Jierdei fiere en de Tesco tour - Reisverslag uit Kisléta, Hongarije van Familie Meer - WaarBenJij.nu Jierdei fiere en de Tesco tour - Reisverslag uit Kisléta, Hongarije van Familie Meer - WaarBenJij.nu

Jierdei fiere en de Tesco tour

Door: Renske

Blijf op de hoogte en volg Familie

02 Augustus 2015 | Hongarije, Kisléta

Dat wie wol even slokke, op myn jierdei om 6.30 al wekker makke wurde! Ik mocht earst op bêd de kadootsjes útpakke.
Nei it iten yn auto stapt. Jelle hie op ynternet in plakje opsocht dêr't we noch net earder west hienen: Szilvásvárad. Noch in aardich eintsje riden, mar we hawwe in pear tuskenstoppen makke. Dat is noch wol in grappich ferhaal. Fan Jelle syn heit en mem hie ik jild krigen foar myn jierdei. Dêr woe ik graach in nij servys foar keapje. Yn de Tesco hienen we wat sjoen dat we wol hiel moai fûnen. Lêsten yn Berettyoújfalu de earste boarden al helle. We soenen yn Nyírbátor de rest derby helje. Mar net alles wie hjir noch yn de goede kleur. Dan mar nei Nyíregyháza, dêr wat bekers skoard. Ek dêr wie net alles. Sa hawwe we freed wer trije Tesco's by del west. En oeral komt wat wei. Op in twa skalen nei haw ik no alles  Het duurt even, maar dan heb je ook wat.
Yn Eger net allinne de Tesco besocht, mar ek in gebakje iten. Want wat is in jierdei sûnder taart? Om itenstiid hinne wienen we dan teplak. Earst mar in hapke iten. Jelle hat neffens my de hiele dei wille hân fan syn pizza mei pittige paprika's.
Szilvásvárad stiet bekend om it fokken fan de Lipizaner hynders, it kweken fan forellen en in bysûndere wetterbron. It leit yn it Bükkgeberchte. Wy binne earst mei in treintsje omheech gongen en doe rinnende werom. In moaie kuiertocht. Ast de bern fuorttochst, dan wie it kabbeljen fan it beekje hiel zen. Tjitske woe hiel graach de hynders sjen. De Lipizaner hawwe wy net fûn. Yn plak dêrfan in tocht makke mei in karre mei Fryske hynders derfoar! Troch it bosk, prachtich útsicht. It wie in moaie dei mei hearlik waar! Werom binnentroch riden nei Miskolc. En dêr, jimme riede it al, nei de Tesco west. En noch wat iten by de Mc. Dêr in echte Hongaarske Mc flurry hân, mei túros rúdi (sûkelade mei in soarte fan kwark). Hearlik!
Sneontemoarn even oer de merk west. Wat dingen kocht foar it Blijf van mijn lijf huis in Nyíregyháza. En wat plaktatoos foar de bern hjir. Bin benijd oft se dat leuk fine.
Fierder rêstich oan dien en geniete fan it moaie waar!

  • 03 Augustus 2015 - 12:58

    Nynke De Jong:

    Hoi allegearre,

    Allerearst Fan Herte Lokwinske mei Renske har jierdei! Ik hoopje dat jimme in gesellige dei han ha.
    Jimme ha alwer in protte belibbe. Moai om al dy ferhalen te lezen. Goed om jimme sels tinke en noch in pear moaie wiken yn Hongarije.

    Groetnis,
    Nynke

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Verslag uit: Hongarije, Kisléta

Mijn eerste reis

Recente Reisverslagen:

24 Augustus 2017

Útstapkes

21 Augustus 2017

Alle doazen binne fuort.

15 Augustus 2017

Rûnbringen 2017

31 Augustus 2016

In 'ongenode gast'

21 Augustus 2016

Even byprate
Familie

In december reizen wij met het hele gezin naar Hongarije. De bedoeling is dat wij hier 8 maanden vrijwilligerswerk in een kindertehuis gaan doen.

Actief sinds 29 Sept. 2009
Verslag gelezen: 405
Totaal aantal bezoekers 211634

Voorgaande reizen:

28 December 2009 - 22 Augustus 2010

Mijn eerste reis

Landen bezocht: