Myn jierdei en grutte grizels - Reisverslag uit Kisléta, Hongarije van Familie Meer - WaarBenJij.nu Myn jierdei en grutte grizels - Reisverslag uit Kisléta, Hongarije van Familie Meer - WaarBenJij.nu

Myn jierdei en grutte grizels

Door: Renske

Blijf op de hoogte en volg Familie

05 Augustus 2013 | Hongarije, Kisléta

Woansdei haw ik dan myn 40e jierdei fierd. De famkes wienen der net, we hienen dat sa gau net yn ‘e gaten doe’t we it útfanhúzjen ôfpraten. Mar sûnder de famkes wie it wol lekker rêstich  Jelle wie der al hiel betiid ôf mei Feije en ik mocht lekker útsliepe. Om njoggen oere krige ik myn iten op bêd brocht. De middeis hawwe we nei Nyiregháza west te winkeljen foar myn jierdeikadootsje. We hawwe lekker in gebakje iten en op it terras in cocktail dronken. Jûns nei it iten noch in ijsje helle dat ik haw it wol echt fierd!
Freedtejûn kamen ‘myn Hongaarske âlders’ op besite. Se wienen yn de buert en hawwe hjir iten. It wie geweldich om harren wer te sjen en by te praten. Doe’t ik yn Hongarije in staazje die fan njoggen wiken, wie ik yn de wykeinen by harren thús. Sy snapten dat ik my wol ris wat ferfeelde en ik mocht dan meihelpe. By oaren mocht dat nea, want as je gast binne meie je neat dwaan. Ik haw dêr hiele goede herinneringen oan.
Sneon hawwe we al wer nei de merk west. Ditkear om sokken te keapjen foar de bern yn it tehûs, 75 pear. Dit hawwe we hjoed brocht mei de sokken dy’t skoanmem breide hie. De haadsuster wie der o sa oer te sprekken. Ek hawwe we hjoed de spullen nei it blijf van mijn lijf huis brocht. Dat komt ek allegearre goed te plak. Tamara wie al in hiel stik groeid, wat in skatsje. Bin noch altyd yn de ferlieding om har mei te nimmen!
By de winkel hawwe we regele dat der drinken, yochert en noch wat oare dingen by it tehûs brocht wurdt. We mochten net betelje foar de hier en gas, wetter en elektrysk mar wol wat oan de bern jaan. Dan samar, dat is ek wol sa aardich. De winkelman sil moarn mei de haadsuster beprate wat der brocht wurdt.
It is noch altyd waarm hjir, my wol ris wat te, mar dêr sil ik net oer kleie. In protte lêst fan stekmichjes en oare enge bisten. Fannewike hie ik in bulte fan wol 5 sm op myn bil, deromhinne waard it blau en it jokke ferskriklik. Jelle hat o sa lake doe’t ik op in jûn gillend it bêd útsprong omdat der sa’n grutte grizel oer myn bil rûn. Mar even letter fûn er it net mear sa grappich doe’t der by him op it kessen ien lei. Hy wist net hoe hurd as er it bêd útmoast. Karma, soenen de froulju wol sizze!

  • 06 Augustus 2013 - 10:07

    Nynke De Jong:

    Hoi allegearre,

    Wat moai om sa no en dan wat fan jimme te hearen! Ik ha oant no ta noch net reagearre, mar no moat it wol: Renske (en famylje) Fan Herte Lokwinske en hast in gesellige jierdei han sa te lezen.
    Nei de fakansje prate wy wer by hear!
    Noch in pear gesellige dagen tawinske en oant gau!

  • 06 Augustus 2013 - 20:45

    Grutte:

    Hoi allegear, undertusken binnen Ylse, Pytsje en Brecht tink ik ek al by jimme, lekker een wikje utfanhus. Doch geselliche dingen mei jimme allen. En Rens goed om te lezen dat je, je verjaardag met zoveel gebak en ijs hebt gevierd een echte Pasma zullen we maar zeggen.
    Genieten nog even en kant snel Tryn

  • 07 Augustus 2013 - 07:52

    Pietrik:

    Hoi Renske en familie, Van Harte Gefeliciteerd met je 40 ste verjaardag nog!! Wij wensen jullie nog een fijne vakantie. Groeten uit Wiuwert

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Verslag uit: Hongarije, Kisléta

Mijn eerste reis

Recente Reisverslagen:

24 Augustus 2017

Útstapkes

21 Augustus 2017

Alle doazen binne fuort.

15 Augustus 2017

Rûnbringen 2017

31 Augustus 2016

In 'ongenode gast'

21 Augustus 2016

Even byprate
Familie

In december reizen wij met het hele gezin naar Hongarije. De bedoeling is dat wij hier 8 maanden vrijwilligerswerk in een kindertehuis gaan doen.

Actief sinds 29 Sept. 2009
Verslag gelezen: 507
Totaal aantal bezoekers 212039

Voorgaande reizen:

28 December 2009 - 22 Augustus 2010

Mijn eerste reis

Landen bezocht: