na regen.... - Reisverslag uit Kisléta, Hongarije van Familie Meer - WaarBenJij.nu na regen.... - Reisverslag uit Kisléta, Hongarije van Familie Meer - WaarBenJij.nu

na regen....

Door: webmaster

Blijf op de hoogte en volg Familie

15 Juni 2010 | Hongarije, Kisléta

Inderdaad, na regen komt zonneschijn. We hawwe al in wike lang prachtich waar! De lêste dagen sels 30+. Mei de waarmte kamen ek de stekmiggen mei as gefolch dat we der net mear útsjogge. It is krekt of hawwe we ien of oare rare sykte. We sitte ûnder de bulten, reade plakken en iepen plakken. De bulten wurde hjir wol fjouwer kear sa grut as thús. It skynt dat se der hjir sels tabletten foar slikke, dochs mar ris helje fannewike want we fergeane ek fan de jokte.
Der is hjir trouwens wol mear dat grutter is as thús. Der krûpe reuzeslakken om, we hawwe supermiggen, ealjebijen en krobben sjoen. En sels de distels binne hjir wol twa meter heech. It is betiden krekt Jurassic Parc.
Fierder groeie de klaproazen útbundich, hawwe we al wer in ree sjoen, sit der in stikelbaarch yn de tún en sit der tichteby in rôffûgel dêr't we de namme noch net fan witte.

It foarige wykein mar wer wat tiid ynhelle mei de bern fan it tehûs. Twa middeis besite hân. Feije fynt it altyd in feest om se werom te bringen. Dan kinne we even by Danni sjen. Danni is sa ûgefear de jongste bewenner. Hy is fiif jier en hat it syndroom fan Down. Hy en Feije binne de dikste maatsjes wurden. It binne twa klowntsjes. Feije wol hiel graach dat Danni ek ris komt mar we witte noch net oft it wol mei. Ik wit net oft ik dêr wol sa nei útsjen moat want ik wit dat Danni ek hiel dwers wêze kin. Soms fertikt er it om ek noch mar in stap te setten. Fierder fynt er it in leuk spultsje om alles sa fier mooglik fuort te smiten. Mar in skatsje is it wol :)
Tiisdeitemiddei besite hân fan ien fan de âldere bewenners. Hy nimt ús altyd pappa en mamma en moat altyd even syn Ingelsk oefenje. Al tiden woe er ris delkomme. Earst hat er in spultsje dien mei Tjitske. Grappich want hy wit en snapt neat mar as Tjitske dan wat útleit dan seit er: Fansels, dat wit ik wol hear, lyts famke!
Dêrnei in memoryspultsje mei Feije. Se hawwe beide falsk spile om it leven mar hawar se fûnen it beide wol moai. Fieder hat er it spul even goed troch it gat gnúfd want nijsgjirrich binne se wol, stik foar stik. Hy hat twa stikken cake opiten en woe it leafst de jûns wer komme, want tomatesop fûn er ek wol lekker!

Dizze wike ek wer in protte boadskippe. De bern moasten nije simmerskuon :( Meastentiids komt it der op del dat ik pine yn 'e holle haw oan it ein fan sa'n dei. Der is altyd wol ien fan de trije dy't op syn/har manier net slagje kin. En fansels is dat wat wy moai en goed fine noait nei't sin. Mar it slagge.
Ek alfêst foto's ôfdrukke litten. Dit gong wer op syn Hongaarsk. Snel klaar service. Yn 38 minuten klear stie op de kompjûter. Koe krekt tochten we. Jawis, nei trije kertier gjin foto's en wy moasten wol nei hûs omdat Ymkje hast út skoalle kaam. Moast Jelle de jûns noch ris werom.
Foar it Blijf van mijn Lijf huis dêr't we lêsten mei Keimpe wienen, hawwe we boartersguod en skoalspullen helle. Jelle syn âlders hawwe jild stjoerd, we hawwe der sel wat bydien en tante Tryn hie lêsten noch wat dingen meinommen. Dit hiele pakket hawwe we sneon ôflevere. Se wienen der hiel bliid mei, koenen suver net wachtsje mei útpakken. Noch mei in famke fan sa'n 15 jier praten. Sy wennet dêr mei har mem en suske. Se sliepe yn in hiel lyts keammerke. We fregen oft it ek dreech wie om dêr te wenjen. Sy fûn it hjir hearlik, rêst en gjin rúzjes mear. Tryst, sokke dingen.
Sneontemoarn earst by Julia op besite west. Sy wurket yn in tehûs foar gehandicapte famkes yn Nyiregyháza. We hawwe dêr in rûnlieding krigen. Aardich om ek ris in oar bernetehûs fan binnen te besjen. Middeis by har iten. Doe't we dochs yn de stêd wienen ek mar twa fentilatoaren oanskaft om it boppe in bytsje koeler te krijen.
En snein noch mar wer ris nei de IKEA. Omdat we yn elts gefal takom jier hjir wer komme en miskien wol faker hawwe we goedkeape dekbêden, kessens en oare dingen helle. Guon dingen fan de keukenynvetaris moatte mei werom nei Mantgum mar binne hjir ek wol handich. Dan hoege we takom jier net safolle mei te slepen.
Middeis de toerist úthongen yn Budapest. In tour mei de sightseeingbus en oanslutend in tocht oer de Donau. Geweldich mei dit waar. De bern foelen de jûns al gau yn sliep yn auto. Wer in protte yndrukken hân.


  • 16 Juni 2010 - 19:24

    Tryn:

    Prachtig al die reuze indrukken van insecten , naar bomen, planten , herten en gevoelens. Zelfs een klein kamertje met z'n 3-en is genoeg als je er zonder ruzie kunt leven. Groetjes uit een droog en zonnig Boksum

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Verslag uit: Hongarije, Kisléta

Mijn eerste reis

Recente Reisverslagen:

24 Augustus 2017

Útstapkes

21 Augustus 2017

Alle doazen binne fuort.

15 Augustus 2017

Rûnbringen 2017

31 Augustus 2016

In 'ongenode gast'

21 Augustus 2016

Even byprate
Familie

In december reizen wij met het hele gezin naar Hongarije. De bedoeling is dat wij hier 8 maanden vrijwilligerswerk in een kindertehuis gaan doen.

Actief sinds 29 Sept. 2009
Verslag gelezen: 247
Totaal aantal bezoekers 212017

Voorgaande reizen:

28 December 2009 - 22 Augustus 2010

Mijn eerste reis

Landen bezocht: