Kisléta - Reisverslag uit Szentistván, Hongarije van Familie Meer - WaarBenJij.nu Kisléta - Reisverslag uit Szentistván, Hongarije van Familie Meer - WaarBenJij.nu

Kisléta

Door: webmaster

Blijf op de hoogte en volg Familie

28 Januari 2010 | Hongarije, Szentistván

Jelle hat fannemoarn nei de direktrise fan it bernetehûs belle en it liket echt allegearre goed te kommen. Se frege hoe let oft we komme soenen moandei, wat we allegearre by ús hawwe. It kin best wêze dat der aansen al in hiele protte meubels yn it hûs steane. Men wit it hjir noait. Se hie ûndertusken ek al oare (tydlike) wenromte regele foar it skoft dat wy oan it himmeljen binne. Neist ús hûs stiet ek in hûs leech mei in keukenblok, en gas en en elektrysk dat wurket.
No kinne we mar ynpakke yn it wykein!
Nei de kofje hat Jelle bôle helle. Hy kaam hielendal optein wer thús. Underweis hie er in petear yn it Hongaarsk hân mei in man. Sa grutsk as wat! Want meastentiids lit er it Hongaarsk oan my oer. Dit sil aansen ek noch wol in probleem wurde as we mei Hongaren oan it wurk moatte. En de bern sille der ek oan leauwe moatte. Ik oefenje wol ris even mei harren mar as it echt moat, doarre se net mear.

  • 28 Januari 2010 - 21:21

    De Vandermeers Ut Wu:

    a goeie, bin ik earst? ha ha. leuk bericht minsken. Sjoch myn broer al foar my, mei bolen under de earm glimmkjend wat hongaars brabbeljen. geweldich! mar mei hoop en spanning ynpakke en goeie ferhuzing. (gie t best sa no dat frysk skrieuwe fan my??)of hat Pake jan al kromme tiennen?

  • 29 Januari 2010 - 07:49

    Hennie:

    Hiep hiep hoera, we doarre hast net lûdop te roppen dat it goed komt mar it begjint der wol op te lykjen.
    Ik hoop foar jimme dat it werkelyk goed ôfrint.
    Jimme hawwe it fertsjinne
    We folgje it op de foet

  • 29 Januari 2010 - 10:07

    Pake Jan:

    Ha dy Eelke! No ik haw noch gjin kromme teannen hear Eelke, it is krekt moai datsto yn it Frysk skriuwst, it is skoan te lêzen en hoe mear ast it dochst namste better it wurdt. Goed advys oan de froulju trouwens, dat fan dat mobyltsje. Mar ik wit net oft broerke der wol sa wiis mei is.
    Oant oare kear.

  • 29 Januari 2010 - 13:33

    Elly:

    Wat fijn dat alles toch goed lijkt te komen.Ben benieuwd naar de verhalen uit Kisleta.Wat staat feye ook mooi op de foto het stoepje te vegen.En wat zal dat paleis van Sissi mooi zijn geweest. Begin jullie inmiddels wel een beetje te missen vooral even het loopje naar de swannedrift en de gezellige aanwezigheid van Ymkje hier.De kinderen hebben vandaag het rappport meegekregen.

  • 29 Januari 2010 - 13:54

    Nynke:

    Ik bin it hielendal mei Elly iens! Moai dat alles toch goed liket te kommen, mar sa ast al seist, wist it noait der! We sille it wol wel leze, hoe dat it giet. Neffens Jacob hie juf sein dat Ymkje in hiel goed rapport hie, mar dat kin ek hast net oars.
    In soad sukses mei ynpakken en de ferhuzing,

    groetjes Nynke

  • 29 Januari 2010 - 18:34

    Tryn:

    Gelukkig gaat er toch eens iets goed. Succes met het inpakken en uitpakken natuurlijk. Het is hier ook nog steeds berekoud. Gister was er eigenlijk niet te fietsen en te lopen want er lag overal en laagje ijs op. Ben al sinds half dec. niet meer op de fiets naar het werk geweest. (behalve vorige week 2 keertjes). Met als die troep op de weg ben ik toch liever op 4 wielen onderweg dan op 2. Voor de rest gaat alles hier prima ook met Beppe. Ze was wat verkouden en had daarvoor een vies drankje van de dokter, maar het gaat nu weer goed. Ben ondertussen druk bezig met de voorbereidingen van mijn feestje, jammer dat je er niet bent Rens, kon je ook mooi even helpen. Nu mis ik wel een paar handen. Groetjes en tot kiekes Grutte

  • 29 Januari 2010 - 19:52

    Brecht:

    Yes, eindelijk weer wat goed nieuws! Super voor jullie en natuurlijk veel succes met alle voorbereidingen mbt de verhuizing.

    Tut en leafs

  • 30 Januari 2010 - 09:33

    Martine:

    Succes met inpakken. Ben benieuwd hoe het daar nu weer komt en in wat voor woning jullie komen. Ik wacht de foto's af....

  • 30 Januari 2010 - 18:28

    Vandermeertjes Ut Wu:

    a goeie, pake Jan set my aon ta fierder te egan yn it frysk. no dan; komt er;.
    hjir falt no in protte snie. wol gesellich en knus hjer. en bij jimme?? mat der skowt wurde of litte jimme dat oen die twa sterke froulje oer. kinne ze wat sinten garje foar in mobieltje!!!! no, goeie ferhuzing en groetnis mar wer!

  • 30 Januari 2010 - 21:38

    Anneke:

    Knap hear, in petear yn it Ongersk! Soks sil my net slagje...
    Ik winskje jimme in protte sukses mei it ferhúzjen yn it dikke pak snie. Der komt mar gjin ein oan! Ik bliuw jimme folgjen!

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Verslag uit: Hongarije, Szentistván

Mijn eerste reis

Recente Reisverslagen:

24 Augustus 2017

Útstapkes

21 Augustus 2017

Alle doazen binne fuort.

15 Augustus 2017

Rûnbringen 2017

31 Augustus 2016

In 'ongenode gast'

21 Augustus 2016

Even byprate
Familie

In december reizen wij met het hele gezin naar Hongarije. De bedoeling is dat wij hier 8 maanden vrijwilligerswerk in een kindertehuis gaan doen.

Actief sinds 29 Sept. 2009
Verslag gelezen: 153
Totaal aantal bezoekers 212028

Voorgaande reizen:

28 December 2009 - 22 Augustus 2010

Mijn eerste reis

Landen bezocht: