Wolkom thús - Reisverslag uit Mantgum, Nederland van Familie Meer - WaarBenJij.nu Wolkom thús - Reisverslag uit Mantgum, Nederland van Familie Meer - WaarBenJij.nu

Wolkom thús

Door: webmaster

Blijf op de hoogte en volg Familie

23 Augustus 2010 | Nederland, Mantgum

De weromreis is goed ferrûn. Freed om 8.30 fuortriden út Kisléta (wol wat trientsjes litten noch). De bern wienen leaf, we koenen moai trochride.
Ik seach it earst wol somber yn. De bern hawwe altyd in snoepbakje achteryn dêr't se de hiele dei mei dwaan moatte, dan hoege wy net hieltyd geseur om in snoepke oan te hearren. Mar Feije hie fansels om 10.30 alles al achter de knopen. De folgjende deis hat er dit record sels ferbettere! Mar ik moat tajaan: Hy hat dêrnei net seurd om mear snoep.
De earste nacht yn Meggenhofen, Eastenryk trochbrocht. De ûntfangst wie net sa geweldich. Wy binne fansels bedoarn troch de freonlike Hongaren. Mar de keamer wie prachtich en ik wie bliid dat we út auto koenen. Ik wie nochal mislik it lêste stikje.
De oare deis in protte 'baustelles' en files. Bale!!! Hast gjin parkearplakken, rijen by de tankstations en rijen by de wc's. Gezellich :)
Twadde nacht yn Görgeshausen, Dútslân sliept. Mei fiif man op in trijepersoanskeamer. Mar goed dat ús bern net sa grut binne.
En juster koenen we lokkich wer aardich trochride. Earst noch even yn Wergea oanwest. Om 14.30 wienen we thús. In hiel hertlik wolkom. Der leinen allegearre kadootsjes op ús te wachtsjen, it hûs wie skjin, allegearre nije planten en blommen bûten en binnen. Dat is fijn thúskommen!

Fannemoarn de bern nei skoalle brocht. Se wienen wol wat senuweftich. Feije hie der o sa'n sin oan mar doe't we fuort soenen, fûn er it net sa geweldich mear. Juf hat him meinommen en doe binne wy nei hûs gongen. Der is al wer in protte útpakt en te plak.
It moat suver wer wenne yn ús eigen hûs. En we binne noch in bytsje ûnwennich fan alle minsken en it wurk yn Kisléta. Mar hooplik slyt dat nei in skoftke wol.

  • 23 Augustus 2010 - 13:02

    Pasma's Ut St. Anne:

    He beste minsken,
    wolkom thus. Ek hjir binne in protte minsken die't jimme mist hawwe en die't bliid binne dat jimme der wer binne. Ofskied nimme is altyd pynlik, hoopje dat jim allegear jim drai gau wer fine sille, sterkte en leafs ut St. Anne

  • 24 Augustus 2010 - 19:37

    Tryn:

    WOLKOM THUS

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Verslag uit: Nederland, Mantgum

Mijn eerste reis

Recente Reisverslagen:

24 Augustus 2017

Útstapkes

21 Augustus 2017

Alle doazen binne fuort.

15 Augustus 2017

Rûnbringen 2017

31 Augustus 2016

In 'ongenode gast'

21 Augustus 2016

Even byprate
Familie

In december reizen wij met het hele gezin naar Hongarije. De bedoeling is dat wij hier 8 maanden vrijwilligerswerk in een kindertehuis gaan doen.

Actief sinds 29 Sept. 2009
Verslag gelezen: 659
Totaal aantal bezoekers 212005

Voorgaande reizen:

28 December 2009 - 22 Augustus 2010

Mijn eerste reis

Landen bezocht: