Alle doazen binne fuort. - Reisverslag uit Kisléta, Hongarije van Familie Meer - WaarBenJij.nu Alle doazen binne fuort. - Reisverslag uit Kisléta, Hongarije van Familie Meer - WaarBenJij.nu

Alle doazen binne fuort.

Blijf op de hoogte en volg Familie

21 Augustus 2017 | Hongarije, Kisléta

Neidat wy woansdeitemoarn klean ôflevere hawwe yn Nyírbátor by it bernetehûs ride wy nei de Tesco om broadsjes te heljen foar de picknick. Wy moatte nammentlik nei Gönc en dat is in hiel ein riden. Tusken Tokaj en Gönc fine wy in moai plakje om even bûten te iten. Wol yn it skaad, want it is behoarlik waarm. Yn Gönc wurde wy wolkom hjitten troch Timi, sy is ûnderwizeres yn it tehûs. Sy binne bliid mei de klean en size ta, krekt as foarich jier, om wer foto's ta te stjoeren fan de klean dy't de froulju fan de breiklup makke hawwe. Sy freegje ús oft wy takom jier túnark meinimme kinne. Ris sjen oft dat slagget.
Tongersdeitemoarn lade wy earst de karre yn foar it blijf van mijn lijf huis yn Nyíregyháza. Neist 65 doazen mei klean en boartersguod bringe wy hjir ek in fytske en in bernewein. Omdat der faak nije bewenners komme, is it guod hjir mear dan wolkom. Tusken de middei ite wy thús en dan lade wy yn foar Berettyoújfalu. Krekt as by in soad oare tehuzen binne se hjir ek drok dwaande mei in fúzje. Dêrtroch hat de direkteur in oare funksje krigen. Hy is no groepslieder en dat betsjut fansels in flinke stap werom. Nei it útladen strune wy noch even wat om yn de supermerk en dêrnei ride wy nei it fleanfjild fan Debrecen. De famkes komme dêr om seis oere oan. De bern hawwe elkoar ferskriklik mist en binne dan ek bliid om elkoar wer te sjen. Mar jim sille begripe dat it net lang duorre foardat der wer rúzjes wienen ;)
Wy ite ûnderweis yn Bocskaikert en binne let thús. Gau op bêd want freed moat der ek noch in hiel soad fuortbrocht wurde.
It Reade Krús stiet foar dizze dei op it programma. Wy helje earst Julia op, dy't ek in pear doazen mei klean krijt. De karre stiet fol mei doazen, 86 ditkear, en in hiel soad oar spul sa as: berneweinen, ledikantsjes, naaimasines, bêdeguod ensfh. It past net allegearre yn de garaazje, dus wurdt in part oerladen yn harren buske. It Reade Krús soarget derfoar dat it spul by in famyljehûs komt en helpt ek de earme húshâldingen en dakleazen. Julia freget oft wy de rollator en waskmasine by kunde fan har bringe kinne. Neidat wy iten krigen hawwe en al it nijs útwiksele hawwe, ride wy nei in doarp krekt bûten Nyíregyháza. De rollator is bestimd foar in âlde man dy't no mei in rinrek rint. Hy is och sa wiis mei de rollator omdat dat folle makliker giet. De frou krijt de waskmasine. Sy krijt de triennen yn de eagen en dat makket dat wy ús wer ekstra beseffe wêrom't wy dit dogge. Dizze frou soarget allinnich foar de buorkerij (se ferbouwe ierappels, meloenen, paprika's ensfh.), stiet op de merk om it spul te ferkeapjen, docht de húshâlding en soarget foar har man dy't in harsenbloeding hân hat. Gjin jild dus om lúkse guod te keapjen, se is dan ek hiel bliid mei de waskmasine. Wy krije seis grutte meloenen mei dy't wy perfoarst net wegerje meie fan Julia omdat dit har manier is om ús te betankjen. Foldien mar ek in bytsje oandien bringe wy Julia thús en bringe de karre werom. Alle doazen binne fuort!

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Verslag uit: Hongarije, Kisléta

Mijn eerste reis

Recente Reisverslagen:

24 Augustus 2017

Útstapkes

21 Augustus 2017

Alle doazen binne fuort.

15 Augustus 2017

Rûnbringen 2017

31 Augustus 2016

In 'ongenode gast'

21 Augustus 2016

Even byprate
Familie

In december reizen wij met het hele gezin naar Hongarije. De bedoeling is dat wij hier 8 maanden vrijwilligerswerk in een kindertehuis gaan doen.

Actief sinds 29 Sept. 2009
Verslag gelezen: 273
Totaal aantal bezoekers 211499

Voorgaande reizen:

28 December 2009 - 22 Augustus 2010

Mijn eerste reis

Landen bezocht: