Toerist yn eigen lân - Reisverslag uit Kisléta, Hongarije van Familie Meer - WaarBenJij.nu Toerist yn eigen lân - Reisverslag uit Kisléta, Hongarije van Familie Meer - WaarBenJij.nu

Toerist yn eigen lân

Door: webmaster

Blijf op de hoogte en volg Familie

30 Augustus 2011 | Hongarije, Kisléta

Doe't we foarige wike snein wer thús wienen, soenen we Ricsi ophelje mar hy wie siik. Lêst fan de kiel, net slim mar neffens de direktrise is hy ek hiel bang dat er itselde krijt as syn broer. De earste dagen koe er net mei mar we hawwe him no al wer twa kear ophelle omdat it ek wol belangryk is dat er wat ôflieding hat.
Sneintejûn is Syds oankommen en we hawwe de ôfrûne wike toerist west yn eigen lân, sa fielt it teminsten want we hawwe hast oeral al in kear earder west.
Moandei hat Syds in rûnlieding krigen yn it tehûs en hienen we besite fan Robi en de studinte. Foar tiisdei stie Sarospatak op it programma, hjir stiet in âld kastiel fan de famylje Rákóczi. Dizze famylje stiet symboal foar de Hongaarske ûnôfhinklikheid. Tomtom bepaalde de route en dy stjoerde ús oer frjemde dykjes (snústerich, neffens Syds). We kamen sels by de Tizsa telâne en moasten dêr mei in pont oer. It wie wat in houtsje toutsje ding mar hy is net sonken. Dit wie wol wer in moaie ûnderfining. Op de weromreis even yn Tokaj west. Hjir troffen we ús Dútske kunde. Op it terras even bypraten en ôfspraken makke foar it tehûs.
Woansdei hienen we in rêstdei ynpland en tongersdei hawwe we swommen yn Miskolctapolca, hjir is in swimbad yn de bergen. Weromriden troch it Bükkgeberchte en Eger.
Freed hawwe de fammen en ik mei Syds nei Máriapócs en Nyirbátor west om de tsjerken te besjen. Juster wie de puszta oan bar. We troffen it want it wie de ôfsluting fan it heechseizoen. Der wie in grutte merk en de ruters en de okseweinen kamen del yn in optocht. De middeis mei hynder en wein oer de puszta west. Dit bliuwt moai!
Syds woe graach nei de tsjerke yn Debrecen mar dy wie ticht fanwegen in brulloft, spitich! Yn Bocskaikert echt Hongaarsk iten. In grutte skaal mei ferskillende soarten fleis, ierappeltsjes en slaad en Syds hat somloi hân. Dit is echt hearlik, cake mei slachrjemme, likeur en sûkeladesaus.
Jelle hat noch even snoad west, hy woe noch wat pinne mar hie ien nul tefolle yndrukt. No hienen we yn plak fan 10.000 forint, 100.000 opnommen. Lokkich moatte we it tehûs de hier en it middeisiten noch betelje, dan binne we wer wat kwyt. Hy hat yn elts gefal even ryk west :)
Snein noch in kear te swimmen west yn Nyirbátor.
Tuskentroch even de kadootsjes yn it "blijf van mijn lijf huis" yn Nyíregyháza brocht. De belleblaas fûnen se machtich! Moai om dy blide gezichten te sjen.
Syds is no wer fuort, ik leau wol dat er it moai hân hat. Hy moast allinne wat wenne oan de skerpe bochten hjir en de spoarwei oergongen mei allinne mar ljochten :)
Juster en hjoed drok oan it ynpakken en skjinmeitsjen west. Fannemiddei wie der noch in foarstelling foar de bern yn it tehûs. Hjir hawwe we ek even sjoen. As ik dan sa'n seal binnenkom, fiel ik my krekt de keninginne. Se wolle allegearre in hantsje jaan en wat sjen litte. De foarstelling wie moai, it is in tankber publyk! Omdat it ienfâldich wie, wie it foar ús ek aardich te folgjen. Dêrnei ôfskie nommen fan Ricsi en de oare bern, dat wie minder leuk.
We wienen útnoege troch de mem fan in freondintsje fan de froulju om dêr pankoeken te iten. We hawwe trije oeren Hongaarsk praten, dat giet best goed. Doe noch wat spullen by Robi brocht en no aansen gau op bêd. Moarn betiid derôf om de lêste dingen te dwaan.
Leuk dat jimme ús wer folge hawwe en oant in oare kear!

  • 30 Augustus 2011 - 21:04

    Dora:

    It wie wer in hiele aardichheid om jim berjochten te lêzen. Ik hie noch net earder reagearre mar by dizze in hiel goede reis tawinske op wei nei Mantgum.
    Groetnis, Dora

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Verslag uit: Hongarije, Kisléta

Mijn eerste reis

Recente Reisverslagen:

24 Augustus 2017

Útstapkes

21 Augustus 2017

Alle doazen binne fuort.

15 Augustus 2017

Rûnbringen 2017

31 Augustus 2016

In 'ongenode gast'

21 Augustus 2016

Even byprate
Familie

In december reizen wij met het hele gezin naar Hongarije. De bedoeling is dat wij hier 8 maanden vrijwilligerswerk in een kindertehuis gaan doen.

Actief sinds 29 Sept. 2009
Verslag gelezen: 1283
Totaal aantal bezoekers 211612

Voorgaande reizen:

28 December 2009 - 22 Augustus 2010

Mijn eerste reis

Landen bezocht: