Post - Reisverslag uit Szentistván, Hongarije van Familie Meer - WaarBenJij.nu Post - Reisverslag uit Szentistván, Hongarije van Familie Meer - WaarBenJij.nu

Post

Door: webmaster

Blijf op de hoogte en volg Familie

22 Januari 2010 | Hongarije, Szentistván

We hawwe der lang nei útsjoen mar juster wie der einlings post foar ús. No ja, foar Jelle. Hy hat moandei syn jierdei. It wie net iens in gewoane kaart mar in echt pakje. Sa bliid as in bern!
Hjoed folge der fuort mear. Pake Jan hie de tekening fan Ylse opstjoerd want dy hienen we fergetten. Feije hat wol 10 minuten dûnse en nei de foto sjoen dy't der by siet.
En der wie in kaart fan beppe Pietje. Wat leuk beppe! It is hjir soms ek wol tryst winterwaar, hear. Mar as it ferzen hat, liket it prachtich!
Doch mar wol foarsichtich as it glêd is, gjin brike ûngemakken!

Juster wienen we noch in kear yn Eger omdat Ym in mûtse en in ekstra trui hawwe moast. Dêr troffen we immen út Fryslân. We hearden ynienen achter ús roppen: hear ik dêr Frysk?
Wol grappich om immen út de buert yn Eger tsjin te kommen. It wie in studinte dy't hjir staazje rint. Se sit op de lerareoplieding Ingelsk en is hjir no oan it lesjaan. Aansen sil se ek noch nei Finlân. Ik moat sizze, se siket wol de dreechste talen út!

Dat wie it wer foar hjoed. Bliuw foaral post stjoeren, fine we hiel leuk! Mar omdat we hast ferhúzje en it dochs wol sa'n fjouwer a fiif dagen ûnderweis is, net mear nei Szentistván stjoere.
Us nij adres (per 1 febr.)

4325 Kisléta
Pócsi út 52
Hongarije

  • 22 Januari 2010 - 17:27

    Hennie:

    He famylje, we sille it nije adres opskriuwe en dan pas in kaartsje stjoere, ik doch it mar efkes op dizze manier: lokwinske Jelle. Hiel bysûnder dyn jierdei dêr te fieren. Genietsje en fansels al gebak ite
    he froulju, hoe giet it mei it learen, slagget it wol.
    Ik tink dat jimme ek fêst wol hongaars prate kinne of net?
    oare kear mear

  • 22 Januari 2010 - 19:23

    Nynke De Jong:

    Hoi allegear,

    Allerearst: Jelle, wy wolle dy gratulal mei dyn jierdei moandei.Hoe fine jimme dat no, samar sa'n hongaarsk wurdsje tusken troch.
    Ik stean ferstelt fan my sels. (It is wol in drege taal,hear).Ik bin benijd hoe't jimme der mei om geane. Fan Tjitske wit ik dat se al drok oan it oefenjen wie, fier foar dat jimme fuort gongen.
    No, de groetnis mar wer en in gesellige dei moandei!
    Gr. Jakob, Marten, Gerben en Nynke

  • 22 Januari 2010 - 19:39

    Tryn:

    Hoi jongens en fammen, ja leuk he die kadootjes via de post. Ik vond mijn kadootje uit Hongarije ook heel leuk, het werd met veel gebel aangeboden ik dacht even dat Douwe voor de deur stond maar het was de meneer van TNT post. We zullen het in gedachten houden en heel heel misschien ook nog wel eens iets naar Kisleta sturen. Het is hier de laatste dagen weer berekoud. Ik ben vandaag weer op de fiets geweest maar mijn handen vroren bijna aan het stuur vast. De groeten oan allegear Grutte

  • 24 Januari 2010 - 10:52

    Conny En Wytze:

    Dag allemaal jullie zijn een heel end uit de buurt. Hoop dat jullie het naar de zin hebben.
    Wil langs deze weg Jelle even feliciteren en wens jullie veel plezier.

  • 24 Januari 2010 - 14:20

    Gera Ketelaar:

    Beste familie, heb jullie verslagen gelezen, dus mijn fries weer opgehaald. Jammer dat alles zo moeizaam verloopt, heb bewondering voor jullie.
    Wens jullie een fijne verjaardag morgen, Jelle gefeliciteerd. Tot een volgende keer.

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Verslag uit: Hongarije, Szentistván

Mijn eerste reis

Recente Reisverslagen:

24 Augustus 2017

Útstapkes

21 Augustus 2017

Alle doazen binne fuort.

15 Augustus 2017

Rûnbringen 2017

31 Augustus 2016

In 'ongenode gast'

21 Augustus 2016

Even byprate
Familie

In december reizen wij met het hele gezin naar Hongarije. De bedoeling is dat wij hier 8 maanden vrijwilligerswerk in een kindertehuis gaan doen.

Actief sinds 29 Sept. 2009
Verslag gelezen: 220
Totaal aantal bezoekers 212018

Voorgaande reizen:

28 December 2009 - 22 Augustus 2010

Mijn eerste reis

Landen bezocht: