Falunap

Door: webmaster

Blijf op de hoogte en volg Familie

30 Mei 2010 | Hongarije, Kisléta

We hawwe in reedlik drokke wike achter de rêch. Fansels moasten we wer oan it wurk.
Jelle hie tiisdei in ôfspraak by de garaazje. Der moasten nije bannen omlein wurde. Goed ôfpraten dat er de middeis komme soe. Se soenen de bannen der om dwaan en Jelle koe der op wachtsje. Om twa oere kaam er: Gjin bannen! Mar gjin probleem, dy soenen se wol even helje. In oere letter kaam er wer. Doch de kofferbak mar iepen, sei de man. Kofferbak iepen, hoesa? Se moatte der ek om. O ja? Prottel, prottel, mar ek dat waard regele.
Woansdeitemiddei hawwe we tegearre 450 doazen fersjoud. Dy wienen tiisdei oankommen mei de frachtauto.
Der komme altyd twa fan it Tsjinsthûs om de doazen te ferdielen. Se hienen ús frege om de doazen op letter te sortearjen. Dat skeelt in protte tiid. De dei derfoar krigen we ek noch in ferrassing. Dy't mei soe foar it Tsjinsthûs koe net mear en no hienen se heit frege. De bern dwers troch alles hinne fansels.
Letter op de middei sieten we op de direktrise te wachtsjen. Sy soe noch in kear op besite komme om it hûs te sjen. It wie hast tiid doe't de bel gong. In jonge foar de doar. Tjitske wie fallen op it sportfjild mei har holle op de grûn. En dat was twee :). Fansels skrokken we, Jelle gau derhinne. Se soe in koprol dwaan mar hie net sjoen dat der in pealtsje yn it paad stie. Eltsenien stie om har hinne. De juf fûn dat we wol even nei dokter moasten. Wat in gelok dat dy krekt delkomme soe. Op it sportfjild hienen se al iis op de foarholle dien. De direktrise hat letter noch even nei har sjoen. Lokkich wie se net mislik en net duzelich. Se krige rêst foarskreaun en dat is lestich foar ús faam. Jûns siet der in geweldich grutte bult op de foarholle dat se is der net knapper op wurden mar fierder giet it bêst.
De direktrise fûn it hûs aardich opknapt en it wie gesellich. Neidat se fuort wie, hat Jelle noch gau mei Ymkje op gymskuon west foar it optreden letter yn de wike.
Tongersdei haw ik mei Feije op skoalreiske west. We gongen mei de bus nei de bistetún yn Nyiregyhaza. Prachtich waar, lekker waarm yn de bus. Der wienen twa bussen want foar elk bern moat der in âlder mei. Boppedat hienen guon fan it personiel ek noch in partner mei. It kin allegearre! Underweis hast in healoere stilstien. Prompt moasten fansels alle bern doe pisje, yn de berm dan mar. Letter die bliken dat se hamburgers helle hienen foar de bern, dy waarden letter útdield. We mochten doe sels witte wêr't we hinne gongen. Om healwei tolven moasten we wer by it restaurant wêze foar it iten. Dat wie allinne foar de bern. Om trije oere krigen de bern noch in ijsje en doe wer op hûs oan. Feije wie sa wurch dat er yn de bus yn sliep foel.
Freed hawwe Jelle en ik mei it personiel spul útsocht foar de Pompoendagen. In hiel feest wie dat! Der kaam fan alles foar it ljocht. Alles ynpakt en klearsetten dan kin it yn de bus mei werom. De middeis gau boadskippe foar it wykein want sneon hienen we dêr gjin tiid foar.
Sneon wie it nammentlik Falunap (doarpsdei). De famkes moasten al om 9.00 oere op skoalle wêze. Alle klassen moasten optrede op it sportfjild. We hawwe ús deroer ferbaasd dat se hjir safolle dissipline hawwe. De bern stienen netsjes yn de rij te wachtsjen en as der wat klearsetten wurde moast dan hoegde de master mar in wink te jaan en se draafden al. De optredens wienen hiel moai. Letter fannewike sille we wat foto's op de site sette. We hawwe ús allinne wol besaud oer ien fan de ferskes dy't brûkt waard. Soldier, soldier don't look down, miskien kenne jim it wol. It giet oer drank en hoeren. Se hawwe net echt nei de tekst harke, tinke wy.
Nei de optredens fan skoalle koenen alle minsken fergees "goulashleves" en "lángos" ite en noch in ijsje nei. Middeis wienen der optredens fan û.o. it orkest fan it bernetehûs en demonstraasjes fan de plysje en de brânwacht. Us bern en de bern fan it tehûs hawwe harren o sa fermakke.Jelle hat meidien oan fuotbal en hat no seare skonken. Jûns wie der dan noch muzyk en om 22.00 fjoerwurk.
We fregen in doarpsgenoat oft se elts jier sa'n doarpsfeest hawwe. Nee, dat wie mar ien kear yn de fjouwer jier. De reden dat der sa'n feest is omdat, no komt de aap út de mouwe, der yn septimber wer in nije boargemaster keazen wurde moat. It is dus eins in ferkapte ferkiezingskampanje. Hy fûn sels de boargemaster wol wat in slijmbal. En wy binne it wol in bytsje mei him iens. Dit wurdt dus allegearre betelle troch de mienskip.
Nei it lêste optreden krigen we ynienen in fikse bui, der binne net in protte minsken droech thúskommen. Sels wy net hoewol't we tsjinoer it sportfjild wenje.
Om 17.00 kaam ús heit oan. Hy sil hjir wer in pear dagen sliepe. Nije wike sil er de doazen mei útsutelje mar wy sille ek in dei mei. En tongersdei meie wy nei ús grutte freon yn Berettyoujfalu. Nije wike kinne jimme lêze hoe't dat ôfrint.
Fannemoarn trouwens noch by Nati west. Se is ûndertusken operearre oan har skonk en sit yn de rolstoel.


  • 31 Mei 2010 - 07:42

    Tryn:

    Moarn allegear, het gaat nog steeds op z'n Hongaars begrijp ik, maar ja wat wil je ook als je in dat land bent. Leuk om te lezen wat er allemaal gebeurt en dat het dorpsfeest dus eigenlijk een verkapte verkiezingscampagne is. Leuk he dat jimme heit der wer is. Ik ben dit weekend met 5 vrouwen naar Callansoog geweest om Agatha haar 50ste verjaardag te vieren. Het was super gezellig, we hebben veel gelachen en nog meer gegeten. We noemen ons nu de eetclub. Vrijdagmorgen vertrokken we naar de kust daar hebben we eerst in Groote Keeten in en strandtent heerlijk uit de wind in de zon gezeten en een lekkere lunch gehad. Toen langs het strand en door naar Callantsoog. Ons geïnstalleerd in het huisje en toen met de benenwagen naar het dorp, alle winkeltjes bekeken en s'avonds aan de gourmet. Volgende dag weer heerlijk op het strand, toen was er wat meer zon en minder wind. Natuurlijk weer even in een strandtent gezeten, herlijk buiten op het terras in hun lounchehoek. Later op de avond kwam er regen langs maar toen zaten we alweer gezellig in ons huisje. Gistermorgen viel er eerst ook wat regen en hebben we een heel leuk spel gedaan, Stap op, helaas ondanks mijn vals spel kon ik niet winnen, S middags weer heerlijk over het strand gebanjerd en weer op naar huis. In Boksum is alles oke, de groetjes aan allemaal en oant sjen.

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Verslag uit: Hongarije, Kisléta

Mijn eerste reis

Recente Reisverslagen:

24 Augustus 2017

Útstapkes

21 Augustus 2017

Alle doazen binne fuort.

15 Augustus 2017

Rûnbringen 2017

31 Augustus 2016

In 'ongenode gast'

21 Augustus 2016

Even byprate

14 Augustus 2016

It rûnbringen

04 Augustus 2016

Even in kuolkast keapje

12 Augustus 2015

Tokaj en ôfskied nimme

08 Augustus 2015

Klein en groot geluk

02 Augustus 2015

Jierdei fiere en de Tesco tour

02 Augustus 2015

Te veel

26 Juli 2015

Alles rûnbrocht

22 Juli 2015

Dag 2 en 3

20 Juli 2015

De eerste dozen zijn weg

16 Juli 2015

Donderdag 16 juli

16 Augustus 2014

In soad dien de lêste wike

07 Augustus 2014

Systeempje?

05 Augustus 2014

In drok wykein

02 Augustus 2014

Noch in pear ritsjes.

29 Juli 2014

Al by fiif tehuzen west

28 Juli 2014

Nije ûntwikkelingen yn de tehuzen

13 Augustus 2013

In laits en in trien

05 Augustus 2013

Spraakverwarring

05 Augustus 2013

Myn jierdei en grutte grizels

30 Juli 2013

Al weer een week voorbij

29 Juli 2013

Veranderingen

22 Juli 2013

Begraffenis

21 Juli 2013

Falunap 2013

19 Juli 2013

Gödöllö en lêste dei

17 Juli 2013

Ferslach tiisdei en woansdei

16 Juli 2013

Tsjinsthûs moandei

13 Juli 2013

De earste wike

30 Augustus 2011

Toerist yn eigen lân

21 Augustus 2011

Geld en vrouwen

18 Augustus 2011

Balaton

16 Augustus 2011

In ekstra update

15 Augustus 2011

Al weer een week om.

07 Augustus 2011

Wike 2 alwer

01 Augustus 2011

Hármincnyolc

29 Juli 2011

Mixed emotions

25 Februari 2011

Een volle week

22 Februari 2011

Thús

23 Augustus 2010

Wolkom thús

18 Augustus 2010

It ôfskied

17 Augustus 2010

De lêste dagen

05 Augustus 2010

Aardige petearen

27 Juli 2010

Welkom in Hongarije

17 Juli 2010

Feije syn ideeën

11 Juli 2010

Njoggen jier

05 Juli 2010

Liefde is ......

29 Juni 2010

Dicht bij de natuur

29 Juni 2010

En toen waren er nog maar twee

21 Juni 2010

Oer in kater en hinnepiken

18 Juni 2010

'even' wandelen

17 Juni 2010

Daar zijn we weer!

15 Juni 2010

deadsangsten

15 Juni 2010

na regen....

05 Juni 2010

Dozen, regen, een regen aan dozen

30 Mei 2010

Falunap

24 Mei 2010

Hobbel in de weg, hobbel in de weg, GAT in de weg

21 Mei 2010

Eigenaardig

18 Mei 2010

Blub, blub, blub

10 Mei 2010

FRUSTRATIES!

07 Mei 2010

De avonturen fan heit en Pytsje

04 Mei 2010

Jild útjûn en nije besite

20 April 2010

Nati

18 April 2010

Het is weer stil in huis

07 April 2010

de peaskedagen

31 Maart 2010

De natuur ontwaakt

28 Maart 2010

Feije syn fuotbaldebút

20 Maart 2010

Foarjier!!

16 Maart 2010

Hulp is welkom.

11 Maart 2010

Lytse dingen

07 Maart 2010

In optreden

04 Maart 2010

'Onze kinderen'

23 Februari 2010

Skoaltsjesiik

22 Februari 2010

Weer wat nieuws!

18 Februari 2010

In aparte wike

14 Februari 2010

Négy éves

11 Februari 2010

Het tehuis

09 Februari 2010

Geduld is een schone zaak.

08 Februari 2010

De grutte dei!

06 Februari 2010

En we soenen gjin stress hjir!

04 Februari 2010

Dom, dommer, domst!

03 Februari 2010

In wite wûnderwrâld

01 Februari 2010

Ingesneeuwd

31 Januari 2010

noch ien kear

28 Januari 2010

Kisléta

27 Januari 2010

Gödöllö 2

25 Januari 2010

Sok boldog születésnapot

24 Januari 2010

Gödöllö

22 Januari 2010

Post

20 Januari 2010

Echte Nederlanders

16 Januari 2010

Research

15 Januari 2010

Nieuwe hoop

12 Januari 2010

Wachtsje

11 Januari 2010

het weekend

08 Januari 2010

Status vrijwilligerswerk

07 Januari 2010

Werom yn de tiid

05 Januari 2010

Ynternet

03 Januari 2010

Eger

31 December 2009

Te plak

26 December 2009

Een dooie mus

29 November 2009

Eind goed, al goed

23 November 2009

Stilte

15 November 2009

Advys

12 November 2009

Ek dat noch

04 November 2009

Nijs fan Nelly

28 Oktober 2009

Als een donderslag...

24 Oktober 2009

Voorbereidingen

21 Oktober 2009

Goed nijs

12 Oktober 2009

Wer thús

09 Oktober 2009

Alles geregeld?

08 Oktober 2009

Donderdag 08 oktober

07 Oktober 2009

Woensdag 7 oktober

30 September 2009

It begjin
Familie

In december reizen wij met het hele gezin naar Hongarije. De bedoeling is dat wij hier 8 maanden vrijwilligerswerk in een kindertehuis gaan doen.

Actief sinds 29 Sept. 2009
Verslag gelezen: 302
Totaal aantal bezoekers 222912

Voorgaande reizen:

28 December 2009 - 22 Augustus 2010

Mijn eerste reis

Landen bezocht: