Feije syn fuotbaldebút - Reisverslag uit Kisléta, Hongarije van Familie Meer - WaarBenJij.nu Feije syn fuotbaldebút - Reisverslag uit Kisléta, Hongarije van Familie Meer - WaarBenJij.nu

Feije syn fuotbaldebút

Door: webmaster

Blijf op de hoogte en volg Familie

28 Maart 2010 | Hongarije, Kisléta

Feije hat ôfrûne moandei syn fuotbaldebút hân. In kollega har jonkje sit op fuotbal yn Nyirbátor en se frege oft Feije it ek leuk fûn. We hawwe lêsten in kear sjoen en it liek him wol goed ta. Stêd en lân ôfreizge om sokke lytse fuotbalskuontsjes te finen mar it is slagge. De earste kear dat er meidwaan soe, hie er koarts mar ôfrûne moandei koe it dan wêze.
Jelle brocht him yn de seal nei de wedstrydsjeman (trainer) en de oare jonges. Se moasten earst in tikspultsje dwaan. Feije gong stean mei de hannen yn de bûse en hat it ris rêstich besjoen. Wy hawwe ús de bûsen útskuord!
Doe't it jonkje fan myn kollega him meinaam, gong it better. Se draafden hân yn hân troch de seal en tikken sels de oare tikkers!
Doe stienen der lytse wedstrydsjes op it programma. De twa pjutten hawwe omraak draafd mar krigen gjin kâns om de bal te reitsjen, de oaren binne folle grutter en âlder. Boppedat wurke de bal ek net mei, aldus Feije.
Ta beslút moasten se penaltys nimme. Hy stie foar de bal (al wer mei de hannen yn de bûse) en hat omraak skopt.
Freed mocht er wer mar diskear hat er gjin stap setten. Syn freontsje wie der net en hy is noch hieltyd net hielendal fit. Oare kear wer better.
De fammen hawwe nije wike foarjiersfakânsje en Feije moat eins wol nei skoalle. Mar wierskynlik bliuwt hy ek thús omdat er noch altyd hoastet. Hiel ferfelend!
Dan kin er no Jelle moai fermeitsje mei syn útspraken. De earste miggen binne al wer sinjalearre en no wol Feije om in klappermich út. Fannemoarn hienen we it oer fiif jier lyn, doe't Feije noch yn de búk siet. 'Wie myn koes dêr ek, mem?' Hy kin der soms moaie bykomme.
Jelle is dus dizze wike thús. Ik haw al in hiel skoalprogramma klear foar de froulju en Jelle is no even de master. Binne se bliid mei :)
Ik sil wol oan it wurk en middeis kinne we dan wat leuke dingen dwaan. Woansdei hawwe se yn it tehûs in peaskefiering, dêr moatte we yn elts gefal hinne.
Fannemiddei hat der in jonkje west út it tehûs en dizze jilde foar wol trije. We hienen de hannen fol mar hy fûn it prachtich. Krekt noch even nei Jelle swaaid. Hy wie mei ien fan de bewakers mei yn in sweeffleantúchje. We stienen te praten, de man stelde it foar en tsien minuten letter wie it regele. It kin hjir allegearre!

  • 28 Maart 2010 - 16:49

    Elly:

    Maar goed oefenen met de bal feye dan werkt de bal ook beter mee.
    Fijne vakantie met zijn allen en geniet van jullie bezoek.

    groetjes Elly

  • 28 Maart 2010 - 19:39

    Tryn:

    Hoi allegeare, leuk zo'n grote voetbalheld in jullie midden. Wie weet is het wel de nieuwe van nistelrooy !. Voorjaarsvakantie ik dacht dat het in Hongarije nu al direkt zomer was , maar nee dus ook nog voorjaar. Heb je het huis al klaar voor de loge" s Rennie? Of moeten die hun eigen kamer inrichten ? Hier is alles prima , Conny is dit weekend in Boksum en we zijn wat bezig met onze reis naar Zuid Amerika. Groeten oan allegear ut it fiere Fryslan .

  • 28 Maart 2010 - 19:44

    Christian:

    Minsken,

    Wat aardich om sa fan jimme dwaan en litten op é hichte te bliuwen.
    De groetnis en noffelike peaskedagen tawinske fest.

    Christian

  • 29 Maart 2010 - 20:21

    Carla:

    Hoi familie Van der Meer,
    Ik kreeg van Janke deze link, wat leuk om te lezen! Ik ben blij dat alles goed gaat daar, ik ga vaker kijken hier op deze pagina's. Groeten van Bonne, Carla en Greta

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Verslag uit: Hongarije, Kisléta

Mijn eerste reis

Recente Reisverslagen:

24 Augustus 2017

Útstapkes

21 Augustus 2017

Alle doazen binne fuort.

15 Augustus 2017

Rûnbringen 2017

31 Augustus 2016

In 'ongenode gast'

21 Augustus 2016

Even byprate
Familie

In december reizen wij met het hele gezin naar Hongarije. De bedoeling is dat wij hier 8 maanden vrijwilligerswerk in een kindertehuis gaan doen.

Actief sinds 29 Sept. 2009
Verslag gelezen: 442
Totaal aantal bezoekers 212022

Voorgaande reizen:

28 December 2009 - 22 Augustus 2010

Mijn eerste reis

Landen bezocht: