De lêste dagen

Door: webmaster

Blijf op de hoogte en volg Familie

17 Augustus 2010 | Hongarije, Kisléta

We binne dwaande mei de lêste dagen en dat is in hiel apart gefoel. Soms woe ik mar dat ik al wer thús wie en soms wol ik echt net fuort. De bern hawwe der noch net safolle lêst fan, dy sjogge der foaral nei út om harren freontsjes en freondintsjes wer te sjen. Wy besykje dochs mar safolle mooglik te genietsjen fan de lêste dingen.

Foarich wykein hat Julia hjir iten. Sy wurket sels ek yn in bernetehûs. We hawwe dus hiel wat ervaringen útwiksele. Omdat sy in pear kear foar langere tiid yn Nederlân wurke hat, begrypt se hiel goed ús frustraasjes. Op dit momint is se oan it sollisitearjen yn Nederlân, wa wit sjogge we har dêr wer.
Foar it wynfestival yn Tokaj yn oktober hawwe we in reklameboerd makke foar it tehûs. Se sille hjir mei in pear meiwurkers hinne om spul te ferkeapjen. Bernd Osten stelt syn tún hjirfoar iepen. Wy hoopje dat it in grut sukses wurdt.
Ofrûne wike wie ien fan de bewenners hjir op besite. Hy fynt it o sa spitich dat wy fuortgeane. It is leuk om te sjen hoe't it er mei ús bern omgiet. Sels seit er dat er Tjitske syn twadde heit is. As se yn syn eagen wat ferkeard docht, wurdt der fuortendaliks wat fan sein. Hy is drok dwaande om kleden foar ús te meitsjen. Neffens my hat er al trije klear. Wêr't we dy aansen litte moatte, wit ik noch net mar leaf is it wol.
Jelle hat nei Oekraïne west. We woenen hjir eins noch ris in wykein hinne mar dat is der net fan kommen. Kollega's geane der wol ris hinne te boadskipjen. Jelle mocht wol mei. Woansdei soe it heve, 6.30 klearstean. Jim riede it al, al wa't der kamen, de kollega's net! Jelle hat in oere wachte en is doe nei it tehûs gongen. Se wienen oan it wurk. De man dy't it tasein hie, hie de jûns fantefoaren de oare kollega belle: "Moarn geane we fuort". Mar dy kollega hie net frij. It komt net yn sokke minsken op om ús dan ek even yn te ljochtsjen. Wy hienen beide frijnommen omdat ik net mei trije bern nei it wurk wol.
Mar enfin, freed gong it dan echt troch. Neffens Jelle is it in moai lân mar ek hjir in protte earmoede. Se binne troch in sigeunerghetto riden. Dy minsken wenje yn túnhúskes, dat is net bêst. Drank, benzine en sigaretten ensfh. binne hiel goedkeap. Mar ast de grins wer oer wolst, moatst aardich skowe. Se binne o sa korrupt. Ast betellest meist sa trochride, sa net dan helje se dyn hiele auto oer de kop. Omdat in oare grinsoergong tocht wie, hawwe de mannen lang wachte by de grins. Trije oeren! Se wienen bliid dat se wer oan de oare kant wienen.
Ien fan de mannen dy't meiwie, hat earst frachtweinsjauffeur west. Hy hat meimakke dat er oardelmoanne (ja sa'n 40 dagen) by de grins wachtsje moast. Dan is dit noch peanuts.

Yn ús lêste wykein hjir hienen we mar leafst twa túnfeesten. Lokkich wie it waar moai. Suver al wer te hyt. De earste wie yn Tokaj by freonen fan Bernd Osten. We hawwe lekker iten en it wie gesellich. Nei it feest binne we mei de hiele klup op de boat fuort west. Dat wie hearlik, in lekker wyntsje.
Snein wienen we op besite by de direktrise. Ek hjir lekker fleis fan de grill, it smakket echt folle lekkerder as yn Nederlân! Ek dizze middei wie it benaud. Doe't we fuort moasten, barstte de bui los. It wie needwaar. It reinde sa hurd dat ik hast neat mear seach, allegearre fjoer oan de loft, hurde wyn, stikken fan beammen oer de dyk. Ik wie bliid dat we wer thúswienen. En dêr sieten we wer yn it donker. Stroomstoaring! En it hat wer lang duorre. Fjouwerentweintich oeren letter wie it der earst wer op. En hast de hiele dei gjin wetterdruk. Mar we binne sa stadichoan al hiel wat wend.

Jelle is noch al oan it wurk. Ik bin drok oan it waskjen, himmeljen en ynpakken. Undertusken hawwe we it noch drok mei Feije syn streken. Hy hat fannewike in oar jonkje in lyts gat yn de holle slein. Hy hie wat yn de hannen dat nochal skerp wie. Letter hat er it wer goedmakke mei wol hûndert tútsjes en kroepkes. Se wienen dêr wol wat wend. In twilling gong elkoar ek wol ris te liif mei stiennen.
Ek hat er de keuken blank setten. Koe mem in healoere dweilje. Dat heart derby as je in jonge hawwe. Al hoewol't famkes der ek wol wat meikinne. De direktrise hat in beppesizzer fan goed ien jier. Se hie de kaaien krigen om mei te boartsjen. Mar wat docht se? Se draaft as in spear nei it húske, docht de doar ticht en goait de kaaien sa yn de wc-pot.
Ja, as it by in oar bart is it altyd leuker!
Moarn hawwe we it ôfskied fan de bern. Dêr dogge we noch wol even ferslach fan.

  • 17 Augustus 2010 - 18:54

    Martine:

    Al weer een jaar om???Tjeeh,snel hoor.
    Maar jullie zijn weer welkom op de swannedrift hoor...
    groetjes

  • 18 Augustus 2010 - 09:09

    Pietrik:

    Wij vinden het heel fijn dat jullie weer thuis komen. maar ik kan me voorstellen dat afscheid nemen daar ook heel lastig is na al die fijne contacten. Tot gauw.
    Groeten Pietrik+ familie

  • 18 Augustus 2010 - 17:46

    Brecht:

    He lieve familie,

    jeetje wat gek dat jullie zondag alweer thuiskomen!! We hebben er erg zin in om jullie weer te zien. Jullie huis is inmiddels weer spik en span;)

    Succes met de laatste dingetjes en vooral met het afscheid nemen daar, dit is altijd even moeilijk!

    Liefs DP en B

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Verslag uit: Hongarije, Kisléta

Mijn eerste reis

Recente Reisverslagen:

24 Augustus 2017

Útstapkes

21 Augustus 2017

Alle doazen binne fuort.

15 Augustus 2017

Rûnbringen 2017

31 Augustus 2016

In 'ongenode gast'

21 Augustus 2016

Even byprate

14 Augustus 2016

It rûnbringen

04 Augustus 2016

Even in kuolkast keapje

12 Augustus 2015

Tokaj en ôfskied nimme

08 Augustus 2015

Klein en groot geluk

02 Augustus 2015

Jierdei fiere en de Tesco tour

02 Augustus 2015

Te veel

26 Juli 2015

Alles rûnbrocht

22 Juli 2015

Dag 2 en 3

20 Juli 2015

De eerste dozen zijn weg

16 Juli 2015

Donderdag 16 juli

16 Augustus 2014

In soad dien de lêste wike

07 Augustus 2014

Systeempje?

05 Augustus 2014

In drok wykein

02 Augustus 2014

Noch in pear ritsjes.

29 Juli 2014

Al by fiif tehuzen west

28 Juli 2014

Nije ûntwikkelingen yn de tehuzen

13 Augustus 2013

In laits en in trien

05 Augustus 2013

Spraakverwarring

05 Augustus 2013

Myn jierdei en grutte grizels

30 Juli 2013

Al weer een week voorbij

29 Juli 2013

Veranderingen

22 Juli 2013

Begraffenis

21 Juli 2013

Falunap 2013

19 Juli 2013

Gödöllö en lêste dei

17 Juli 2013

Ferslach tiisdei en woansdei

16 Juli 2013

Tsjinsthûs moandei

13 Juli 2013

De earste wike

30 Augustus 2011

Toerist yn eigen lân

21 Augustus 2011

Geld en vrouwen

18 Augustus 2011

Balaton

16 Augustus 2011

In ekstra update

15 Augustus 2011

Al weer een week om.

07 Augustus 2011

Wike 2 alwer

01 Augustus 2011

Hármincnyolc

29 Juli 2011

Mixed emotions

25 Februari 2011

Een volle week

22 Februari 2011

Thús

23 Augustus 2010

Wolkom thús

18 Augustus 2010

It ôfskied

17 Augustus 2010

De lêste dagen

05 Augustus 2010

Aardige petearen

27 Juli 2010

Welkom in Hongarije

17 Juli 2010

Feije syn ideeën

11 Juli 2010

Njoggen jier

05 Juli 2010

Liefde is ......

29 Juni 2010

Dicht bij de natuur

29 Juni 2010

En toen waren er nog maar twee

21 Juni 2010

Oer in kater en hinnepiken

18 Juni 2010

'even' wandelen

17 Juni 2010

Daar zijn we weer!

15 Juni 2010

deadsangsten

15 Juni 2010

na regen....

05 Juni 2010

Dozen, regen, een regen aan dozen

30 Mei 2010

Falunap

24 Mei 2010

Hobbel in de weg, hobbel in de weg, GAT in de weg

21 Mei 2010

Eigenaardig

18 Mei 2010

Blub, blub, blub

10 Mei 2010

FRUSTRATIES!

07 Mei 2010

De avonturen fan heit en Pytsje

04 Mei 2010

Jild útjûn en nije besite

20 April 2010

Nati

18 April 2010

Het is weer stil in huis

07 April 2010

de peaskedagen

31 Maart 2010

De natuur ontwaakt

28 Maart 2010

Feije syn fuotbaldebút

20 Maart 2010

Foarjier!!

16 Maart 2010

Hulp is welkom.

11 Maart 2010

Lytse dingen

07 Maart 2010

In optreden

04 Maart 2010

'Onze kinderen'

23 Februari 2010

Skoaltsjesiik

22 Februari 2010

Weer wat nieuws!

18 Februari 2010

In aparte wike

14 Februari 2010

Négy éves

11 Februari 2010

Het tehuis

09 Februari 2010

Geduld is een schone zaak.

08 Februari 2010

De grutte dei!

06 Februari 2010

En we soenen gjin stress hjir!

04 Februari 2010

Dom, dommer, domst!

03 Februari 2010

In wite wûnderwrâld

01 Februari 2010

Ingesneeuwd

31 Januari 2010

noch ien kear

28 Januari 2010

Kisléta

27 Januari 2010

Gödöllö 2

25 Januari 2010

Sok boldog születésnapot

24 Januari 2010

Gödöllö

22 Januari 2010

Post

20 Januari 2010

Echte Nederlanders

16 Januari 2010

Research

15 Januari 2010

Nieuwe hoop

12 Januari 2010

Wachtsje

11 Januari 2010

het weekend

08 Januari 2010

Status vrijwilligerswerk

07 Januari 2010

Werom yn de tiid

05 Januari 2010

Ynternet

03 Januari 2010

Eger

31 December 2009

Te plak

26 December 2009

Een dooie mus

29 November 2009

Eind goed, al goed

23 November 2009

Stilte

15 November 2009

Advys

12 November 2009

Ek dat noch

04 November 2009

Nijs fan Nelly

28 Oktober 2009

Als een donderslag...

24 Oktober 2009

Voorbereidingen

21 Oktober 2009

Goed nijs

12 Oktober 2009

Wer thús

09 Oktober 2009

Alles geregeld?

08 Oktober 2009

Donderdag 08 oktober

07 Oktober 2009

Woensdag 7 oktober

30 September 2009

It begjin
Familie

In december reizen wij met het hele gezin naar Hongarije. De bedoeling is dat wij hier 8 maanden vrijwilligerswerk in een kindertehuis gaan doen.

Actief sinds 29 Sept. 2009
Verslag gelezen: 388
Totaal aantal bezoekers 222878

Voorgaande reizen:

28 December 2009 - 22 Augustus 2010

Mijn eerste reis

Landen bezocht: