Tokaj en ôfskied nimme - Reisverslag uit Kisléta, Hongarije van Familie Meer - WaarBenJij.nu Tokaj en ôfskied nimme - Reisverslag uit Kisléta, Hongarije van Familie Meer - WaarBenJij.nu

Tokaj en ôfskied nimme

Door: Renske

Blijf op de hoogte en volg Familie

12 Augustus 2015 | Hongarije, Kisléta

Hjir dan alwer it lêste stikje fan dizze fakânsje. It lêste wykein hawwe wy trochbrocht yn Tokaj. Wy mochten yn de fakânsjewenning fan ús Dútske freon sliepe. Freedtejûn in bbq hân by syn Hongaarske freonen. Hartstikke gesellich! Wy wienen rinnende hinne gongen, dat foel al wat ôf mei 37 graden. Dêrom hie er foar de weromreis in treintsje besteld. Koenen wy lekker even trochwaaie en ek noch wat fan Tokaj besjen.
Wy hienen graach even kanofarre wollen op de Bodrog, mar dêr hawwe wy mar fan ôfsjoen mei dizze temperatueren. Yn de sinne stie it kwik op 44 graden, in bytsje te. Dus lekker hielendal neat dien. Wat lêze, spultsje dwaan en ús betsjinje litten troch Feije dy't graach de barman wêze woe 
Sneontejûn Bernd meinommen út te iten. It wie leuk om wer even by te praten.
Moandeitemoarn wer nei Kisléta riden. En no binne we drok dwaande mei it regeljen fan de lêste dingen. Noch wat spul ôflevere by it Blijf van mijn lijf huis yn Nyíregyháza, besykje om te beteljen foar it middeisiten (dat hat altyd nochal wat fuotten yn de ierde). Sa moat der earst betocht wurde oft wy betelje moatte as wurknimmer of as gast, dan moat der belle wurde mei de keuken foar de papieren mei ús hantekeningen, dan moat der in útgebreide rekken komme yn twafâld mei stimpels ensfh. Wat we hjir ek dogge, we moatte der genôch tiid foar útlûke.
Juster mei freonen út Kisléta nei de pizzeria west. Ik wit net oft wy de Hongaren wol oait snappe sille. Doe't we harren ophellen, hie se mais klearmakke. Eins hienen we dat earst ite moatten, mar dat liek ús net ferstannich flak foar it iten. Doe't we dêr sieten, sei Erika dat we moarn by har komme moasten. Dan soe sy pizza foar ús meitsje. Dat hawwe we nei wat gesteggel ferskowe kinnen nei takom jier. Uteinlik hat sy doe de ijsjes betelle. It kin net sa wêze dat se neat weromjouwe.
En dizze lêste dei alles ynpakke en skjinmeitsje. Lokkich drûget de wask wol moai as it sa waarm is. Kin hast alles wer skjin mei werom.
Fan 'e middei ôfskied nimme fan de bern hjir. It leafst soe ik se allegearre meinimme nei Nederlân sadat we sa no en dan even op besite kinne. Wy sjogge no al wer út nei takom jier!

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Verslag uit: Hongarije, Kisléta

Mijn eerste reis

Recente Reisverslagen:

24 Augustus 2017

Útstapkes

21 Augustus 2017

Alle doazen binne fuort.

15 Augustus 2017

Rûnbringen 2017

31 Augustus 2016

In 'ongenode gast'

21 Augustus 2016

Even byprate
Familie

In december reizen wij met het hele gezin naar Hongarije. De bedoeling is dat wij hier 8 maanden vrijwilligerswerk in een kindertehuis gaan doen.

Actief sinds 29 Sept. 2009
Verslag gelezen: 1043
Totaal aantal bezoekers 211478

Voorgaande reizen:

28 December 2009 - 22 Augustus 2010

Mijn eerste reis

Landen bezocht: