De grutte dei!

Door: webmaster

Blijf op de hoogte en volg Familie

08 Februari 2010 | Hongarije, Kisléta

Hjoed wie dan de grutte dei: de bern mochten foar it earst hjir nei skoalle. Se wienen best senuwachtich en wy ek wol in bytsje :)
Hoe't de famkes harren earste dei belibbe hawwe moatte jimme mar even lêze op harren eigen webloch: www.dedamesyntongerslan.waarbenjij.nu
Doe't wy de fammen ôflevere hienen, haw ik mei Feije nei skoalle west. Doe't we oankamen, gongen de bern krekt yn de kring sitten (op de grûn). Earst waard Feije foarsteld oan de rest fan de bern. Dêrnei dienen se allegearre opsisferskes. Hiel netsjes yn koar! Doe wie it tiid foar it skoft. De bern geane dan oan tafel sitten en krije in broadsje, drinken en wat sjips. It duorre ús mantsje al fierstente lang, hy woe boartsje! Lokkich mocht dat dêrnei. Hy hat him bêst fermakke. Mei de houten trein boarte, even yn de poppehoek en puzzele. Om healwei alven binne we fuortgongen omdat we in ôfspraak hienen yn it tehûs. Moarn mei er wer.
It is trouwens wol hiel aardich om ris op in skoalle yn it bûtenlân te sjen. De juffen fan de kleuterskoalle hawwe skelkjes foar. Der binne neist de juf ek noch twa assistentes yn de klasse dy't helpe mei de bern. Dan rint der yn elts gefal ien konsjerzje om, in pear poetsfroulju en froulju dy't itensiede en dat útdiele. De bern krije it iten op skoalle.
Tjitske en Ymkje kinne ek op skoalle ite. Sy krije moarns yn it skoft in broadsje mei molke en letter noch fruit. Tusken de middei wurdt der waarm iten.


By de direktrise hawwe we de formulieren trochnommen foar de ferbliuwsfergunning. In hiel o heden. De beste frou docht sa har bêst om oer te setten yn it Dútsk en dan snappe wy it noch net. Fannewike wie it sels in kear sa dat ik it Dútske wurd net koe mar it Hongaarske wol! Ja, we geane foarút!
Se hat ek in dokumint skreaun dat wy hjir no wenje.
Fannemiddei moasten we nei it postkantoar om in waarborchsegel te heljen. Dy moatte je keapje en dan meinimme. Dy wurdt dan wer op de ferbliuwsfergunning plakt as teken dat je betelle hawwe. Se binne hjir gek op formulieren, stimpels en segels. Safolle is ús al wol dúdlik wurden.
Moarn dus nei Nyiregyhaza foar in ferbliuwsfergunning. Woansdei hawwe we wer in ôfspraak mei de direktrise. It giet yn lytse stapkes! We hawwe ûndertusken wol de kaai krigen. Fannemiddei noch even yn it hûs sjoen. De moed sakke my al wer yn de skuon want it is echt smoarch! Myn skoanmem soe in rolberoerte krije :) Jelle is noch altyd optimistysk. Der is trouwens noch gjin gas, wetter en elektrysk oansletten, oer dat probleem moasten we it woansdei hawwe, sei se. Dat belooft wer wat (sucht).

  • 09 Februari 2010 - 08:47

    Pytsje:

    Ik lês it al. Do kinst dyn hobby wer ùtoefenje Rens.....
    Hawwe se dêr net in bedriuw as Vlietstra of sa?? Foar in pear sinten skjinmeitsje?? Haha, grapke.
    Moai dat de bern harren no fermeitsje kinne op skoalle. En no op nei de formulieren ensfh.!!
    Succes.

    Tùt Pytsje

  • 09 Februari 2010 - 09:59

    Femke:

    Nu maar hopen dat alles daadwerkelijk goed komt met de verblijfsvergunning en het huis. Straks ook nog héérlijk poetsen:P Fijn dat de famkes en Feije naar school kunnen en ze het leuk lijken te vinden:)
    Veel succes maar weer met alles!
    Liefs ,Femke

  • 10 Februari 2010 - 18:41

    Tryn:

    It giet foarut. De bern al op skoalle en no jimme nog oan it wurk. Eerst maar schoonmaken in het " nieuwe" huis en dan maar weer verder. Je hebt alle tijd vd wereld Rens niks wat je op de hielen zit. Succes.

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Verslag uit: Hongarije, Kisléta

Mijn eerste reis

Recente Reisverslagen:

24 Augustus 2017

Útstapkes

21 Augustus 2017

Alle doazen binne fuort.

15 Augustus 2017

Rûnbringen 2017

31 Augustus 2016

In 'ongenode gast'

21 Augustus 2016

Even byprate

14 Augustus 2016

It rûnbringen

04 Augustus 2016

Even in kuolkast keapje

12 Augustus 2015

Tokaj en ôfskied nimme

08 Augustus 2015

Klein en groot geluk

02 Augustus 2015

Jierdei fiere en de Tesco tour

02 Augustus 2015

Te veel

26 Juli 2015

Alles rûnbrocht

22 Juli 2015

Dag 2 en 3

20 Juli 2015

De eerste dozen zijn weg

16 Juli 2015

Donderdag 16 juli

16 Augustus 2014

In soad dien de lêste wike

07 Augustus 2014

Systeempje?

05 Augustus 2014

In drok wykein

02 Augustus 2014

Noch in pear ritsjes.

29 Juli 2014

Al by fiif tehuzen west

28 Juli 2014

Nije ûntwikkelingen yn de tehuzen

13 Augustus 2013

In laits en in trien

05 Augustus 2013

Spraakverwarring

05 Augustus 2013

Myn jierdei en grutte grizels

30 Juli 2013

Al weer een week voorbij

29 Juli 2013

Veranderingen

22 Juli 2013

Begraffenis

21 Juli 2013

Falunap 2013

19 Juli 2013

Gödöllö en lêste dei

17 Juli 2013

Ferslach tiisdei en woansdei

16 Juli 2013

Tsjinsthûs moandei

13 Juli 2013

De earste wike

30 Augustus 2011

Toerist yn eigen lân

21 Augustus 2011

Geld en vrouwen

18 Augustus 2011

Balaton

16 Augustus 2011

In ekstra update

15 Augustus 2011

Al weer een week om.

07 Augustus 2011

Wike 2 alwer

01 Augustus 2011

Hármincnyolc

29 Juli 2011

Mixed emotions

25 Februari 2011

Een volle week

22 Februari 2011

Thús

23 Augustus 2010

Wolkom thús

18 Augustus 2010

It ôfskied

17 Augustus 2010

De lêste dagen

05 Augustus 2010

Aardige petearen

27 Juli 2010

Welkom in Hongarije

17 Juli 2010

Feije syn ideeën

11 Juli 2010

Njoggen jier

05 Juli 2010

Liefde is ......

29 Juni 2010

Dicht bij de natuur

29 Juni 2010

En toen waren er nog maar twee

21 Juni 2010

Oer in kater en hinnepiken

18 Juni 2010

'even' wandelen

17 Juni 2010

Daar zijn we weer!

15 Juni 2010

deadsangsten

15 Juni 2010

na regen....

05 Juni 2010

Dozen, regen, een regen aan dozen

30 Mei 2010

Falunap

24 Mei 2010

Hobbel in de weg, hobbel in de weg, GAT in de weg

21 Mei 2010

Eigenaardig

18 Mei 2010

Blub, blub, blub

10 Mei 2010

FRUSTRATIES!

07 Mei 2010

De avonturen fan heit en Pytsje

04 Mei 2010

Jild útjûn en nije besite

20 April 2010

Nati

18 April 2010

Het is weer stil in huis

07 April 2010

de peaskedagen

31 Maart 2010

De natuur ontwaakt

28 Maart 2010

Feije syn fuotbaldebút

20 Maart 2010

Foarjier!!

16 Maart 2010

Hulp is welkom.

11 Maart 2010

Lytse dingen

07 Maart 2010

In optreden

04 Maart 2010

'Onze kinderen'

23 Februari 2010

Skoaltsjesiik

22 Februari 2010

Weer wat nieuws!

18 Februari 2010

In aparte wike

14 Februari 2010

Négy éves

11 Februari 2010

Het tehuis

09 Februari 2010

Geduld is een schone zaak.

08 Februari 2010

De grutte dei!

06 Februari 2010

En we soenen gjin stress hjir!

04 Februari 2010

Dom, dommer, domst!

03 Februari 2010

In wite wûnderwrâld

01 Februari 2010

Ingesneeuwd

31 Januari 2010

noch ien kear

28 Januari 2010

Kisléta

27 Januari 2010

Gödöllö 2

25 Januari 2010

Sok boldog születésnapot

24 Januari 2010

Gödöllö

22 Januari 2010

Post

20 Januari 2010

Echte Nederlanders

16 Januari 2010

Research

15 Januari 2010

Nieuwe hoop

12 Januari 2010

Wachtsje

11 Januari 2010

het weekend

08 Januari 2010

Status vrijwilligerswerk

07 Januari 2010

Werom yn de tiid

05 Januari 2010

Ynternet

03 Januari 2010

Eger

31 December 2009

Te plak

26 December 2009

Een dooie mus

29 November 2009

Eind goed, al goed

23 November 2009

Stilte

15 November 2009

Advys

12 November 2009

Ek dat noch

04 November 2009

Nijs fan Nelly

28 Oktober 2009

Als een donderslag...

24 Oktober 2009

Voorbereidingen

21 Oktober 2009

Goed nijs

12 Oktober 2009

Wer thús

09 Oktober 2009

Alles geregeld?

08 Oktober 2009

Donderdag 08 oktober

07 Oktober 2009

Woensdag 7 oktober

30 September 2009

It begjin
Familie

In december reizen wij met het hele gezin naar Hongarije. De bedoeling is dat wij hier 8 maanden vrijwilligerswerk in een kindertehuis gaan doen.

Actief sinds 29 Sept. 2009
Verslag gelezen: 380
Totaal aantal bezoekers 222878

Voorgaande reizen:

28 December 2009 - 22 Augustus 2010

Mijn eerste reis

Landen bezocht: