Mixed emotions

Door: webmaster

Blijf op de hoogte en volg Familie

29 Juli 2011 | Hongarije, Kisléta

Nei noch wat stress (we hienen sneontemiddei noch in oanriding) en in protte reinwetter binne we dan dochs goed oankommen yn Kisléta. Troch it minne waar hawwe we snein in lange dei yn auto sitten, de oare beide dagen wienen we wat betider teplak.
Doe’t we hjir wienen, moasten we fansels earst even by de bern sjen. Se wienen allegearre bliid om ús te sjen. Foar ús wie it hiel dûbeld omdat ien fan ús jonges der net mear is. Yn maaie skreau de direktrise ús dat Laci hastich ferstoarn wie. Hy hie spierdystrofie en we wisten dat er net âld wurde soe mar dit hienen we noch net ferwachte. Se fertelde no dat hy mar hiel koart siik west hie, op in middei is er nei it sikehûs rekke en dyselde nachts is er stoarn. Wat my it measte fertriet docht is dat der gjinien by him wie yn it sikehûs. We sille him ferskriklik misse. Hy fûn it altyd sa moai om mei ús mei om spultsjes te dwaan mei de famkes. En hy hie altyd de grutste wille om Feije syn streekjes. Feije woe him ek altyd triuwe yn de rolstoel, hoewol’t it in elektryske wie.
Mar it measte wurdt er mist troch syn broer Ricsi. Hy hat deselde sykte en sit ek hjir yn it tehûs. We sjogge dat er in soad fertriet hat, de ljochtsjes binne út syn eagen. De kommende tiid sille we ús bêst dwaan om dy werom te bringen. We hawwe al wer even in kear mei him te kuierjen west en in pear kear by him sjoen. Neffens de susters hat hy útsjoen nei ús besite. Nije wike sille we mei him en ien fan it personiel nei Laci syn grêf.
Us hûs wie skjinmakke, dat wie hiel fijn. We sjogge wol dat it hurd achterút giet as der net yn wenne wurdt. Troch it focht falt der wer fan alles fan de muorren ôf. Mar foar in skoftke kin it wol sa. We tinke der noch oer oft it sin hat om (opnij) te skilderjen.
We hawwe op it stuit lekker waar. Doe’t we oankamen, reinde it Mar no is it bewolkt, 25 graden en sa no en dan in buike. Best út te hâlden sa. Feije boartet al hearlik mei wetter yn de tún en ik sit dit te typen op de skommelbank.
De bern fiele harren wer hielendal thús. Feije begjint sawier ek Hongaarsk te praten. Dat soarget wol ris foar ferhearde blikken. Sa sei er fannewike by de kassa proost yn it Hongaarsk omdat er palinka lizzen seach.
Ek fielt er him hiel wat as de manlju him in hân jouwe. Ik moat der noch altyd oan wenne dat se dit net by de froulju dogge. De emansipaasje is noch fier fuort.
De froulju hawwe de freondintsjes ek al wer fûn, aardich om te sjen hoe’t se dat sa wer oppakke. Feije hat ek al in pear kear op de beukerskoalle west (dy bern hienen noch net fakânsje).
Wêr’t we wol in protte muoite mei hawwe is it oanjaan fan grinzen. We hawwe nije buorlju mei in famke dy’t twa jier jonger is as Ymkje. Sy stiet moarns om njoggen oere op de stoepe en se is hjir suver net wei te slaan. Us froulju fine it wol aardich om even mei har te boartsjen mar omdat se jonger is, hawwe se dat nei twa oeren wol besjoen.
Ien fan de jonges fan it tehûs komt ek wol ris del en foar’t we it witte stiet er yn ‘e hûs, se binne o sa frij. En dan binne der noch minsken yn it doarp dy’t tinke dat wy harren helpe kinne mei jild of klean. It is hiel lestich om dúdlik te meitsjen (foaral troch de taalbarriére) dat wy gjin Sinteklaas binne.
Oan de iene kant begruttet it my wol omdat se hjir net folle hawwe. Mar oan de oare kant fyn ik se soms ek wol hiel brutaal om samar om jild en guod te freegjen. Boppedat witte je net wêr’t it ophâldt as je hjir ien kear mei begjinne.
Juster troffen we in frou dy’t in hiel ferhaal hie, we snapten mar de helte. Mar wat we wol begriepen is dat se fan doel wie om sneontemiddei del te kommen. Se woe hiel graach ús hûs sjen, se hie it oer klean en dat se wol 11 beppesizzers hie. Ik tink dat wy sneon fuort binne :)
Oant safier it nijs út Kisléta. We litte letter fannewike wol wer ris wat hearre.

  • 30 Juli 2011 - 08:58

    Pasma's Ut St. Anne:

    Hoi famylje,

    fijn dat jim wer goed oan kaem binne, en dat der dan mixed emotions binne kin in my begripe. De tiid stiet der ek net stil as jjim der net binne, en dan geane ek alle dingen fan it libben troch en der heart it ferstjerren fan Laci ek by. Je kinne der dan net weze en no kinne je net folle mear dwaen as it ferwurkje en der weze foar de oaren der. mar in protte sterkte. Moai dat de bern it allegear wer sa flot oppakke, kin je sjen hoe flexibel se binne, prachtig.
    Rennie, wy filisitere dy alfest mei dyn jierdei fan moarn en meitsje der mar in moai feestje fan. In hiele goeie tiid tawinske, leafs ut St. Anne

  • 30 Juli 2011 - 13:49

    Pytsje:

    Hoi allegear,

    Ja, it is fansels wer in hiele omskeakeling. Ien fan jim jonges der net mear. Ik hoopje dat Ricsi in bytsje genietsje kin fan jimme oandacht.
    En in oanriding?? Alwer skea foar de nije Touran? As falt it wat ta?
    Moarn sille we efkes belje mei dy Rens. Hoopje dat hjir de tillefoan net al te faak giet;)
    No in dikke tút fan ús hjir en genietsje ek in bytsje fan it moaie waar en de tiid mei inoar.

    Pytsje en Ylse

  • 30 Juli 2011 - 18:16

    Eelke En Margaret:

    Hallo luitjes, hier ouderwets nederlands weer eens over de site! ha ha. Nou; alleen maar blikschade hopen we aan de VW (VoorWaarts!). Geniet van het weer, van elkaar en het prachtige Hongarije. Wie kan er zeggen dat ze 6 weken vakantie genieten!?? (JALOERS>>>>) wij ploeterne hier nog wel efkes voort in het hectische nederland/Fryslan. JIMME MISSE IT SKUTSJESILEN EN DE P.C.!! Enfin, alles went. Feije mar goau wer nei it foutbaljen (o sorry) en de dames mar sjoppen en babbelen met de jeugd. Laterrrrrrrrr. de knuffels van de vandermeertjes!!

  • 31 Juli 2011 - 17:28

    Heit:

    Hoi Jelle, Renske en bern. Renske allerearst noch lokwinske mei dyn jierdei. Fannemoarn hawwe wy ek al kontakt hân oer de telefoan, mar dat wie net sa dúdlik, dat nochris fan herten en meitsje der mar wat moais fan dêre. En Jelle, hoe sit it jonge, stiene de stjerren net goed doe't de nije Touran makke is? Dit is al de twadde kear binnen it healjier datst ûngemak hast. Mei de âlde Touran hast neffens my eins nea wat hân wol? Fijn dat it waar by jimme wol goed is, it hâldt hjir noch net oer, al sil it de kommende dagen echt simmer wurde neffens Piet Paulusma. Dan kin de koarte broek nochris wer oan, dat is der fan 't simmer noch net sa bot fan kommen. Fierders noch in fijne tiid tawinske mei alle bern en freonen yn Kisléta. Dikke tút en oant in oare kear.

  • 06 Augustus 2011 - 17:58

    Grutte Tryn:

    Hoi allegear, eindelijk dan toch een berichtje. De hele week was ik van plan om even een keertje jullie site te kijken maar tot nu toe is het er niet van gekomen.
    Groetjes oan jimme allegear Tante Tryn

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Verslag uit: Hongarije, Kisléta

Mijn eerste reis

Recente Reisverslagen:

24 Augustus 2017

Útstapkes

21 Augustus 2017

Alle doazen binne fuort.

15 Augustus 2017

Rûnbringen 2017

31 Augustus 2016

In 'ongenode gast'

21 Augustus 2016

Even byprate

14 Augustus 2016

It rûnbringen

04 Augustus 2016

Even in kuolkast keapje

12 Augustus 2015

Tokaj en ôfskied nimme

08 Augustus 2015

Klein en groot geluk

02 Augustus 2015

Jierdei fiere en de Tesco tour

02 Augustus 2015

Te veel

26 Juli 2015

Alles rûnbrocht

22 Juli 2015

Dag 2 en 3

20 Juli 2015

De eerste dozen zijn weg

16 Juli 2015

Donderdag 16 juli

16 Augustus 2014

In soad dien de lêste wike

07 Augustus 2014

Systeempje?

05 Augustus 2014

In drok wykein

02 Augustus 2014

Noch in pear ritsjes.

29 Juli 2014

Al by fiif tehuzen west

28 Juli 2014

Nije ûntwikkelingen yn de tehuzen

13 Augustus 2013

In laits en in trien

05 Augustus 2013

Spraakverwarring

05 Augustus 2013

Myn jierdei en grutte grizels

30 Juli 2013

Al weer een week voorbij

29 Juli 2013

Veranderingen

22 Juli 2013

Begraffenis

21 Juli 2013

Falunap 2013

19 Juli 2013

Gödöllö en lêste dei

17 Juli 2013

Ferslach tiisdei en woansdei

16 Juli 2013

Tsjinsthûs moandei

13 Juli 2013

De earste wike

30 Augustus 2011

Toerist yn eigen lân

21 Augustus 2011

Geld en vrouwen

18 Augustus 2011

Balaton

16 Augustus 2011

In ekstra update

15 Augustus 2011

Al weer een week om.

07 Augustus 2011

Wike 2 alwer

01 Augustus 2011

Hármincnyolc

29 Juli 2011

Mixed emotions

25 Februari 2011

Een volle week

22 Februari 2011

Thús

23 Augustus 2010

Wolkom thús

18 Augustus 2010

It ôfskied

17 Augustus 2010

De lêste dagen

05 Augustus 2010

Aardige petearen

27 Juli 2010

Welkom in Hongarije

17 Juli 2010

Feije syn ideeën

11 Juli 2010

Njoggen jier

05 Juli 2010

Liefde is ......

29 Juni 2010

Dicht bij de natuur

29 Juni 2010

En toen waren er nog maar twee

21 Juni 2010

Oer in kater en hinnepiken

18 Juni 2010

'even' wandelen

17 Juni 2010

Daar zijn we weer!

15 Juni 2010

deadsangsten

15 Juni 2010

na regen....

05 Juni 2010

Dozen, regen, een regen aan dozen

30 Mei 2010

Falunap

24 Mei 2010

Hobbel in de weg, hobbel in de weg, GAT in de weg

21 Mei 2010

Eigenaardig

18 Mei 2010

Blub, blub, blub

10 Mei 2010

FRUSTRATIES!

07 Mei 2010

De avonturen fan heit en Pytsje

04 Mei 2010

Jild útjûn en nije besite

20 April 2010

Nati

18 April 2010

Het is weer stil in huis

07 April 2010

de peaskedagen

31 Maart 2010

De natuur ontwaakt

28 Maart 2010

Feije syn fuotbaldebút

20 Maart 2010

Foarjier!!

16 Maart 2010

Hulp is welkom.

11 Maart 2010

Lytse dingen

07 Maart 2010

In optreden

04 Maart 2010

'Onze kinderen'

23 Februari 2010

Skoaltsjesiik

22 Februari 2010

Weer wat nieuws!

18 Februari 2010

In aparte wike

14 Februari 2010

Négy éves

11 Februari 2010

Het tehuis

09 Februari 2010

Geduld is een schone zaak.

08 Februari 2010

De grutte dei!

06 Februari 2010

En we soenen gjin stress hjir!

04 Februari 2010

Dom, dommer, domst!

03 Februari 2010

In wite wûnderwrâld

01 Februari 2010

Ingesneeuwd

31 Januari 2010

noch ien kear

28 Januari 2010

Kisléta

27 Januari 2010

Gödöllö 2

25 Januari 2010

Sok boldog születésnapot

24 Januari 2010

Gödöllö

22 Januari 2010

Post

20 Januari 2010

Echte Nederlanders

16 Januari 2010

Research

15 Januari 2010

Nieuwe hoop

12 Januari 2010

Wachtsje

11 Januari 2010

het weekend

08 Januari 2010

Status vrijwilligerswerk

07 Januari 2010

Werom yn de tiid

05 Januari 2010

Ynternet

03 Januari 2010

Eger

31 December 2009

Te plak

26 December 2009

Een dooie mus

29 November 2009

Eind goed, al goed

23 November 2009

Stilte

15 November 2009

Advys

12 November 2009

Ek dat noch

04 November 2009

Nijs fan Nelly

28 Oktober 2009

Als een donderslag...

24 Oktober 2009

Voorbereidingen

21 Oktober 2009

Goed nijs

12 Oktober 2009

Wer thús

09 Oktober 2009

Alles geregeld?

08 Oktober 2009

Donderdag 08 oktober

07 Oktober 2009

Woensdag 7 oktober

30 September 2009

It begjin
Familie

In december reizen wij met het hele gezin naar Hongarije. De bedoeling is dat wij hier 8 maanden vrijwilligerswerk in een kindertehuis gaan doen.

Actief sinds 29 Sept. 2009
Verslag gelezen: 436
Totaal aantal bezoekers 222878

Voorgaande reizen:

28 December 2009 - 22 Augustus 2010

Mijn eerste reis

Landen bezocht: