It ôfskied - Reisverslag uit Kisléta, Hongarije van Familie Meer - WaarBenJij.nu It ôfskied - Reisverslag uit Kisléta, Hongarije van Familie Meer - WaarBenJij.nu

It ôfskied

Door: webmaster

Blijf op de hoogte en volg Familie

18 Augustus 2010 | Hongarije, Kisléta

Fannemiddei ôfskied nommen fan de bern mei in feestje. We kinne werom sjen op in prachtige tiid. In soad nije ervaringen opdien en in protte leard.
En wat it aldermoaiste wie: 'We hawwe in protte leafde weromkrigen fan de bern.' It folgjende gedicht beskriuwt hiel moai hoe't wy dat ervaren hawwe.

handikapt

wat dochsto dat
ienfâldich

dyn eagen
binne flak by mines

ik kin dy net ferstean
do my wol

do bist wat oars as ik
sa simpel

in hert
like grut as dyn bewegings

mei ien hân
tilst my út myn beheinde ik

de oare slachst my
om it skouder

ik lis myn holle
tsjin dyn geast

de rûne sinne
tekenje ik foar dy

dol litst 'm
fol ljocht rinne

Fan: Sippi de Boer

De bern hawwe geweldich genoaten fan it feestje. Sjoch mar nei de foto's. Muzyk, drinken, gebakjes en belleblaas. Wat in wille!!
De susters hienen it der wol dreech mei. De bern kinne nammentlik net sa goed maat hâlde. Der hat ek al ien spuid omdat se tefolle iten hie.

Sa binne we dan oan de ein kommen fan ús ferbliuw hjir. Jimme allegearre tige tank foar jim bydrage yn watfoar foarm dan ek. Bedankt foar de brieven, mailtsjes, berjochtsjes op de site, kadootsjes en besites. It wie hiel fijn dat eltsenien sa mei ús meilibbe.

As we thús binne, litte we it noch wol even witte fia dizze site. Oant gau!!!

  • 18 Augustus 2010 - 19:37

    Jan Piet:

    In soad sterkte mei it ôfskie nimmen. Dat sil wol net tafalle. In goeie weromreis tawinske en ik hoopje jimme ynkoarten wer te sjen en te sprekken.

  • 19 Augustus 2010 - 07:33

    Tjipke,Baukje&Femke:

    Ha famylje,

    It wie erg leuk om jimme avontoeren yn tongerslan te folgjen. It ôfskied nimmen is nooit leuk, mar thús komme is altyd leuk:D

    In goeie weromreis en oan't sjen yn Fryslân!

    (prachtig gedicht)

  • 19 Augustus 2010 - 07:59

    De Van Der Meertjes:

    snif, dat is moeilijk afscheid nemen van de kinderen en collega s.
    nu nog heel veel succes met inpakken,een beetje onwerkelijk of niet?...zo snel gaat de tijd.
    een hele goeie reis ,doe voorzichtig en tot gauw xxxxx voor jullie allen

  • 19 Augustus 2010 - 11:46

    Heit:

    "Partir c'est mourir un peu", sa't de Frânsen dan sizze. Mar ik tink dat as jimme aanst yn de auto sitte op weromreis, dat it jim dan net hurd genôch gean kin. Want al is ôfskie nimme altiten ferfelend, it foarútsjoch om wer thús te kommen wint it nei in pear oeren wol fan it mankelike gefoel. En dat jim weromsjen kinne op in prachtige tiid helpt ek. Wy binne fansels ek bliid dat jim aanst wer thús binne, want wy ha jim wol mist, al wolle we dat net altiten wêze. In goede reis tawinske en oant gau!

  • 21 Augustus 2010 - 10:26

    Tryn:

    Hoi allegear, juster al bij de noard Oostenrijkse grins hoorde ik fan jimme heit. Restich oan my de rest van de weromreis, en oant moarn, of oare wike we sjoche wol. Groetjes grutte

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Verslag uit: Hongarije, Kisléta

Mijn eerste reis

Recente Reisverslagen:

24 Augustus 2017

Útstapkes

21 Augustus 2017

Alle doazen binne fuort.

15 Augustus 2017

Rûnbringen 2017

31 Augustus 2016

In 'ongenode gast'

21 Augustus 2016

Even byprate
Familie

In december reizen wij met het hele gezin naar Hongarije. De bedoeling is dat wij hier 8 maanden vrijwilligerswerk in een kindertehuis gaan doen.

Actief sinds 29 Sept. 2009
Verslag gelezen: 402
Totaal aantal bezoekers 212003

Voorgaande reizen:

28 December 2009 - 22 Augustus 2010

Mijn eerste reis

Landen bezocht: