In soad dien de lêste wike - Reisverslag uit Kisléta, Hongarije van Familie Meer - WaarBenJij.nu In soad dien de lêste wike - Reisverslag uit Kisléta, Hongarije van Familie Meer - WaarBenJij.nu

In soad dien de lêste wike

Door: Renske

Blijf op de hoogte en volg Familie

16 Augustus 2014 | Hongarije, Kisléta

Krekt doe’t we tochten dat we de lêste dagen lekker útsliepe koenen, betochten de manlju dat se dochs mar wer oan it wurk moasten. It skynt dat de reinwetterôffier/greppels ôf moatte foar de falunap (doarpsfeest). Se hawwe no betocht hoe’t it moat en it begjint der aardich op te lykjen. Yn it park binne se al in pear dagen oan it meanen, ek fanwegen de falunap (de bobo’s komme del), dat fan útsliepe kaam net safolle. Miskien mar better ek want der wie genôch te dwaan. Sneontemoarn om acht oere wienen we al op de merk yn Nyíregyháza. Kinst it sa gek net betinke of it is dêr te keap. In hiel soad ûnderdielen foar fan alles en noch wat, klean, skuon, kosmetika, gerdinen, kleden. Fruit en griente wurdt op it parkearplak fanút in karre of kofferbak ferkocht. Wy tochten dat we betiid wienen, mar it wie al smoardrok. Bussen fol út Slowakije û.o.
Om tsien oere waarden we by Julia ferwachte. We hienen wat doazen mei klean foar har. Fansels stie der al fan alles klear: mais, abrikoazen en meloen. We ite hjir op de gekste tiden. Middeis wienen we útnoege by dr. Éva en dêr krigen we om healwei fjouweren al it jûnsiten. Ast jûns by minsken del giest, kinst ek noch in lyts miel ferwachtsje. Jelle soe wakker ôffalle hjir, mar ik bin bang dat dat net echt slagget.
Snein by Gyuri en Maria delwest yn Nyírbátor. Nei it iten in stedskuier makke tusken de twa tsjerken. Dat is hielendal nij mei allegearre keunstwurken oer de skiednis fan Nyírbátor en de draak. Oan de ein fan de rûte hawwe we noch in besite brocht oan it Panoptikum. Dêr binne ek taferielen út de skiednis te sjen. Ien dêrfan fertelt it ferhaal fan de Hongaarske gravinne, Elizabeth Báthory, dy’t jonge minsken fermoardzje liet om baaie te kinnen yn harren bloed om sa jong te bliuwen.
Jûns meitsje we faak in kuier troch it doarp. Meastentiids slagget it net om it rûntsje ôf te meitsjen. As we kunde tsjinkomme, wurde we útnoege. Sa hawwe we al te pingpongen west yn de skoalle, hawwe we meloen iten by immen en in keramykwurkpleats besjoen.
Fierder hawwe we fansels noch wat kuiere mei de bern fan it tehûs en de saaklike kanten regele. Dat lêste nimt in protte tiid. We hawwe trije kear by de winkel west foardat it slagge om de rekken te beteljen (we hienen iten besteld foar it tehûs omdat we gjin hier hoege te beteljen). Sa soenen we ek it middeisiten betelje, we hawwe faak tusken de middei yn it tehûs iten. Hienen se einlings in systeem: alle dagen moast ik in hantekening sette, binne se it papier fan july kwyt. No witte wy sels wol hoe faak wy west hawwe te iten, mar it moat wol offisjeel dus koenen we noch net betelje. Geduld oefenje mar wer.
Omdat ús eigen bern fansels ek fakânsje hawwe, binne we noch te swimmen west en hawwe we juster in besite brocht oan de bistetún yn Nyíregyháza. De bern bale freeslik dat we moarn al fuort moatte. Sneon is it hjir falunap en dêr hienen se graach by wêze wollen. De minsken hjir fine it ek tige spitich dat we der dan net mear binne. Se snappe ek net dat ús bern al wer nei skoalle moatte. Hjir is it altyd 1 septimber, in lange fakânsje. Mar de bern hjir moatte yn de fakânsje Hongaarske klassikers lêze, dat hielendal frij hawwe se net.
It slagge yn Kisléta net mear om dit stikje der op te setten, it ynternet wie sa stadich. No al wer thús nei in lange dei riden. Fannacht om fjouwer oere thúskommen omdat der gjin plak mear wie yn de ferskate herbergen. Hast sûnder diesel, einlings in tankstasjon fûn, die de pas it dêr net. Doe hienen we it wol even benaud. Mar it is allegearre wer klear kommen .
Jim binne wer op de hichte fan it lêste nijs. Oant in oare kear mar wer!

  • 17 Augustus 2014 - 11:18

    Grutte:

    Wolkom thus

  • 19 Augustus 2014 - 09:55

    John:

    In nyirbátor is van alles te zien zelfs verdwaalde nederlanders!!

    groeten,

    John

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Verslag uit: Hongarije, Kisléta

Mijn eerste reis

Recente Reisverslagen:

24 Augustus 2017

Útstapkes

21 Augustus 2017

Alle doazen binne fuort.

15 Augustus 2017

Rûnbringen 2017

31 Augustus 2016

In 'ongenode gast'

21 Augustus 2016

Even byprate
Familie

In december reizen wij met het hele gezin naar Hongarije. De bedoeling is dat wij hier 8 maanden vrijwilligerswerk in een kindertehuis gaan doen.

Actief sinds 29 Sept. 2009
Verslag gelezen: 2126
Totaal aantal bezoekers 211494

Voorgaande reizen:

28 December 2009 - 22 Augustus 2010

Mijn eerste reis

Landen bezocht: