Négy éves - Reisverslag uit Kisléta, Hongarije van Familie Meer - WaarBenJij.nu Négy éves - Reisverslag uit Kisléta, Hongarije van Familie Meer - WaarBenJij.nu

Négy éves

Door: webmaster

Blijf op de hoogte en volg Familie

14 Februari 2010 | Hongarije, Kisléta

Freed wie it Feije syn jierdei, fjouwer jier is er wurden. Omdat de bern sa betiid nei skoalle moasten, hawwe we it sneon fierd. Earst songen fansels en doe de kadootsjes útpakt. Fan ús hat er de kraan fan Duplo krigen. Fan Tjitske in puzzel, fan Ymkje in swurd en in skyld en fan pake en beppe in doaske ridderlego. Hy fûn it hartstikke moai, is al it hiele wykein oan it boartsjen.
Nei de kofje binne we nei Nyiregyhaza riden. Dêr hawwe we wat klusspul en oare dingen kocht foar it hûs. Nei it boadskipjen hawwe we út te iten west. De middeis hawwe we fansels taart iten, Feije hie in hiele moaie sûkeladetaart útsocht (in hart).
Der is al in hiele protte post kommen. Hy fynt it prachtich, seit alle kearen: Post, foar my??? Is dat hjir hielendal hinne kommen??? We hawwe begrepen dat der ek noch pakjes ûnderweis binne, dy hat er dan noch tegoede.
Letter op de dei noch even oan it himmeljen west. We dogge alle dagen wat en it begjint der no wat op te lykjen. De slimste smoargens is opdweile, de measte doarren binne skjin en it húske ûnder en de badkeamer binne ek fierhinne skjin. Jelle sil no besykje de grutte bult yn de flier fan de keamer fuort te krijen. Bin benijd oft it slagget.
De boufakkers fan it tehûs hawwe freed gipsplaten brocht, dy moatte tsjin de gatten wêr't de dakruten út misse boppe. As it sa trochgiet, kinne we freed de bêden nei de oare kant bringe. Dan kinne we sneon noch wat meubels helje en is it snein klear.
Foar de rêst soe dat wol fijn wêze. Dan hawwe we mear tiid foar it wurk yn it tehûs, mear tiid om it skoalwurk fan de fammen te begelieden en mear tiid om wat leuks te dwaan mei de bern.

  • 15 Februari 2010 - 06:32

    Hennie:

    wat in protte dingen dien yn ien wykein, ik kin my foarstelle dat alles wol hiel drok, leuk, dreech, utdaagjend ensf. is. Foarop stieti dat jimme dêr bliuwe en ik bin bliid dat it slagget.
    Feije moat wol hiel tefreden wêze, earne oars jierdei wêze hat ek sa syn foardielen.
    Ik bin net sa fan de kaartsjes ( och alwer fergetten ) mar fansels winskje ik him noch in protte wille yn syn fjierde jier.
    Oant in oare kear

  • 15 Februari 2010 - 13:07

    Tryn:

    Hoi allegeare, leuk om te lezen dat de verjaardag een succes was en inderdaad er is nog wat onbderweg met de post. Soms gaat het supersnel maar soms dus ook niet. Echt Hongarije volgens mij. Nog eventjes en dan zitten jullie helemaal te stoel en te bank en kan de visite maar komen. Hoe groot is dit huis ook alweer ?? Waren er niet tig logeerkamers??
    Succes met de rest van het schoonmaken (blij dat ik niet in de buurt woon) en de komende verhuizing. Groetjes en oant sjen Grutte

  • 15 Februari 2010 - 14:51

    Van Der Meertjes:

    hey hoi harde werkers,

    dus leuke verjaardag gehad feije!! .wat een werk daar in jullie weer andere huis,mooi dat het einde in zicht is ....dan eindelijk lekker gaan doen waar jullie er eigenlijk voor zijn.
    succes nog en een dikke knuffel van ons

  • 17 Februari 2010 - 19:32

    Fam Rienstra :

    Hallo allemaal,

    In de schoolkrant lazen we dat jullie een website hebben. Alle verhalen gelezen. Wat een avontuur weer. Het loopt nooit zoals je denkt.
    Onze familie die naar Zambia is, was vorige week een weekje terug vanwege een sterfgeval in de familie. Ze zijn inmiddels weer terug in het hete Zambia. Jullie verhalen zijn vergelijkbaar! Het lange wachten etc. We zijn benieuwd wat jullie kunnen betekenen voor de kinderen in het tehuis.
    Heel veel succes met alles!

    Hartelijke groet uit Mantgum van Suzan, Jacob, Aline en Lucas Rienstra

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Verslag uit: Hongarije, Kisléta

Mijn eerste reis

Recente Reisverslagen:

24 Augustus 2017

Útstapkes

21 Augustus 2017

Alle doazen binne fuort.

15 Augustus 2017

Rûnbringen 2017

31 Augustus 2016

In 'ongenode gast'

21 Augustus 2016

Even byprate
Familie

In december reizen wij met het hele gezin naar Hongarije. De bedoeling is dat wij hier 8 maanden vrijwilligerswerk in een kindertehuis gaan doen.

Actief sinds 29 Sept. 2009
Verslag gelezen: 237
Totaal aantal bezoekers 212024

Voorgaande reizen:

28 December 2009 - 22 Augustus 2010

Mijn eerste reis

Landen bezocht: