der wol wer, dat skeelt in protte. We merke no hoe ôfhinklik we binne fan elektrisiteit. Net stofsûgje, net waskje, net doese (boiler). Juster doest mei it lêste restje waarm wetter.
Omdat der hjir gjin bôle wie nei Nyiregyháza west. Underweis allegearre beammen om. Kin my hast net foarstelle dat der gjin ûngemakken bard binne. Dêr hawwe we noch neat oer heard. Gjin tv en Hongaarsk bliuwt lestich. Yn Kállosemjén wie neat te sjen. It hat dus hiel pleatslik west. As it goed is, sille se hjir hjoed de beammen om ús hûs hinne fuorthelje. Mar hoopje dat se foarsichtich dogge, it leit der nuver hinne. Der hat ek al in man delwest fan de fersekering. Dy hat foto's makke.
tongersdei 17 06
We kinne wol merke dat it yndruk makke hat op de bern. Ymkje is bang dat it noch ris barre sil. 'En as dan dy beam omfalt?' 'Kin dy beam ek op ús hûs falle?' Feije ropt hieltyd: 'Ik wie net bang hear, doe't de beammen omfoelen!' Ja, ja, moai dat er it sels leaut. Hy hat it ek hieltyd oer de plysje en de brânwacht as er oan it boartsjen is.
De brânwacht hat juster wer oan it helpen west. Se witte suver net wêr't se earst en lêst wêze moatte. Guon beammen lizze hielendal skeef, se moatte mei oerlis te wurk. De buorfrou har hûs is ynpakt yn plastic. By in protte huzen binne se al wer dwaande mei in nij dak.
De direktrise fynt it mar neat dat we sûnder stroom sitte. Jelle mei it fuotbal wol yn it tehûs sjen. Mar dat fine we te gek, der binne mindere dingen. Allinne as Nederlân fuotbalje moat, wurdt it in oar ferhaal :)
We hearden juster dat it wol twa wiken duorje kin foar't de stroom der wer op komt. Dat wurdt dan echt in bytsje kampearje. Wetter siede foar it doesen en waskjen.
Yn Nyirbátor wie in beam op in auto fallen mar we witte net hoe't de sjauffeur der oan ta is.
Se binne fannemoarn begongen omde omfallen en yn stikken seage beammen fuort te heljen mei in takelauto. Feije fynt it beare ynteressant, stiet de hiele tiid bûten te sjen. Ik tink dat it wol in moanne duorret foar't se hjir alles wer wei hawwe.
Noch in typysk gefal fan 'de een zijn dood is de ander zijn brood': Juster hienen we in folder fan in bedriuw dat dakplaten ferkeapet.
Letter op de dei is de E-ON (elektrisiteit) begongen mei it reparearjen fan de kabels. Myn kollega's binne wer 'gewoan' oan it wurk. De wasserette draait mei ien waskmasine. Jelle helpt by it opromjen fan de beammen. Ik bin noch thús by de bern, de kleuterskoalle is noch net iepen.

  • 17 Juni 2010 - 21:09

    Van Der Meertjes:

    a goeie!
    hope dat jimme wat bekaam binne. goed om wer wat te sjen... sapperdeflap, wat een grutte rommel jout soks. gelokkich jimme noch sun en wer mei stroom en wetter. we hope dat it fierder ek mei falt mei jimme en de omjouwing. pake en beppe sille moarn informmeerje! se komme hjirre moarn om op te passen. we sille KISS te groetnis dwaan fan jelle! tutsjes!

  • 18 Juni 2010 - 08:25

    Lyste Tryn:

    Dat ziet er allemaal heftig uit! Wat zijn bomen dan groot als ze ineens rond je huis liggen... Goed om te horen dat het met jullie zelf gelukkig allemaal goed gaat.
    Bas en ik gaan dit weekend naar Friesland, de Australische bezoekers komen ook langs (m'n gastvader en z'n 'nieuwe' vrouw :)), op familiebezoek.

    Succes met het opruimen van de chaos en het bijkomen van de schrik. Doe voorzichtig!

    leafs, lyste Tryn

  • 21 Juni 2010 - 05:45

    Tryn:

    Gelukkig het normale leven komt weer een beetje op gang. Pas als er iets mis gaat realiseer je je hel afhankelijk je bent.

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Verslag uit: Hongarije, Kisléta

Mijn eerste reis

Recente Reisverslagen:

24 Augustus 2017

Útstapkes

21 Augustus 2017

Alle doazen binne fuort.

15 Augustus 2017

Rûnbringen 2017

31 Augustus 2016

In 'ongenode gast'

21 Augustus 2016

Even byprate

14 Augustus 2016

It rûnbringen

04 Augustus 2016

Even in kuolkast keapje

12 Augustus 2015

Tokaj en ôfskied nimme

08 Augustus 2015

Klein en groot geluk

02 Augustus 2015

Jierdei fiere en de Tesco tour

02 Augustus 2015

Te veel

26 Juli 2015

Alles rûnbrocht

22 Juli 2015

Dag 2 en 3

20 Juli 2015

De eerste dozen zijn weg

16 Juli 2015

Donderdag 16 juli

16 Augustus 2014

In soad dien de lêste wike

07 Augustus 2014

Systeempje?

05 Augustus 2014

In drok wykein

02 Augustus 2014

Noch in pear ritsjes.

29 Juli 2014

Al by fiif tehuzen west

28 Juli 2014

Nije ûntwikkelingen yn de tehuzen

13 Augustus 2013

In laits en in trien

05 Augustus 2013

Spraakverwarring

05 Augustus 2013

Myn jierdei en grutte grizels

30 Juli 2013

Al weer een week voorbij

29 Juli 2013

Veranderingen

22 Juli 2013

Begraffenis

21 Juli 2013

Falunap 2013

19 Juli 2013

Gödöllö en lêste dei

17 Juli 2013

Ferslach tiisdei en woansdei

16 Juli 2013

Tsjinsthûs moandei

13 Juli 2013

De earste wike

30 Augustus 2011

Toerist yn eigen lân

21 Augustus 2011

Geld en vrouwen

18 Augustus 2011

Balaton

16 Augustus 2011

In ekstra update

15 Augustus 2011

Al weer een week om.

07 Augustus 2011

Wike 2 alwer

01 Augustus 2011

Hármincnyolc

29 Juli 2011

Mixed emotions

25 Februari 2011

Een volle week

22 Februari 2011

Thús

23 Augustus 2010

Wolkom thús

18 Augustus 2010

It ôfskied

17 Augustus 2010

De lêste dagen

05 Augustus 2010

Aardige petearen

27 Juli 2010

Welkom in Hongarije

17 Juli 2010

Feije syn ideeën

11 Juli 2010

Njoggen jier

05 Juli 2010

Liefde is ......

29 Juni 2010

Dicht bij de natuur

29 Juni 2010

En toen waren er nog maar twee

21 Juni 2010

Oer in kater en hinnepiken

18 Juni 2010

'even' wandelen

17 Juni 2010

Daar zijn we weer!

15 Juni 2010

deadsangsten

15 Juni 2010

na regen....

05 Juni 2010

Dozen, regen, een regen aan dozen

30 Mei 2010

Falunap

24 Mei 2010

Hobbel in de weg, hobbel in de weg, GAT in de weg

21 Mei 2010

Eigenaardig

18 Mei 2010

Blub, blub, blub

10 Mei 2010

FRUSTRATIES!

07 Mei 2010

De avonturen fan heit en Pytsje

04 Mei 2010

Jild útjûn en nije besite

20 April 2010

Nati

18 April 2010

Het is weer stil in huis

07 April 2010

de peaskedagen

31 Maart 2010

De natuur ontwaakt

28 Maart 2010

Feije syn fuotbaldebút

20 Maart 2010

Foarjier!!

16 Maart 2010

Hulp is welkom.

11 Maart 2010

Lytse dingen

07 Maart 2010

In optreden

04 Maart 2010

'Onze kinderen'

23 Februari 2010

Skoaltsjesiik

22 Februari 2010

Weer wat nieuws!

18 Februari 2010

In aparte wike

14 Februari 2010

Négy éves

11 Februari 2010

Het tehuis

09 Februari 2010

Geduld is een schone zaak.

08 Februari 2010

De grutte dei!

06 Februari 2010

En we soenen gjin stress hjir!

04 Februari 2010

Dom, dommer, domst!

03 Februari 2010

In wite wûnderwrâld

01 Februari 2010

Ingesneeuwd

31 Januari 2010

noch ien kear

28 Januari 2010

Kisléta

27 Januari 2010

Gödöllö 2

25 Januari 2010

Sok boldog születésnapot

24 Januari 2010

Gödöllö

22 Januari 2010

Post

20 Januari 2010

Echte Nederlanders

16 Januari 2010

Research

15 Januari 2010

Nieuwe hoop

12 Januari 2010

Wachtsje

11 Januari 2010

het weekend

08 Januari 2010

Status vrijwilligerswerk

07 Januari 2010

Werom yn de tiid

05 Januari 2010

Ynternet

03 Januari 2010

Eger

31 December 2009

Te plak

26 December 2009

Een dooie mus

29 November 2009

Eind goed, al goed

23 November 2009

Stilte

15 November 2009

Advys

12 November 2009

Ek dat noch

04 November 2009

Nijs fan Nelly

28 Oktober 2009

Als een donderslag...

24 Oktober 2009

Voorbereidingen

21 Oktober 2009

Goed nijs

12 Oktober 2009

Wer thús

09 Oktober 2009

Alles geregeld?

08 Oktober 2009

Donderdag 08 oktober

07 Oktober 2009

Woensdag 7 oktober

30 September 2009

It begjin
Familie

In december reizen wij met het hele gezin naar Hongarije. De bedoeling is dat wij hier 8 maanden vrijwilligerswerk in een kindertehuis gaan doen.

Actief sinds 29 Sept. 2009
Verslag gelezen: 307
Totaal aantal bezoekers 222878

Voorgaande reizen:

28 December 2009 - 22 Augustus 2010

Mijn eerste reis

Landen bezocht: