En we soenen gjin stress hjir!

Door: webmaster

Blijf op de hoogte en volg Familie

06 Februari 2010 | Hongarije, Kisléta

De dei begong juster mei pech. De rjochterfoarbân fan de auto wie lek en by de Touran sit gjin reservetsjil. Jelle koe dus net mei nei skoalle want hy moast wachtsje op de Hongaarske ANWB. Feije is by him bleaun.
Tjitske, Ymkje en ik binne mei de direktrise nei skoalle riden. Dêr waarden we oerdroegen oan de learares Dútsk. Sy hat ús in rûnlieding jûn. Der sitte 185 bern op skoalle, krekt wat mear as by ús. De bern begjinne hjir mei 6/7 jier op de basisskoalle en sitte hjir oant harren 14e. Ymkje komt yn de earste klasse en Tjitske yn de tredde. Wierskynlik sitte se no in klasse leger as by ús. Se meie moandei al begjinne. De famkes mochten juster ek al even yn harren klasse sjen mar dat doarden se net. It wie wol wat spannend, al dy nije bern dy't allinne mar Hongaarsk prate. Ymkje moat alle dagen fan 8.00 oant 16.00 nei skoalle, se yt tusken de middei waarm mei de oare bern. Tjitske hat les fan 8.00 oant 11.30 of 12.30, sy yt dêrnei ek waarm mei de oare bern. Dizze klasse hat middeis gjin les. De bern kinne op skoalle of thús harren húswurk meitsje. We binne hiel benijd hoe't it gean sil. De fammen binne o sa senuwachtich mar it komt fêst klear. De juffen wienen yn elts gefal hiel aardich. De learares Dútsk is der as der problemen binne en der is ek in learares Ingelsk. Se krije beide Ingelske les. No is harren Dútsk en Ingelsk ek net optimaal mar in hiele protte begripe se wol en it is altyd better te folgjen as Hongaarsk.
We hawwe de moarns ek gelyk in besite brocht oan de kleuterskoalle. Feije mocht dêr wol hinne mar se woenen earst wol even mei him yn 'e kunde komme. De middeis om fjouwer oere hawwe we mei him hinne west. Hy fûn it wakker moai en kin hast net wachtsje oant moandei. De earste dagen giet er sa'n twa oeren hinne om te wennen en dêrnei mei er echt. Moandei gean ik earst noch mei al fynt er sels wol dat er allinnich kin. Wierskynlik hâlde we him middeis thús want de bern sliepe fan 13.00 oant 15.30 op skoalle. Dat sjogge we mei ús mantsje net sa sitten. Mar omdat ien fan ús foar Tjitske middeis ek thús wêze moatte is dat ek gjin probleem.

Undertusken wienen Jelle en Feije mei de sleepauto yn Nyiregyhaza nei in garaazje brocht. Doe't se dêr oankamen wienen krekt alle monteurs oan it iten :). Wachtsje dus. Om ien oere seinen se dat it noch in oerke duorje soe, om healwei fjouweren mochten se dan einlings wer fuort. Mar it is al wer sneller klear as dat de direktrise tocht, sy tocht dat it wol oant woansdei duorje koe. Lang leve de ANWB! It is allegearre keurich regele, se hawwe ek in pear kear belle oft der al ien wie en oft it probleem oplost wie.

Omdat we no moandei mei de bern nei skoalle moatte, kinne we net nei Nyiregyhaza om ús ferbliuwsfergunning te regeljen. Dat wurdt no tiisdei of woansdei. De direktrise sil mei, al tinke wy dat we it allinne ek wol oprêde. Se frege noch yn hokker taal de formulieren útdraaid wurde moasten, Ingelsk of Hongaarsk. We hawwe frege om Ingelske mar Hongaarske krigen. Dêrom moatte we it wol mei har ynfolje want it is net te dwaan om alles yn in wurdboek op te sykjen.
We hoopje mar dat we nije wike skjinmeitsje meie yn it oare hûs. Omdat it yn de karre sa kâld en fochtich is, hawwe we alles hjir yn hûs stean. It is wol wat krap sa.
Hjoed hawwe we in waskmasine helle. Ek wer in hiele belevenis. It is earst altyd in hiele keunst om ien te finen dy't Ingelsk of Dútsk praat. Dan krije je twa formulieren mei en moatte je ôfrekkenje by de kassa, dêr wurde dan wer stimpels en hantekeningen op setten. Om it garânsjebewiis te krijen moatte je dan wer nei in oare baalje. Dan docht bliken dat it garânsjebewiis yn de ferpakking fan de waskmasine sit, as je gelok hawwe kinne je dy der útkrije en oars moatte je letter mar wer ris komme. Dan kinne je mei de papieren nei it magazyn en as je dan in hantekening setten hawwe, kinne je de waskmasine meikrije.
It ding stiet hjir no en Jelle is him oan it oansluten. No moatte we noch sjen oft de badkeamer net blank komt te stean as ik waskje want as we doese komt it skûm yn it putsje fierderop omheech.

  • 06 Februari 2010 - 15:20

    Heit:

    No, moai dat Feije sa'n sin oan skoalle hat. En mei de famkes sil it ek wol klear komme tink ik. Mar dat se senuwachtich binne kin ik my bêst begripe. It is fansels allegear like frjemd. Mar nei in pear dagen sil it wol wat wenne, it komt fêst wol klear. Dus in lekke bân en gjin reserve. Nuver dat de Touran soks net hat, dan is in thúsbringer dochs wol noflik. Knap dat de ANWB soks sa flot regelje kin yn it wat sjerperige Hongarije. Jûn hawwe we Tryn har feest, moarn doch ik oer de mail wol even ferslach. Oant oare kear.

  • 06 Februari 2010 - 15:57

    Henine:

    he famylje, wat in spoannende dagen geane dy fammen temjitte,
    ik tink dat it ek wol oan komt op doarren en ik ha respekt foar dy twa dappere froulju.
    Ek Feije sil syn plakje wol fine. Fierder giet it foar Hongaarske begrippen hiel hurd.
    Hjir yn Boksum binne we drok mei it tarieden fan it feestje fan Trijn.
    Eva Trijntje (lytse) en ik hawwe har holpen.It rint as it spoar.
    We sille jûn oan jimme tinke. Ik ha de tekeningen fan de bern foaryn de map dien dus dat komt goed. Dyn stikje renny haw ik fuort nei de tekeningen dien mar it sil wol moarn wurde foardat se it lêst.
    Oant in oare kear

  • 07 Februari 2010 - 18:28

    Tryn:

    Hoi allegear, tige tank foar jimme moaie tekeningen en stikje. Juster een prachtig feest han, jammer dat jimme der net wiene. Maar ook zonder jullie was het zeer geslaagd. Ik hoefde me alleen maar druk te maken over de planning de uitvoering was in zeer goede handen.
    Gelukkig komt er nu wat schot in jullie zaak. De kids naar school dan hebben jullie de handen vrij om iets te doen en daarvoor ben je er. Maar nu eerst nog de woning schoonmaken en himelje ik hoop inderdaad voor jullie dat dat nu ook kan gebeuren. En wie weet tot pasen en het gourmetten, maar hebben jullie daar dan een gourmet stel of moet ik dat dan ook nog zelf meezeulen ????
    Grutte

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Verslag uit: Hongarije, Kisléta

Mijn eerste reis

Recente Reisverslagen:

24 Augustus 2017

Útstapkes

21 Augustus 2017

Alle doazen binne fuort.

15 Augustus 2017

Rûnbringen 2017

31 Augustus 2016

In 'ongenode gast'

21 Augustus 2016

Even byprate

14 Augustus 2016

It rûnbringen

04 Augustus 2016

Even in kuolkast keapje

12 Augustus 2015

Tokaj en ôfskied nimme

08 Augustus 2015

Klein en groot geluk

02 Augustus 2015

Jierdei fiere en de Tesco tour

02 Augustus 2015

Te veel

26 Juli 2015

Alles rûnbrocht

22 Juli 2015

Dag 2 en 3

20 Juli 2015

De eerste dozen zijn weg

16 Juli 2015

Donderdag 16 juli

16 Augustus 2014

In soad dien de lêste wike

07 Augustus 2014

Systeempje?

05 Augustus 2014

In drok wykein

02 Augustus 2014

Noch in pear ritsjes.

29 Juli 2014

Al by fiif tehuzen west

28 Juli 2014

Nije ûntwikkelingen yn de tehuzen

13 Augustus 2013

In laits en in trien

05 Augustus 2013

Spraakverwarring

05 Augustus 2013

Myn jierdei en grutte grizels

30 Juli 2013

Al weer een week voorbij

29 Juli 2013

Veranderingen

22 Juli 2013

Begraffenis

21 Juli 2013

Falunap 2013

19 Juli 2013

Gödöllö en lêste dei

17 Juli 2013

Ferslach tiisdei en woansdei

16 Juli 2013

Tsjinsthûs moandei

13 Juli 2013

De earste wike

30 Augustus 2011

Toerist yn eigen lân

21 Augustus 2011

Geld en vrouwen

18 Augustus 2011

Balaton

16 Augustus 2011

In ekstra update

15 Augustus 2011

Al weer een week om.

07 Augustus 2011

Wike 2 alwer

01 Augustus 2011

Hármincnyolc

29 Juli 2011

Mixed emotions

25 Februari 2011

Een volle week

22 Februari 2011

Thús

23 Augustus 2010

Wolkom thús

18 Augustus 2010

It ôfskied

17 Augustus 2010

De lêste dagen

05 Augustus 2010

Aardige petearen

27 Juli 2010

Welkom in Hongarije

17 Juli 2010

Feije syn ideeën

11 Juli 2010

Njoggen jier

05 Juli 2010

Liefde is ......

29 Juni 2010

Dicht bij de natuur

29 Juni 2010

En toen waren er nog maar twee

21 Juni 2010

Oer in kater en hinnepiken

18 Juni 2010

'even' wandelen

17 Juni 2010

Daar zijn we weer!

15 Juni 2010

deadsangsten

15 Juni 2010

na regen....

05 Juni 2010

Dozen, regen, een regen aan dozen

30 Mei 2010

Falunap

24 Mei 2010

Hobbel in de weg, hobbel in de weg, GAT in de weg

21 Mei 2010

Eigenaardig

18 Mei 2010

Blub, blub, blub

10 Mei 2010

FRUSTRATIES!

07 Mei 2010

De avonturen fan heit en Pytsje

04 Mei 2010

Jild útjûn en nije besite

20 April 2010

Nati

18 April 2010

Het is weer stil in huis

07 April 2010

de peaskedagen

31 Maart 2010

De natuur ontwaakt

28 Maart 2010

Feije syn fuotbaldebút

20 Maart 2010

Foarjier!!

16 Maart 2010

Hulp is welkom.

11 Maart 2010

Lytse dingen

07 Maart 2010

In optreden

04 Maart 2010

'Onze kinderen'

23 Februari 2010

Skoaltsjesiik

22 Februari 2010

Weer wat nieuws!

18 Februari 2010

In aparte wike

14 Februari 2010

Négy éves

11 Februari 2010

Het tehuis

09 Februari 2010

Geduld is een schone zaak.

08 Februari 2010

De grutte dei!

06 Februari 2010

En we soenen gjin stress hjir!

04 Februari 2010

Dom, dommer, domst!

03 Februari 2010

In wite wûnderwrâld

01 Februari 2010

Ingesneeuwd

31 Januari 2010

noch ien kear

28 Januari 2010

Kisléta

27 Januari 2010

Gödöllö 2

25 Januari 2010

Sok boldog születésnapot

24 Januari 2010

Gödöllö

22 Januari 2010

Post

20 Januari 2010

Echte Nederlanders

16 Januari 2010

Research

15 Januari 2010

Nieuwe hoop

12 Januari 2010

Wachtsje

11 Januari 2010

het weekend

08 Januari 2010

Status vrijwilligerswerk

07 Januari 2010

Werom yn de tiid

05 Januari 2010

Ynternet

03 Januari 2010

Eger

31 December 2009

Te plak

26 December 2009

Een dooie mus

29 November 2009

Eind goed, al goed

23 November 2009

Stilte

15 November 2009

Advys

12 November 2009

Ek dat noch

04 November 2009

Nijs fan Nelly

28 Oktober 2009

Als een donderslag...

24 Oktober 2009

Voorbereidingen

21 Oktober 2009

Goed nijs

12 Oktober 2009

Wer thús

09 Oktober 2009

Alles geregeld?

08 Oktober 2009

Donderdag 08 oktober

07 Oktober 2009

Woensdag 7 oktober

30 September 2009

It begjin
Familie

In december reizen wij met het hele gezin naar Hongarije. De bedoeling is dat wij hier 8 maanden vrijwilligerswerk in een kindertehuis gaan doen.

Actief sinds 29 Sept. 2009
Verslag gelezen: 333
Totaal aantal bezoekers 223018

Voorgaande reizen:

28 December 2009 - 22 Augustus 2010

Mijn eerste reis

Landen bezocht: