de peaskedagen

Door: webmaster

Blijf op de hoogte en volg Familie

07 April 2010 | Hongarije, Kisléta

We binne de peaskedagen goed trochkommen. It is hjir nei it krystfeest it belangrykste feest fan it jier. Guon kollega's wienen de sneons al om 5 oere fan it bêd om iten te sieden en te bakken. Sa gek hawwe wy it mar net dien. De freeds hienen we al boadskippe. Sneon hat Jelle de nije gerdinen ophelle en haw ik de winterklean opromme. Middeis hawwe we yn de tún oan it wurk west.
Snein wienen we earst yn it tehûs om de peaskehazzen út te dielen. De bern fûnen it leuk (en lekker) en de susters fûnen it in aardich gebaar. Omdat we nochal wat oer hienen, hawwe we dy de middeis nei de berneôfdieling fan it sikehûs yn Nyiregyháza brocht.
Doe wie it wachtsjen op de besite út Fryslân. Se kamen om 14.00 oan, earder as wy tochten. Fluch in rûnlieding jûn yn it hûs en doe moasten we nei de direktrise. Hjir stie de hiele famylje ús op te wachtsjen. We hawwe lekker iten en it wie gesellich. Hoewol't we der soms oan twivelje, hawwe we no sjoen dat ús opfieding net foar neat west hat :) De jûns even bypraten mei de famylje en doe op bêd.
Moandei binne we de dei begongen mei in 'paasontbijt'. De middeis hawwe we nei de tsjerke west yn Mariapócs. Hjir hinget in icoon fan Maria dat al in pear kear gûld hat. Fansels barde dat wûnder net doe't wy der wienen. Fierder noch wat spultsjes dien. It is hiel leuk dat de famylje der is, de bern fine it ek geweldich!
Spitich genôch krigen we moandeitejûn it berjocht dat Onno ferstoarn is. Ik fyn it no even hiel ferfelend dat we sa fier fuort binne mar yn ús tinzen binne we by Jetteke en de bern.

Juster wer begongen mei it wurk. We tochten dat de fakânsje foarby wie mar de bern kamen werom, noch gjin skoalle. Wat in gelok dat we no oppas thús hawwe.
Hjoed binne se wol wer hinne en is de famylje nei Gödöllö en Hortobagy. Wierskynlik geane we yn it wykein ek noch wol in dei op stap. Moandei sille Jelle en DP nei Eastenryk om spul op te heljen. Der binne al hiel wat klean en oare spullen ynsammele. Dy geane allegearre mei op in transport fan Jelle syn wurk. As se dan tiisdei hjir wer binne, kinne wy alles sortearje. Wat der oer is, reitsje we wol wer earne oars kwyt.

Fierder kin ik jimme noch melde dat ús berntsjes aardich 'bijdehand' wurde. Fan wa't se dat doch ris hawwe????
• Lêsten socht Jelle wat dat flak foar syn noas stie. Tjitske sei tsjin Feije: Heit hat in dûbele bril noadich. Siet Feije: Dy hat er al!
• Even letter sei Jelle: Oars moatte we aansen it bêd mar even bûten hingje. Seit Tjitske: dat is wol swier op de line!
• Sneon wienen oan it wurk yn de tún. Ien fan de bewenners fan it tehûs kaam nei ús ta. O, seit Feije, dêr is mem har freon. Ik antwurde: Ja, mem hat in protte freonen! Feije: Ja, hjir wol!


  • 08 April 2010 - 07:40

    Hennie:

    He Jelle, Renske, bern en famylje.
    It is geweldich om te merken dar de opfieding net foar neat west hat, it is dreech op ôfstân te sitten as je graach efkes in earm om in oar syn skouder lizze wolle, it is geweldich om te merken dat je skrandere bern hawwe,
    allegear emoasjes dy't yn in rap tempo foarby komme.
    Ik kin my foarstelle dat dit soms dreech is mar komplimenten foar jimme ynset en de manier werop as we jimme folgje kinne

  • 08 April 2010 - 08:24

    Heit:

    Ja, fan wa hawwe se dat byderhante? Wie Jelle ek sa doe't er noch sa'n jonkje wie? Renske wie as bern earder de skrutene kant neist. Hawar, jimme tsiere der mar oer. Juster hawwe Pytsje en ik nei de Hema yn Amsterdam west om klean. It wie prachtich waar en it gie flot. Alles stie al klear en binnen fiif minuten hiene we de boel ynladen en rieden we wer. It frommeske fan de Hema belle letter noch oft alles slagge wie. Super sei Pytsje. Yn Boalsert hawwe we de boel wer útladen en dan komt it jimme kant út mei de frachtauto. Der wie in man dy soe Jelle even in foto stjoere fan de fracht sdat Jelle sjen kin oft de karre meimoat of net. Juster haw ik de advertinsje opstjoerd fan Onno. Der is in grut kevert omhinne dien, miskien is it dan earder teplak. It moaie waar is hjir no wer even op, niis wat mizerich al wurdt it al wer wat ljochter. Hertlike groetnis oan allegear.

  • 08 April 2010 - 12:03

    Nynke En Lyanne:

    Wat in ferassing juster, samar ik kaertsje fan Feije! Lyanne is d'r hiel wiis mei. Se freget de hiele dei of we ek nei Feije ta gean. Se sil no in tekening meitsje en die gean we dan wol opstjoeren. We hawwe tegearre al nei de foto's sjoen, fynt se prachtich (en Feije hat deselde pyjama as Hendrik, dat seach mefrou direkt!).

    Moai dat alles sa goed giet en leuk dat jim besitte hawwe!

    En dat de bern wat bijdehan weze kinne, miskien wisten we dat ek al in bytsje ;),

    groetjes daar,

    Nynke en Lyanne (mar die sliept no)

  • 15 April 2010 - 15:43

    Iepie:

    Hoi allegear,
    Hoe giet it dêr. Hat myn âldste suster al in moaie Hongaar oan'e heak slein?
    Hjir alles goed, de maaitiid hat muoite troch te brekken, mar wy hâlde hoop...
    Groetnis oan allegear.
    Iepie

  • 25 April 2010 - 11:17

    Tryn:

    Hoi allemaal,
    ik ben wat achter met het lezen maar dat ga ik vandaag goed maken. Ik heb zopas een vlucht geboekt naar Budapest, dus ik kom. Het is hier vandaag supermooi weer, eigenlijk de hele afgelopen week al veel zon, maar s'nachts nog vorst. Dat van die Kids is niks nieuws hoor, zo zijn ze thuis ook al. Groetjes en oant sjen Grutte

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Verslag uit: Hongarije, Kisléta

Mijn eerste reis

Recente Reisverslagen:

24 Augustus 2017

Útstapkes

21 Augustus 2017

Alle doazen binne fuort.

15 Augustus 2017

Rûnbringen 2017

31 Augustus 2016

In 'ongenode gast'

21 Augustus 2016

Even byprate

14 Augustus 2016

It rûnbringen

04 Augustus 2016

Even in kuolkast keapje

12 Augustus 2015

Tokaj en ôfskied nimme

08 Augustus 2015

Klein en groot geluk

02 Augustus 2015

Jierdei fiere en de Tesco tour

02 Augustus 2015

Te veel

26 Juli 2015

Alles rûnbrocht

22 Juli 2015

Dag 2 en 3

20 Juli 2015

De eerste dozen zijn weg

16 Juli 2015

Donderdag 16 juli

16 Augustus 2014

In soad dien de lêste wike

07 Augustus 2014

Systeempje?

05 Augustus 2014

In drok wykein

02 Augustus 2014

Noch in pear ritsjes.

29 Juli 2014

Al by fiif tehuzen west

28 Juli 2014

Nije ûntwikkelingen yn de tehuzen

13 Augustus 2013

In laits en in trien

05 Augustus 2013

Spraakverwarring

05 Augustus 2013

Myn jierdei en grutte grizels

30 Juli 2013

Al weer een week voorbij

29 Juli 2013

Veranderingen

22 Juli 2013

Begraffenis

21 Juli 2013

Falunap 2013

19 Juli 2013

Gödöllö en lêste dei

17 Juli 2013

Ferslach tiisdei en woansdei

16 Juli 2013

Tsjinsthûs moandei

13 Juli 2013

De earste wike

30 Augustus 2011

Toerist yn eigen lân

21 Augustus 2011

Geld en vrouwen

18 Augustus 2011

Balaton

16 Augustus 2011

In ekstra update

15 Augustus 2011

Al weer een week om.

07 Augustus 2011

Wike 2 alwer

01 Augustus 2011

Hármincnyolc

29 Juli 2011

Mixed emotions

25 Februari 2011

Een volle week

22 Februari 2011

Thús

23 Augustus 2010

Wolkom thús

18 Augustus 2010

It ôfskied

17 Augustus 2010

De lêste dagen

05 Augustus 2010

Aardige petearen

27 Juli 2010

Welkom in Hongarije

17 Juli 2010

Feije syn ideeën

11 Juli 2010

Njoggen jier

05 Juli 2010

Liefde is ......

29 Juni 2010

Dicht bij de natuur

29 Juni 2010

En toen waren er nog maar twee

21 Juni 2010

Oer in kater en hinnepiken

18 Juni 2010

'even' wandelen

17 Juni 2010

Daar zijn we weer!

15 Juni 2010

deadsangsten

15 Juni 2010

na regen....

05 Juni 2010

Dozen, regen, een regen aan dozen

30 Mei 2010

Falunap

24 Mei 2010

Hobbel in de weg, hobbel in de weg, GAT in de weg

21 Mei 2010

Eigenaardig

18 Mei 2010

Blub, blub, blub

10 Mei 2010

FRUSTRATIES!

07 Mei 2010

De avonturen fan heit en Pytsje

04 Mei 2010

Jild útjûn en nije besite

20 April 2010

Nati

18 April 2010

Het is weer stil in huis

07 April 2010

de peaskedagen

31 Maart 2010

De natuur ontwaakt

28 Maart 2010

Feije syn fuotbaldebút

20 Maart 2010

Foarjier!!

16 Maart 2010

Hulp is welkom.

11 Maart 2010

Lytse dingen

07 Maart 2010

In optreden

04 Maart 2010

'Onze kinderen'

23 Februari 2010

Skoaltsjesiik

22 Februari 2010

Weer wat nieuws!

18 Februari 2010

In aparte wike

14 Februari 2010

Négy éves

11 Februari 2010

Het tehuis

09 Februari 2010

Geduld is een schone zaak.

08 Februari 2010

De grutte dei!

06 Februari 2010

En we soenen gjin stress hjir!

04 Februari 2010

Dom, dommer, domst!

03 Februari 2010

In wite wûnderwrâld

01 Februari 2010

Ingesneeuwd

31 Januari 2010

noch ien kear

28 Januari 2010

Kisléta

27 Januari 2010

Gödöllö 2

25 Januari 2010

Sok boldog születésnapot

24 Januari 2010

Gödöllö

22 Januari 2010

Post

20 Januari 2010

Echte Nederlanders

16 Januari 2010

Research

15 Januari 2010

Nieuwe hoop

12 Januari 2010

Wachtsje

11 Januari 2010

het weekend

08 Januari 2010

Status vrijwilligerswerk

07 Januari 2010

Werom yn de tiid

05 Januari 2010

Ynternet

03 Januari 2010

Eger

31 December 2009

Te plak

26 December 2009

Een dooie mus

29 November 2009

Eind goed, al goed

23 November 2009

Stilte

15 November 2009

Advys

12 November 2009

Ek dat noch

04 November 2009

Nijs fan Nelly

28 Oktober 2009

Als een donderslag...

24 Oktober 2009

Voorbereidingen

21 Oktober 2009

Goed nijs

12 Oktober 2009

Wer thús

09 Oktober 2009

Alles geregeld?

08 Oktober 2009

Donderdag 08 oktober

07 Oktober 2009

Woensdag 7 oktober

30 September 2009

It begjin
Familie

In december reizen wij met het hele gezin naar Hongarije. De bedoeling is dat wij hier 8 maanden vrijwilligerswerk in een kindertehuis gaan doen.

Actief sinds 29 Sept. 2009
Verslag gelezen: 318
Totaal aantal bezoekers 222878

Voorgaande reizen:

28 December 2009 - 22 Augustus 2010

Mijn eerste reis

Landen bezocht: