Wer thús
Door: webmaster
Blijf op de hoogte en volg Familie
12 Oktober 2009 | Nederland, Amsterdam
Tjitske en pake hawwe it geweldich hân tegearre. Ymkje fielde har hielendal thús by Jacco en Elly en moat dus no wer hiel bot wenne. Feije hie it ek o sa nei syn sin mar hat ek ûnwennich west. Foaral as Pytsje wurkje moast en hy nei har skoanmem gong. Mar hy fertelde wol hiel entûsjast oer beppe en al it boartersguod dêr.
De bern hawwe de foto's besjoen, dy binne no mei nei skoalle. Se hawwe der sin oan mar fine it ek spannend. Foaral Ymkje sjocht der ek wol tsjinoan omdat it allegearre sa oars is. Wy hawwe se in stapelbêd tasein en dat makket wol wer in soad goed!
No kinne we begjinne mei de rest fan de tariedings. Ik haw al even oan 'e slach west mei in brief oan de boargemaster en wethâlders. Wy hawwe juster ek al even op de Hongaarske site fan de IKEA sjoen, dy hawwe se dêr ek. Want der moat wol it ien en oar oanskaft wurde. It wurdt noch in hiel gepuzzel.
-
16 Oktober 2009 - 08:23
De Pasma's Ut Stanne:
Hoi fem. vd Meer,
wat in aventoer gean jim temjitte. Sa te lêzen is der ek al hiel wat regele, mar der bliuwt altyd noch genoch oer wat regele wurde moat. At jimme sels mar enthoesjast binne, dat is it belangrykste. Moai dat jim dizze side oan lein ha, kinne wy jim folgje by alles wat jim der belibje, wy sjoche jim fest noch foar at jim dy kant ut geane -
20 Oktober 2009 - 16:07
Trijntje:
Hoi Rens en Jelle,
leuk, leuk, leuk. Ik hoop dat het jullie gaat lukken. Maar zoals het er op dit moment voorstaat ziet het er positief uit. Succes en oant sjen. Grutte
Reageer op dit reisverslag
Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley