noch ien kear

Door: webmaster

Blijf op de hoogte en volg Familie

31 Januari 2010 | Hongarije, Szentistván

Juster doe't we wekker waarden, lei der al in hiel pak snie. Jelle woe graach noch ien kear nei Eger. It wie in fijne rit sa oer de heuvels. We hawwe ferskeidene auto's sjoen dy't der hast net by opkomme koenen en hieltyd foartslipten. Lokkich wie it de weromreis aardich skjinner op de dyk. Wol prachtich, dy grutte flaktes mei snie. It snijde sa bot dat it krekt liek of wie it mistich.
Yn Eger fansels noch in gebakje iten. Foarearst de lêste kear. We groeie ticht. Aansen past Tjitske hielendal net mear yn har broeken!!!
De middeis hawwe de bern (lês: Tjitske, Ymkje, Feije en Jelle!) twa sniepoppen makke. Dat hawwe we hjir noch net sjoen, bern dy't yn sniepop meitsje. Wy hawwe it idee dat it foar de measte minsken hjir oerlibjen is en dat der gjin tiid is om fan snie en iis te genietsjen. De gaspriis is hast gelyk oan dy fan ús, foar de gemiddelde Hongaar is dat net te beteljen. Dêrom stoke se hjir in protte yn houtkachels, dat kinst hiel goed rûke. We hawwe ek al ferskeidene kearen sjoen dat der minsken oan de kant fan de dyk oan it hout sprokkeljen binne. As je dat sjogge, beseffe je wol dat je it hiel goed hawwe.
Jelle en Ymkje binne no oan it sniefeien want it hat fannacht wer snijd. We hoopje dat we moarn wat fatsoenlik fuortkomme kinne mei de karre. It measte spul sit al wer yn de doazen en de lêste wask sit yn de masine. No mei Jelle de karre wer ynlade, elts syn taak!
De froulju sille fannemiddei harren wurkstik ôfmeitsje, dan kinne we dat ek opstjoere nei skoalle.
We melde ús wer yn Kisléta.

  • 31 Januari 2010 - 10:58

    Hennie:

    He skatten dêr yn it kâlde Hongarije, jimme sille fêst mei in bytsje pine ôfskie nimme fan dit plakje mar ek mei in protte nocht foarút sjen nei Kisleta.
    Fijn dat it safier kommen is. Wat de snie oangiet, we krije ek gauris in pak en ik moat jimme sizze dat ik hast myn nocht ha fan it paad feien.
    In goeie reis moarn en hâld de moed deryn

  • 31 Januari 2010 - 11:05

    Pytsje:

    Ik hie juster op it nijs sjoen dat er yn Hongarije sa'n pak snie leit. It fleanfjild wie hielendal slùten omdat it net te dwaan wie foar de fleantùgen.
    Hjir yn Fryslân is it ek wer in wyte wrâld. Juster hat it fanôf in oere as 5 oant let snijt.
    Erwin hie in personeelsfeestje en ik soe meidwaan oan it solistefestival yn Boksum. Ylse hat meiwest en it wie leuk. Pake Jan wie der ek om even te lùsterjen.
    Mar it riden wie wol minder. Hurder as fyftich koene we net. En dan binne der noch auto's dy't jo foarby flitse. Net normaal.
    Hjoed sille we even feestfiere. André (Erwin syn broer) is 30 jier wurden en hâldt hjoed syn jierdei. In springkessen derby foar de bern, dat Ylse hat der al wakker nocht oan.
    Rustich oan en suk6 mei ferhûzjen dêr.

    XXX Pytsje

  • 31 Januari 2010 - 17:42

    Tryn:

    schitterende sniepop en ja dat is foar de hongaren gjin gebruk. Die vinden de sneeuw alleen maar lastig en de kou duur omdat je dan meer moet stoken. Het voordeel van rond kijken in het buitenland is inderdaad ook dat je je realiseert hoe goed wij het hier hebben. Maar ook wij in Nederland hebben al 6 weken lang sneeuw, gister viel hier ook weer het nodige, niet zoveel als bij jullie maar meer dan er in jaren heeft gelegen. En het gaat maar niet weg. Denk je dat het gaat smelten maar nee hoor dan begint het opeens weer te vriezen en komt er weer een verse laag. Van mij mag het nu wel gebeurt zijn. Maar gelukkig heb ik hier niks over te zeggen. Groetjes uit Boksum aan Kisleta, Grutte

  • 31 Januari 2010 - 22:21

    Dora:

    Hoi famylje,
    Sa te lêzen hawwe jim jim der aardich troch hinne slein de earste wiken. Hooplik sil it nije plak jim ek goed foldwaan. Yn alle gefallen in goede reis tawinske moarn.

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Verslag uit: Hongarije, Szentistván

Mijn eerste reis

Recente Reisverslagen:

24 Augustus 2017

Útstapkes

21 Augustus 2017

Alle doazen binne fuort.

15 Augustus 2017

Rûnbringen 2017

31 Augustus 2016

In 'ongenode gast'

21 Augustus 2016

Even byprate

14 Augustus 2016

It rûnbringen

04 Augustus 2016

Even in kuolkast keapje

12 Augustus 2015

Tokaj en ôfskied nimme

08 Augustus 2015

Klein en groot geluk

02 Augustus 2015

Jierdei fiere en de Tesco tour

02 Augustus 2015

Te veel

26 Juli 2015

Alles rûnbrocht

22 Juli 2015

Dag 2 en 3

20 Juli 2015

De eerste dozen zijn weg

16 Juli 2015

Donderdag 16 juli

16 Augustus 2014

In soad dien de lêste wike

07 Augustus 2014

Systeempje?

05 Augustus 2014

In drok wykein

02 Augustus 2014

Noch in pear ritsjes.

29 Juli 2014

Al by fiif tehuzen west

28 Juli 2014

Nije ûntwikkelingen yn de tehuzen

13 Augustus 2013

In laits en in trien

05 Augustus 2013

Spraakverwarring

05 Augustus 2013

Myn jierdei en grutte grizels

30 Juli 2013

Al weer een week voorbij

29 Juli 2013

Veranderingen

22 Juli 2013

Begraffenis

21 Juli 2013

Falunap 2013

19 Juli 2013

Gödöllö en lêste dei

17 Juli 2013

Ferslach tiisdei en woansdei

16 Juli 2013

Tsjinsthûs moandei

13 Juli 2013

De earste wike

30 Augustus 2011

Toerist yn eigen lân

21 Augustus 2011

Geld en vrouwen

18 Augustus 2011

Balaton

16 Augustus 2011

In ekstra update

15 Augustus 2011

Al weer een week om.

07 Augustus 2011

Wike 2 alwer

01 Augustus 2011

Hármincnyolc

29 Juli 2011

Mixed emotions

25 Februari 2011

Een volle week

22 Februari 2011

Thús

23 Augustus 2010

Wolkom thús

18 Augustus 2010

It ôfskied

17 Augustus 2010

De lêste dagen

05 Augustus 2010

Aardige petearen

27 Juli 2010

Welkom in Hongarije

17 Juli 2010

Feije syn ideeën

11 Juli 2010

Njoggen jier

05 Juli 2010

Liefde is ......

29 Juni 2010

Dicht bij de natuur

29 Juni 2010

En toen waren er nog maar twee

21 Juni 2010

Oer in kater en hinnepiken

18 Juni 2010

'even' wandelen

17 Juni 2010

Daar zijn we weer!

15 Juni 2010

deadsangsten

15 Juni 2010

na regen....

05 Juni 2010

Dozen, regen, een regen aan dozen

30 Mei 2010

Falunap

24 Mei 2010

Hobbel in de weg, hobbel in de weg, GAT in de weg

21 Mei 2010

Eigenaardig

18 Mei 2010

Blub, blub, blub

10 Mei 2010

FRUSTRATIES!

07 Mei 2010

De avonturen fan heit en Pytsje

04 Mei 2010

Jild útjûn en nije besite

20 April 2010

Nati

18 April 2010

Het is weer stil in huis

07 April 2010

de peaskedagen

31 Maart 2010

De natuur ontwaakt

28 Maart 2010

Feije syn fuotbaldebút

20 Maart 2010

Foarjier!!

16 Maart 2010

Hulp is welkom.

11 Maart 2010

Lytse dingen

07 Maart 2010

In optreden

04 Maart 2010

'Onze kinderen'

23 Februari 2010

Skoaltsjesiik

22 Februari 2010

Weer wat nieuws!

18 Februari 2010

In aparte wike

14 Februari 2010

Négy éves

11 Februari 2010

Het tehuis

09 Februari 2010

Geduld is een schone zaak.

08 Februari 2010

De grutte dei!

06 Februari 2010

En we soenen gjin stress hjir!

04 Februari 2010

Dom, dommer, domst!

03 Februari 2010

In wite wûnderwrâld

01 Februari 2010

Ingesneeuwd

31 Januari 2010

noch ien kear

28 Januari 2010

Kisléta

27 Januari 2010

Gödöllö 2

25 Januari 2010

Sok boldog születésnapot

24 Januari 2010

Gödöllö

22 Januari 2010

Post

20 Januari 2010

Echte Nederlanders

16 Januari 2010

Research

15 Januari 2010

Nieuwe hoop

12 Januari 2010

Wachtsje

11 Januari 2010

het weekend

08 Januari 2010

Status vrijwilligerswerk

07 Januari 2010

Werom yn de tiid

05 Januari 2010

Ynternet

03 Januari 2010

Eger

31 December 2009

Te plak

26 December 2009

Een dooie mus

29 November 2009

Eind goed, al goed

23 November 2009

Stilte

15 November 2009

Advys

12 November 2009

Ek dat noch

04 November 2009

Nijs fan Nelly

28 Oktober 2009

Als een donderslag...

24 Oktober 2009

Voorbereidingen

21 Oktober 2009

Goed nijs

12 Oktober 2009

Wer thús

09 Oktober 2009

Alles geregeld?

08 Oktober 2009

Donderdag 08 oktober

07 Oktober 2009

Woensdag 7 oktober

30 September 2009

It begjin
Familie

In december reizen wij met het hele gezin naar Hongarije. De bedoeling is dat wij hier 8 maanden vrijwilligerswerk in een kindertehuis gaan doen.

Actief sinds 29 Sept. 2009
Verslag gelezen: 221
Totaal aantal bezoekers 222912

Voorgaande reizen:

28 December 2009 - 22 Augustus 2010

Mijn eerste reis

Landen bezocht: