Thús - Reisverslag uit Kisléta, Hongarije van Familie Meer - WaarBenJij.nu Thús - Reisverslag uit Kisléta, Hongarije van Familie Meer - WaarBenJij.nu

Thús

Door: webmaster

Blijf op de hoogte en volg Familie

22 Februari 2011 | Hongarije, Kisléta

Hoewol't it hjir yn Hongarije tige kâld is, is it krekt of stappe we yn in waarm bad.
We wienen snein om healwei twaen te plak en fansels hawwe we earst even by 'ús bern' sjoen.
Se wienen hiel bliid om ús te sjen. Woenen fansels fuortendaliks wol mei nei hûs mar dat komt fannewike noch.
Fierder wurdt der yn it hiele doarp nei ús tutere en hâlde minsken ús oan foar in praatsje.
De kollega's freegje allegearre oft it hûs wol waarm genôch is en oft we no fan 't simmer wol wer komme.
Yn Nyiregyháza hawwe we de earste bekenden al troffen en we hawwe ek al in kofjedrinker hân.
Koartsein: We binne wer hielendal thús en in wike is fierstente koart om alles te dwaan wat we graach dwaan wolle.

Juster gelyk in tal saaklike dingen regele. In ôfspraak makke mei Robi sadat we foar him wat dingen kopiearje kinne. Hy wol aansen graach yn Nederlân oan it wurk mar dan moatte der wol wat dingen regele wurde.
In besite brocht oan de wurkpleats om de kleden op de foto te setten. Der binne minsken dy't hjir nei fregen en dan kinne we de bestelling meinimme. Lokkich lei der al wer in hiele foarrie klear.
Woansdei sille we wat dingen oer de ferkeap beprate mei de direktrise.

De direktrise is ek o sa bliid dat we der wer binne. We hawwe juster oardeloere bypraten. Se hie lykwols net safolle goed nijs. It projekt om it park (nei de stoarm) op te romjen is útbesteed mar der wurdt net goed wurk levere. Dat wie ús ek al opfallen. It is wol in stik kealer mar der leit ek noch in protte troep. It moat noch altyd wenne dat it park der sa byleit.
Fierder hawwe se krekt drege petearen achter de rêch. Der moatte hjir 19 minsken út, yn it hiele komitat binne dat der 250. In tryste saak omdat der hjir al safolle wurkleazens is.
En dan it nijs dêr't we it measte fan skrokken binne. Se fertelde ús dat der foarige wike wat slims bard wie. De man fan Nelly is hastich ferstoarn, noch mar 38 jier âld.
Yn maaie hawwe har heit en mem hjir noch west. We woenen doe har ek graach treffe mar dat slagge net. We hienen krekt sein dat we fan 't simmer wol even by har del moasten.
De direktrise fertelde ús dat de bern him fûn hienen yn de badkeamer, it wie wierskynlik in hartinfarct. Der wurdt seksje ferrjochte, de begraffenis is dêrom ek nije wike as wy al wer yn Nederlân binne.
Ik haw justerjûn besocht om kontakt te krijen mei Lilla, har nicht. Dy wie ûnderweis sei har heit. Hy koe it berjocht befestigje mar de kommunikaasje gong wat lestich yn heal Hongaarsk en in bytsje Dútsk. We sille jûn in mail stjoere oan de famylje. Want ik tink net dat se no op in besite fan ús sitte te wachtsjen.
We hoopje dat we letter fannewike wat aardiger dingen te fertellen hawwe.

Hjoed in dei nei Debrecen om te winkeljen. En fansels moatte we wol even de toerist úthingje. Jelle sil moarn oan it wurk yn de wasserette. Jim begripe al dat ek hy bot ûnwennich west hat :)

Groetnis fan ús allegearre!

  • 22 Februari 2011 - 19:05

    Van Der Meertjes:

    hallo allemaal,
    tsjonge,jonge wat een verhaal.
    fijn dat jullie je daar weer zo thuis voelen.ook af en toe effe slikken bij zulke rare berichten .
    we wensen jullie toch een fijne week,genieten.
    leafs us.

  • 23 Februari 2011 - 09:17

    Pasma's Ut St. Anne:

    Hoi familje,
    moai dat jimme goed oankommen binne en jim fuort wer thus fiele, dat kin ek hast net oars, want jim binne ek hjir yn Fryslan, altyd warber en yn tinzen by de minsken der. Jammer dat je dan ek fuort daliks wer mei minder moaie berjochten konfronteard wurde. In wike is dan fiersten te koart, mar ik tink dat it de minsken der hiel goed docht, dat jim der wer binne, dat se sjoche en fiele dat jim harren net ferjitten binne en der noch altyd foar harren binne. In goeie tiid tawinsske, sjoch jim hjir wer yn Fryslan

  • 25 Februari 2011 - 08:02

    Trijntje:

    Hoi allegear, terug van een weekje Curacao ook even de berichten op waar ben jij bijlezen. Maar een week weg en toch is er al weer van alles gebeurt. Geniet daar maar dat komt vast goed en een goede terugreis.

  • 25 Februari 2011 - 09:46

    Heit:

    Hoi Jelle, Renske en bern. Moai dat jim dêr wer sa thús binne. En ja, in wike is wol koart, mar hawar, de simmerfakânsje duorret langer, dat dan kinne jimme ôfmeitsje wat jim no net oan tiid hawwe. In raar berjocht oer Nelly har man, sa jong noch. Winskje har mar sterkte. Alfêst in goede weromreis winske en oant sjen yn Boksum of Mantgum.

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Verslag uit: Hongarije, Kisléta

Mijn eerste reis

Recente Reisverslagen:

24 Augustus 2017

Útstapkes

21 Augustus 2017

Alle doazen binne fuort.

15 Augustus 2017

Rûnbringen 2017

31 Augustus 2016

In 'ongenode gast'

21 Augustus 2016

Even byprate
Familie

In december reizen wij met het hele gezin naar Hongarije. De bedoeling is dat wij hier 8 maanden vrijwilligerswerk in een kindertehuis gaan doen.

Actief sinds 29 Sept. 2009
Verslag gelezen: 425
Totaal aantal bezoekers 212016

Voorgaande reizen:

28 December 2009 - 22 Augustus 2010

Mijn eerste reis

Landen bezocht: