Ynternet - Reisverslag uit Szentistván, Hongarije van Familie Meer - WaarBenJij.nu Ynternet - Reisverslag uit Szentistván, Hongarije van Familie Meer - WaarBenJij.nu

Ynternet

Door: webmaster

Blijf op de hoogte en volg Familie

05 Januari 2010 | Hongarije, Szentistván


Alderearst it folsleine adres foar wa't âlderwetsk dwaan wol:

Arany Janos Utca 68
3418 Szentistván
Tige tank Dora foar it opsykjen fan de postkoade. Oant no ta koenen we allinne ynternette fia de mobyl en dat is ferskriklik djoer. Sûnt juster hawwe we prepaid mobylynternet. No giet it wer in stik makliker. Al binne der noch wol wat probleemkes. We kinne wol normaal mail ûntfange mar ferstjoere wol allinne fia Netmail. Mar jimme begripe wol dat Jelle der hurd oan wurket om dit oars te krijen. Hy jout net sa gau op.
Hjoed hawwe we postsegels helle, de earste brieven binne ek al de doar út. Tjitske hat fuort de earste deis al in brief skreaun foar har freondinne.
It giet goed mei de bern. Se dogge hiel goed harren bêst. Sa no en dan kuierje we in eintsje mar net te lang want it is kâld!!!
Fierder dogge we in protte spultsjes en der lizze hjir ek in soad Nederlânsktalige boeken foar de bern.
Fansels bale de bern wol dat se no net reedride kinne. We hawwe wol redens mei en it friest dat it ongelt mar gjin iisbaan te bekennen yn de omkriten.
Ik sjoch yn elts gefal al út nei de simmer!

  • 05 Januari 2010 - 20:42

    Heit:

    Moai dat jimme no wat better ynternette kinne. Dat Jelle net sa gau opjout, dat wit ik. Yn dit gefal is dat ek wol wer handich. Wat it waar oangiet, kinne wy optheden wol meidwaan mei jimme. Al tink ik wol dat it yn Hongarije faker friest as hjir by ús. Op it stuit haw ik fierder gjin nijs. Ik ha Renske noch even antwurde op de mail dy't se niis stjoerd hat.
    Oant oare kear.
    Heit

  • 05 Januari 2010 - 21:04

    Clemens:

    Nog de beste wensen uit Gorredijk. Ik denk eerst eens even kijken of ze er al zij . Alles goed gekomen zie ik wel Bij jullie iets kouder dan hier Mooi huisje vriend
    Groetjes Clemens

  • 06 Januari 2010 - 06:35

    Trijntje:

    Hello, gelukkig weer goed internet wat een zegen voor de mensheid eh eh eh. Maar soms kan het heel makkelijk zijn. Het is hier nog steeds koud maar onder de 4 graden is het bij ons nog niet gekomen. De ijsban was hier wel open en zondag was het er ook al druk toen was het dan ook schitterend weer. Ik dacht nog snel voor mijn werk efkes kijken of er weer wat op staat en dat is dus zo. groetjes Grutte

  • 06 Januari 2010 - 22:01

    Herman:

    Hoi allegeare,
    Moai dat jim teplak binne! Efkes wenne oan de kjeld op guon plakken yn hûs dus. Wy binne by ús ek sa ferwend mei oeral CV. Dit is dus ek in bytsje 'back to basic'. In soad wille mei jim allen tawinske en it allerbêste! Groetnis fan Herman út Schwarzenfeld

  • 07 Januari 2010 - 20:12

    Erwin, Pytsje & Ylse:

    Hello,

    Jammer dat jim gjin iisbaan hawwe. Ylse en ik hawwe fannejûn noch even te riden west. Prachtich, se hat fan dy easygliders en it giet wol aardich.
    Se fûn it wakker moai dat Feije har belle snein. Se snapte allinnich net sa goed dat jim yn Hongarije sitte. Wie se even ferjitten.
    Ik trof fannewike Jelly Miedema yn Grou. Se frege hoe't it mei Renske gong. Ik fertelde dat jim yn Hongarije sitte. Do moast de groeten fan har hawwe.

    No dit wie it wer even.

    Tùt fan Pyt

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Verslag uit: Hongarije, Szentistván

Mijn eerste reis

Recente Reisverslagen:

24 Augustus 2017

Útstapkes

21 Augustus 2017

Alle doazen binne fuort.

15 Augustus 2017

Rûnbringen 2017

31 Augustus 2016

In 'ongenode gast'

21 Augustus 2016

Even byprate
Familie

In december reizen wij met het hele gezin naar Hongarije. De bedoeling is dat wij hier 8 maanden vrijwilligerswerk in een kindertehuis gaan doen.

Actief sinds 29 Sept. 2009
Verslag gelezen: 177
Totaal aantal bezoekers 212025

Voorgaande reizen:

28 December 2009 - 22 Augustus 2010

Mijn eerste reis

Landen bezocht: