Even in kuolkast keapje - Reisverslag uit Kisléta, Hongarije van Familie Meer - WaarBenJij.nu Even in kuolkast keapje - Reisverslag uit Kisléta, Hongarije van Familie Meer - WaarBenJij.nu

Even in kuolkast keapje

Door: Renske

Blijf op de hoogte en volg Familie

04 Augustus 2016 | Hongarije, Kisléta

Juster mobyl ynternet regele, dat no kin ik jim wer op de hichte hâlde.
De hinnereis is flot gien. We wienen de twadde dei sa betiid dat we in middei yn Wenen trochbringe koenen. Dat kaam moai út, koenen we in gebakje ite foar myn jierdei.
Doe’t we moandeitemiddei yn Kisléta oankamen, wienen se krekt de frachtauto oan it útladen.
Sa’n 450 doazen ditkear. It wie wol spitich dat der in pear doazen wiet wurden wiene. Dy klean moasten hjir útwosken wurde. In gelok dat we hjir in behoarlike wasserette hawwe.
Tiisdei ha we earst om in nije kuolkast út west. De âlde hat it 25 jier folholden mar koe Jelle syn bier no net mear kâld krije. Dus op nei de Hongaarske mediamarkt. Altyd wer in ferrassing hoe’t dat gean sil. In moaie lytsen útsocht. Nee, dy wie net op foarried en it showmodel mochten we net mei hawwe. En by bestellen wie it mar wer de fraach wannear’t it oankomme soe. Miskien moarn, miskien nije wike en oars noch letter? Ok, dan in oare útsykje. Steane we by de kassa, komt de bêste man wer oan. Probleem, probleem. De twa dy’t der noch binne steane beide yn de winkel. We meie wol ien mei hawwe, mar dy moat dan ynpakt en wy moatte earst sjen oft alles goed is. Ofrekkenje by de kassa, nei it magazyn en dan begjint it wachtsjen. Der stippe wol sa’n seis man om dy’t op har gemak oan it wurk binne. Dit alles wurdt yn de gaten holden troch trije feilichheidsminsken dy’t sa no en dan foarbyrinne of wat boartsje mei de heftruck. Nei in kertier komt der ien yn it sin dat dy kuolkast fan ús noch ynpakt wurde moat. En ja hear, wer even letter komt er werom mei ús kuolkast yn plastic.
Juster dus it ynternet regele, hat ek wol in healoere duorre. Mar it docht it!
De karre is regele, we kinne dus nije wike los mei it rûnbringen.
Fierder binne we no noch wat oan it útrêsten fan de reis. Wy hawwe besletten om dizze simmer net yn it tehûs te iten. Dat jout ús in bytsje mear frijheid. Krekt wol even de nije keuken en ytseal besjoen. Dy binne beide fernijd. It sjocht der kreas út. Se hawwe de ôfrûne moannen drok dwaande west. Bûten is dat ek sichtber, yn de tún steane allegearre plantsjes en houtsnijwurk. De direktrise fertelde dat se dwaande binne mei in fúzje mei oare tehuzen. Dat hâldt wol yn dat der bern ferhúzje sille. De âlderen geane earne oars hinne en hjir komme dan wat jongere bern. In hiele organisaasje.
Nije wike litte we wol even hearre hoe’t it giet mei it rûnbringen. No aansen mei Feije nei Nyíregyháza. Dêr is in hiele grutte legowinkel en it jild brânt him yn de bûse 

  • 04 Augustus 2016 - 21:00

    Famylje Van Der Meer, De Wurdummers:

    No goeiejÛn! Wat wer hearlik om wat fan jimme te lezen. Nim foaral frije tiid en genietsje! we winske jimme moaie dagen ! Ek lokwinske mei pake fansels, se hawwe hjirre te iten west en nog kadootsjes en gebak dien. Je wurde ek mar 1 keer 75 no?! we sille jimme ferslagjes wer utprinte foar hun. groetnis!

  • 07 Augustus 2016 - 11:35

    Herman Lubberts:

    Hoi Jelle, Renske en bern, moai dat jim wer teplak binne yn Hongarije. Sukses mei it rûnbringen fan alle doazen. Hopelik hâlde jim en noch wat tiid oer om fekânsje te hâlden. It is geweldich wurk wat jim dogge, mar tink ek om jimsels. Prebearje it nuttige mei it oangename te ferienigjen. It allerbeste en hertlike groetnis fan Herman en Lysbeth út Fryslân.

  • 13 Augustus 2016 - 15:46

    Grutte :

    Hoi alles goed dêr ? Hjirre wol, ôfrûne wike in protte wetter hân. Mar hjoed wat sinne. Undertusken sille dêr al wol hiel wat doazen te plak weze tink ik. En hat Tjitske wat in goeie reis hân?
    Hâldt ek lekker fekansje en geniet fan de sinne.

    groetjes ut Boksum fan Tryn

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Verslag uit: Hongarije, Kisléta

Mijn eerste reis

Recente Reisverslagen:

24 Augustus 2017

Útstapkes

21 Augustus 2017

Alle doazen binne fuort.

15 Augustus 2017

Rûnbringen 2017

31 Augustus 2016

In 'ongenode gast'

21 Augustus 2016

Even byprate
Familie

In december reizen wij met het hele gezin naar Hongarije. De bedoeling is dat wij hier 8 maanden vrijwilligerswerk in een kindertehuis gaan doen.

Actief sinds 29 Sept. 2009
Verslag gelezen: 326
Totaal aantal bezoekers 211503

Voorgaande reizen:

28 December 2009 - 22 Augustus 2010

Mijn eerste reis

Landen bezocht: