Begraffenis

Door: Renske

Blijf op de hoogte en volg Familie

22 Juli 2013 | Hongarije, Kisléta

Fannemoarn earst gau wat dien foar’t we fuortgongen. Om alve oere de formulieren fuortbrocht nei Monika en doe betiid iten. Om tolve oere moasten we fuort mei de bus. It is hjir de lêste dagen al wer aardich waarm en we hienen it dan ek wol wat benaud yn de kreaze klean. Ik haw spesjaal noch in donkere jurk en pantys kocht omdat it hjir wat formeler giet as by ús.
De tsjinst wie yn Nyiregyhaza. We hienen gjin idee wat we ferwachtsje koenen. Al gau wienen we der achter dat we in blom meinimme moatten hienen. It wie net ferplichte mar eins hie eltsenien ien mei. Der is ek gjinien dy’t je soks fertelt want se miene dat it oeral gelyk is as by harren.
It die bliken dat de kremaasje al west hie. De urn stie op in tafel mei de foto derby. Eltsenien giet derby del en leit dan in blom del, slacht in krús of is even stil en siket dan in plak. It wie yn in soarte fan rûne iepen aula. Om ien oere begong de tsjinst wylst der noch in hiele rij minsken stie te wachtsjen. Ik tink dat der wol trijehûndert wienen. Der wienen in stik of wat prysters en in foarsjonger. Sa no en dan waard der meisongen of bidden. Nei de tsjinst waard de urn yn auto setten. Der ried in spesjale auto foar alle losse blommen en blomstikken achteroan. De famylje rûn foarop en ûnder it lieden fan de klok rûnen we nei de achterkant fan de aula. Hjir waard de urn bysetten. Nei in skoftke koenen we wer trochrinne nei de famylje om te kondolearjen. Gjin moaie rij sa as by ús mar de minsken kamen fan alle kanten. It begrutte my ferskriklik om nagymama (beppe). Se hie mar ien soan en dy moast se nei fuortbringe. Se gûlde sa!
Nei it kondolearjen wie it dien. We wienen de oare minsken fan it tehûs kwytrekke yn it gedrang mar lokkich hawwe we se wer fûn.
Feije hie moai boarte op de keamer dêr’t Ricsi ek altyd is. Hy wie leaf west en hie it wol leuk hân. Lokkich mar want hy fûn it wol hiel spannend, sa allinnich.

  • 23 Juli 2013 - 21:04

    PytsjeP:

    No goeie van der Meerkes,

    Wat yndrukwekkend om alles te lêzen wat jimme wer belibje mei syn allen! Grut respekt foar it goede wurk wat der troch jimme dien is. Hjir yn Fryslân binne de temperatueren ek tropysk. Mar dat hawwe jimme grif al meikrigen fan oare famyljeleden! Noch twa wike en dan komme wij dy kant ek al ùt. Ylse hat der sa'n sin yn oan! (har eigen ùtdrukking haha) No, we hawwe noch wol even kontakt en oant gau! Leafs Pytsje en Ylse

  • 24 Juli 2013 - 10:44

    Jan Pasma (heit):

    Sa sjochst mar wer: 's lands wijs, 's lands eer. De Hongaren hawwe fansels net safolle kontakt mei oare lannen en tinke miskien dêrom wol, dat in begraffenis oeral op deselde wize om en ta giet. Goed dat jimme derby wiene, je moatte der wêze yn goede en yn minne tiden. It hat hjir fannemoarn even reind, lekker fris nei alle waarmte. Op it stuit is der in man by my oan it ynventarisearjen wat der oan asbest yn it hûs ferwurke is. Dat moat om't ik strak in nije dûs en wc krij. Se binne as de dea foar asbest. Wat oerdreaun tinkt my, mar hawar. Om 'e pear dagen kom ik yn Mantgum om de blommen wetter te jaan. Dat moat wol mei dizze waarmte oars bliuwt der neat fan jimme plantsjes oer. Fierders net folle nijs. Niis haw ik even skille mei beppe Dokkum om har te lokwinskjen mei har jierdei hjoed. Oant oare kear. Heit.

  • 28 Juli 2013 - 19:12

    Grutte:

    no doech family, ik run in bytsje efter mei alle stikjes en hano wer by lezen. Ik tink dat alle minsken altiit it gefoel ha dat alles wol sa gean sil sa ot sy it went binne mar gelokkich is dat net sa. Dan soe it wol een saaie boel wurde.

    Afgelopen week wat regen gehad en wat minder zon maar voor de komende week staat er weer veel zon en hoge temperaturen op het programma, gelukkig. Ik moet nog wat weekjes werken maar vind het toch wel lekker als het mooi weer is, kun je buiten eten heerlijk.

    Groetjes uit Boksum fan grutte Tryn

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Verslag uit: Hongarije, Kisléta

Mijn eerste reis

Recente Reisverslagen:

24 Augustus 2017

Útstapkes

21 Augustus 2017

Alle doazen binne fuort.

15 Augustus 2017

Rûnbringen 2017

31 Augustus 2016

In 'ongenode gast'

21 Augustus 2016

Even byprate

14 Augustus 2016

It rûnbringen

04 Augustus 2016

Even in kuolkast keapje

12 Augustus 2015

Tokaj en ôfskied nimme

08 Augustus 2015

Klein en groot geluk

02 Augustus 2015

Jierdei fiere en de Tesco tour

02 Augustus 2015

Te veel

26 Juli 2015

Alles rûnbrocht

22 Juli 2015

Dag 2 en 3

20 Juli 2015

De eerste dozen zijn weg

16 Juli 2015

Donderdag 16 juli

16 Augustus 2014

In soad dien de lêste wike

07 Augustus 2014

Systeempje?

05 Augustus 2014

In drok wykein

02 Augustus 2014

Noch in pear ritsjes.

29 Juli 2014

Al by fiif tehuzen west

28 Juli 2014

Nije ûntwikkelingen yn de tehuzen

13 Augustus 2013

In laits en in trien

05 Augustus 2013

Spraakverwarring

05 Augustus 2013

Myn jierdei en grutte grizels

30 Juli 2013

Al weer een week voorbij

29 Juli 2013

Veranderingen

22 Juli 2013

Begraffenis

21 Juli 2013

Falunap 2013

19 Juli 2013

Gödöllö en lêste dei

17 Juli 2013

Ferslach tiisdei en woansdei

16 Juli 2013

Tsjinsthûs moandei

13 Juli 2013

De earste wike

30 Augustus 2011

Toerist yn eigen lân

21 Augustus 2011

Geld en vrouwen

18 Augustus 2011

Balaton

16 Augustus 2011

In ekstra update

15 Augustus 2011

Al weer een week om.

07 Augustus 2011

Wike 2 alwer

01 Augustus 2011

Hármincnyolc

29 Juli 2011

Mixed emotions

25 Februari 2011

Een volle week

22 Februari 2011

Thús

23 Augustus 2010

Wolkom thús

18 Augustus 2010

It ôfskied

17 Augustus 2010

De lêste dagen

05 Augustus 2010

Aardige petearen

27 Juli 2010

Welkom in Hongarije

17 Juli 2010

Feije syn ideeën

11 Juli 2010

Njoggen jier

05 Juli 2010

Liefde is ......

29 Juni 2010

Dicht bij de natuur

29 Juni 2010

En toen waren er nog maar twee

21 Juni 2010

Oer in kater en hinnepiken

18 Juni 2010

'even' wandelen

17 Juni 2010

Daar zijn we weer!

15 Juni 2010

deadsangsten

15 Juni 2010

na regen....

05 Juni 2010

Dozen, regen, een regen aan dozen

30 Mei 2010

Falunap

24 Mei 2010

Hobbel in de weg, hobbel in de weg, GAT in de weg

21 Mei 2010

Eigenaardig

18 Mei 2010

Blub, blub, blub

10 Mei 2010

FRUSTRATIES!

07 Mei 2010

De avonturen fan heit en Pytsje

04 Mei 2010

Jild útjûn en nije besite

20 April 2010

Nati

18 April 2010

Het is weer stil in huis

07 April 2010

de peaskedagen

31 Maart 2010

De natuur ontwaakt

28 Maart 2010

Feije syn fuotbaldebút

20 Maart 2010

Foarjier!!

16 Maart 2010

Hulp is welkom.

11 Maart 2010

Lytse dingen

07 Maart 2010

In optreden

04 Maart 2010

'Onze kinderen'

23 Februari 2010

Skoaltsjesiik

22 Februari 2010

Weer wat nieuws!

18 Februari 2010

In aparte wike

14 Februari 2010

Négy éves

11 Februari 2010

Het tehuis

09 Februari 2010

Geduld is een schone zaak.

08 Februari 2010

De grutte dei!

06 Februari 2010

En we soenen gjin stress hjir!

04 Februari 2010

Dom, dommer, domst!

03 Februari 2010

In wite wûnderwrâld

01 Februari 2010

Ingesneeuwd

31 Januari 2010

noch ien kear

28 Januari 2010

Kisléta

27 Januari 2010

Gödöllö 2

25 Januari 2010

Sok boldog születésnapot

24 Januari 2010

Gödöllö

22 Januari 2010

Post

20 Januari 2010

Echte Nederlanders

16 Januari 2010

Research

15 Januari 2010

Nieuwe hoop

12 Januari 2010

Wachtsje

11 Januari 2010

het weekend

08 Januari 2010

Status vrijwilligerswerk

07 Januari 2010

Werom yn de tiid

05 Januari 2010

Ynternet

03 Januari 2010

Eger

31 December 2009

Te plak

26 December 2009

Een dooie mus

29 November 2009

Eind goed, al goed

23 November 2009

Stilte

15 November 2009

Advys

12 November 2009

Ek dat noch

04 November 2009

Nijs fan Nelly

28 Oktober 2009

Als een donderslag...

24 Oktober 2009

Voorbereidingen

21 Oktober 2009

Goed nijs

12 Oktober 2009

Wer thús

09 Oktober 2009

Alles geregeld?

08 Oktober 2009

Donderdag 08 oktober

07 Oktober 2009

Woensdag 7 oktober

30 September 2009

It begjin
Familie

In december reizen wij met het hele gezin naar Hongarije. De bedoeling is dat wij hier 8 maanden vrijwilligerswerk in een kindertehuis gaan doen.

Actief sinds 29 Sept. 2009
Verslag gelezen: 422
Totaal aantal bezoekers 222912

Voorgaande reizen:

28 December 2009 - 22 Augustus 2010

Mijn eerste reis

Landen bezocht: